thumb|200px|Bernhardus Buma thumb|200px|Wiardus Willem Buma thumb|200px|Bernhardus Hopperus Buma Buma is in Nederlânsk patrysjerslaach ôfkomstich út Fryslân, lykwols net allegearre fan deselde stam.

Beskriuwing Bekend is it laach út Dearsum, dêr't ien fan de namme Buma oannimt fan syn frou. Dêr binne Gerlacus Buma (1732 - 1807), Bernardus Buma en Wiardus Willem Buma út fuortkaam., Encyclopedie van Friesland, 1958. Buma

By Weidum leit it partikuliere begraafplak fan de Fryske Buma's. De pleats yn de omkriten hie it hôf op 'e noed en de pachtopbringst waard brûkt foar it ûnderhâld. Op de homeie fan it hôf steane de liuwen fan it laach Buma en it laach Hora Siccama. As stifters fan dit tsjerkhôf kinne Rolina Hora Maria Siccema en har man, Bernhardus Buma (1770-1838), beskôge wurde.

Yn 1839 kaam it tsjerkhôf yn famyljebesit, eigner waard harren soan Mr. Wiardus Willem Buma (1802-1873) troud mei Maria de With (1803-1878). Harren soan Bernhardus (1826-1892) naam de namme Hopperus Buma oan Keninklik Beslút. d.d. 3 novimber 1867 nr. 140 en waard dêrtroch de stamheit fan it laach Hopperus Buma. In oare soan, Sijbrand van Haersma (1830-1886), naam de namme Van Haersma Buma oan Keninklik Beslút. d.d. 30 jannewaris 1870 nr. 13 en waard sa de stamheit fan it laach Van Haersma Buma.

It falt op dat in protte leden fan dit laach wurken by it iepenbier bestjoer, justysje en de kriichsmacht. Harren grêven binne te finen op it famyljetsjerkhôf yn Weidum.Famyljebegraafplak fan de Buma's

Buma Bernardus Buma, grytman Wiardus Willem Buma (1802-1873), ûnder oare lid Provinsjale en Deputearre Steaten Wibo Bernhardus Buma (1807-1848), grytman fan Baarderadiel Bernhardus Jouke Buma (1835-1874), boargemaster fan Hemelumer Oldeferd en Noardwâlde

Van Haersma Buma Wiardus Willem van Haersma Buma (1868-1927), boargemaster en kantonrjochter Michiel van Haersma Buma (1951), boargemaster Sybrand van Haersma Buma (1965), keamerlid en boargemaster

Hopperus Buma Bernhardus Hopperus Buma (1826-1892), boargemaster fan Kollumerlân Wiardus Willem Hopperus Buma (1865-1934), boargemaster fan Hinnaarderadiel en luitenant skutterij J. C. Hopperus Buma, majoar fan de Huzaren en militêr sekretaris fan Prins Bernhard W.W. Hopperus Buma, boargemaster fan Dwingeloo en Warnsveld B.W. Hopperus Buma, kolonel fan de Keninklike Maresjesee A.P.C.C. Hopperus Buma, kommandeur Arts fan de Keninklike Marine, Ynspekteur Militêre Sûnenssoarch

Kategory:Nederlânsk patrysjerslaach Kategory:Weidum Kategory:Kollumerlân Kategory:Skiednis fan Fryslân Kategory:Frysk laach