De Akte Frysk Middelber Underwiis is ynsteld troch de Fryske Akademy en jildt sûnt 1955 as in ryksakte. It program en de eksameneasken binne fêststeld by Keninklik Beslút 542 fan 8 desimber 1955.
De easken foar it krijen fan dizze akte en de hjiroan keppele foegen rinne lykop mei dy foar oare moderne talen. De Akte A omfettet hjoeddeiske taal en literatuer. De B-Akte freget kennis fan it Goatysk en Latyn en stúdzje fan de histoaryske taal- en letterkunde. Ta de aktebesitters hearre ek minsken fan bûten it ûnderwiis. De oplieding bart troch de Noardlike Leargongen fan de Fryske Akademy.
Kategory:Frysk Kategory:Underwiis yn Fryslân