thumb|300px|right|Rokoko-ynterieur (Ottobeuren)
Rokoko is in Europeeske stylperioade dy't duorre fan ±1720 oant ±1775. De namme is in gearfoeging fan it Frânske rocaille, in asymmetrysk skulpmotyf dat yn de 18e iuw fûn wurdt yn benammen tapaste keunst, en it Italjaanske barocco, dat barok betsjut.
Rokoko ûntstie yn Frankryk en wreide him foaral út nei Súd-Dútslân. Om 1760 hinne krijt men syn nocht fan dizze frivoale styl dy't dan wer plak meitsje moat foar in ta nij libben kommend klassisisme.
Dekoraasje Asymmetry is in wichtich Rokoko-skaaimerk, de klam leit op sierlikens en it leaflike- loftige karakter. It kleurgebrûk is út soarte sêft, faak yn pasteltinten.
Wat dekoraasje oanbelanget wurdt de Barok fuortset yn de Rokoko, mar it wurdt fragmintarysker en lytsskaliger. Monumintaliteit makket plak foar lossere foarmen, fleurigens en frivoliteit; de ûnderwerpen wurde minder earnstich. Dit falt tagelyk mei in minder strange sosjale en morele koade yn de doetiidske mienskip, alteast yn de boppelaach.
Muzyk Yn de muzykskiednis is Rokoko de styl dy't fuortkaam út de Barokmuzyk. Rokoko hat yntime keamermuzyk, tige ferfine opkreaze. Bekende rokoko-komponisten wienen: Johann Christian Bach Carl Philipp Emanuel Bach Louis-Claude d'Aquin Wolfgang Amadeus Mozart Jean-Philippe Rameau
Literatuer : Rococo in Nederland
Keppelings om utens Foarbylden Rokoko yn de "History of Art"
Kategory:Boustyl Kategory:Keunststreaming Kategory:Klassike muzyk Kategory:Skilderstyl Kategory:Stylperioade