thumb|Klaas Jaspers van den Akker

Klaas Jaspers van den Akker (Wier, 1 maart 1864 – Berltsum, 22 oktober 1943) wie in bouboer fan Berltsum.Berte-akteDea-akte Hy wie in soan fan Jasper Leenderts van den Akker (1827–1896) en Grietje Klazes Schat (1831–1905)."Klaas Jan van den Akker werd 100 jaar geleden geboren", Ljouwerter Krante, 28 febrewaris 1964

Van den Akker wie lang haadbestjoerslid fan de Fryske Maatskippij fan Lânbou. Hy wurdt beskôge as in pionier fan it lânbouhúshâldûnderwiis yn Fryslân. Hy wie auteur fan it twadielige Van de Mond der oude Middelzee út 1934 en 1940."Van den mond der oude Middelzee" (1934) yn Delpher"Van den mond der oude Middelzee" (1940) yn Delpher De boekenrige is ferskate kearen werprinte en stiet bekend as in standertwurk oer it âlde boerelibben yn Fryslân."Gedetailleerd beeld Friese boerenleven blijft onovertroffen", Ljouwerter Krante, 23 septimber 1989

Yn 1937 waard hy beneamd ta Ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau.Kanselarij der Nederlandse Orden: gedecoreerden, 1815-1993 Hy stoar op 22 oktober 1943 yn 'e âldens fan 79 jier en waard op 27 oktober begroeven yn syn berteplak."K.J. van den Akker, overleden", De Hepkema, 27 oktober 1943"K.J. van den Akker forstoarn", Friesche Courant, 27 oktober 1943"Begrafenis K.J. van den Akker", Friesche Courant, 28 oktober 1943

Kategory:Frysk boer Kategory:Frysk lânboukundige Kategory:Frysk publisist Kategory:Frysk bestjoerder Kategory:Persoan berne yn Wier Kategory:Persoan stoarn yn Berltsum Kategory:Persoan berne yn 1864 Kategory:Persoan stoarn yn 1943