Tsjalling Minne Watze baron van Asbeck (Ljouwert, 16 jannewaris 1795 - 24 febrewaris 1855) stie yn tsjinst fan de Frânsken en makke as luitenant by de kurassiers de fjildtocht nei Ruslân (1812) en ek de Tsiendeiske Fjildtocht. Wie teffens keamerhear yn bûtengewoane tsjinst fan kening Loadewyk Napoleon.

Hy bewenne yn 1836 Herema State yn It Hearrenfean mei syn frou Elbrich Bienema (1796-1866); sy hienen ien bern, Gerrit Ferdinand Baron Van Asbeck (1820-1905). Letter ferhuzen se nei Feanwyk yn Aldskoat. Hy wie grytman fan Himmelumer Aldeferd tusken 1844 en 1853 en lid fan Provinsjale Steaten fan Fryslân.

Kategory:Frysk ofsier Kategory:Frysk militêr yn de Napoleontyske Oarloggen Kategory:Frysk politikus Kategory:Grytman fan Himmelumer Aldefurd Kategory:Lid fan de Steaten fan Fryslân Kategory:Fryske adel Kategory:Persoan berne yn Ljouwert Kategory:Persoan stoarn yn Fryslân (stjerplak ûnbekend) Kategory:Persoan berne yn 1795 Kategory:Persoan stoarn yn 1855 Kategory:Skiednis fan It Hearrenfean