De Tasmansee (Ingelsk: Tasman Sea) is in rânesee fan de Grutte of Stille Oseaan. De see leit tusken de Australyske dielsteaten Nij-Súd-Wales, Fiktoaria en Tasmaanje yn it westen en Nij-Seelân yn it easten. Yn i tnoardwesten fan dizze see leit it eilân Lord Howe, dat ta Austraalje heart. Yn it noarden grinzget de see oan de Koraalsee. De Tasmansee is ferneamd nei de Nederlânske ûntdekkingsreizger Abel Tasman.
Kategory:Rânesee fan de Grutte Oseaan Kategory:See yn Oseaanje Kategory:Wetter yn Austraalje Kategory:Wetter yn Nij-Seelân