Antonius Nicolai fan Wassenaar (Dokkum? - ± 1600) wie in pastoar en herfoarmer.
As pastoar yn Hegebeintum hinge er al jong oer nei de herfoarming. Sadwaande moast Nicolai yn 1554? flechtsje nei East-Fryslân. Yn 1566 kaam er werom nei Fryslân en hâlde syn earste herfoarme preek yn Ljouwert. Hy tsjinne ferskate Fryske herfoarme gemeentes hy wie ien fan de grûnlizzers fan de Fryske Herfoarme Tsjerke.
Kategory:Frysk pastoar Kategory:Roomsk-katolyk preester Kategory:Frysk predikant Kategory:Frysk balling Kategory:Persoan berne yn Dokkum Kategory:Persoan stoarn yn Fryslân (stjerplak ûnbekend) Kategory:Hegebeintum Kategory:Persoan berne yn de 16e iuw Kategory:Persoan stoarn yn 1600