thumb|right|Stoomgemaal Arkemheen. It Stoomgemaal Arkemheen (foarhinne 'Stoomgemaal Hartoch Reijnout') stiet yn de polder Arkemheen by Nijkerk. It is yn 1882 boud om in gebiet fan sa'n 3.000 ha te bemeallen. It die tsjinst oant 1983, doe't in elektrysk gemaal de funksje oernaam. Dit stoomgemaal is it ienige noch wurkjende gemaal mei bûtenskeprêden. Yn 1996 en 1998 hat it gemaal noch meidraaid, doe't it elektryske gemaal alle wetter út de Arkemheenpolder net hurd genôch fuortpompe koe.

thumb|Gemaal thumb|Skeprêd thumb|Tsjettel It gemaal wie foarhinne nei hartoch Reijnout II fan Gelre (berne 1295 – ferstoarn yn Arnhim op 12 oktober 1343) neamd, dy't tusken 1326 en 1339 greve fan Gelre wie en tusken 1339 en 1343 hartoch fan Gelre. Dy hartoch hat yn 'e midsiuwen in soad dien om it gebiet te beskermjen tsjin de Sudersee. Dat die er bygelyks troch it fersterkjen en oanlizzen fan diken.

Yn 1985 is it gemaal restaurearre; sûnttiid is it geregeld iepen foar it publyk. Sa'n 12 mealdagen yn it jier wurdt it gemaal ûnder stoom brocht. Yn 2007 krige it gemaal in nije stoomtsjettel. It tsjettelhûs fan it gemaal kin ek ynrjochte wurde as restaurant foar selskippen.

Yn 'e âlde koaleloads njonken it gemaal sit no it besikerssintrum Arkemheen, mei in soad ynformaasje oer de polder Arkemheen, dy't ûnder oare oanwiisd is as fûgelreservaat.

Njonken it moderne gemaal oan 'e Seedyk om de polder Arkemheen stiet de ûnderbou fan de eardere wynwettermûne, dy't yn 1874 troch bliksemynslach ôfbaarnde. Yn 1883 waard de ûnderbou ferboud ta masinistewenning; it is no in partikulier wenhûs.

Technyske gegevens boujier stoommasine: 1882 fabrikant stoommasine: Bakker en Rueb Breda fermogen: 110 pk ynhâld stoomtsjettel: 8000 liter kapasiteit tsjettel: 1200 kilo stoom yn it oere wetterferpleatsing skoeperêden: 260 m³ yn it oere skoarstienhichte: 28 meter te bemeallen oerflak: ± 3000 ha.

Keppeling om utens Webstee Stoomgemaal Arkemheem

Kategory:Gemaal yn Gelderlân Stoomgemaal Arkemheen Kategory:Bouwurk út 1882 Kategory:Ryksmonumint yn Gelderlân