thumb|left|Altona yn 1850 thumb|260px|Altona (Hamburch) Altona is it westlike distrikt fan de stêd Hamburch yn Dútslân oan de rjochterouwer fan de Elbe. It hat in lytse 250.000 ynwenners (2006).

Ut de skiednis Altona waard stifte yn 1535 as fiskersdoarp. Yn 1664 krige it stedsrjochten fan Freark III fan Denemark. Oant 1864 wie Altona ien fan de wichtichste Deenske havenstêden. It earste Deenske spoar, fan Altona nei Kiel waard iepene yn 1844. Yn 1867 waard Altona diel fan Prusen. Yn 1938 waard it opnaam yn de stêd Hamburch neffens de Grut-Hamburchwet. It makket noch altiten diel út fan dizze hânzestêd dy't ek in eigen dielsteat foarmet. De namme komt boppedat noch foar yn it treinstasjon Hamburg-Altona. Op 17 july 1932 kaam Altona yn it nijs troch in gewelddiedige rebûlje, de Bluodderige Snein fan Altona, tusken nazys en kommunisten dat oan 18 minsken it libben koste hat.

Ynwennertaltal Jier Ynwenners 1537 60 1600 250 1620 1.500 1650 2.500 1664 3.000 1710 12.000 1769 18.050 1789 22.600 1803-02-13 23.114 1835-02-01 26.393 Jier Ynwenners 1840-02-01 28.095 1845-02-01 32.200 1855-02-01 40.626 1860-02-01 45.524 1864-12-03 53.039 1867-12-03 67.400 1871-12-01 74.100 1875-12-01 84.097 1880-12-01 91.047 1885-12-01 104.719 Jier Ynwenners 1890-12-01 143.249 1895-12-02 148.944 1900-12-01 161.501 1905-12-01 168.320 1910-12-01 172.628 1916-12-01 145.748 1917-12-05 144.052 1919-10-08 168.729 1925-06-12 185.135 1933-06-16 241.970 Jier Ynwenners 1988-12-31 232.567 1990-12-31 239.231 1992-12-31 242.536 1994-12-31 242.407 1996-12-31 240.086 1998-12-31 237.243 2000-12-31 240.102 2002-12-31 241.179 2004-12-31 241.352 2006-12-31 243.972

Berne yn Altona Carl Reinecke (1824-1910), komponist, dirigint en pianist Axel Springer (1912 -1985), sjoernalist en útjouwer

Kategory:Wyk yn Hamburch