Adie Lambertsz (Kollum?, 1521/1522 - Ljouwert, 27 maaie 1594) wie in keapman-boargemaster.
Lambertsz waard yn 1561 boarger fan Ljouwert. Hy wie keapman en herfoarmingsgesind. Hy waard boargemaster fan Ljouwert (1578-1586) en ferovere by it ferrie fan Rennenberg it Ljouwerter blokhûs.
Adie Lambertsz is de stamfaar fan it geslacht Adius en syn portret hinget yn it Frysk Museum. Syn biedwurd wie nei alle gedachten: It is mei sizzen net te dwaan.
Kategory:Frysk keapman Kategory:Frysk politikus Kategory:Boargemaster fan Ljouwert Kategory:Persoan berne yn Kollum Kategory:Persoan stoarn yn Ljouwert Kategory:Persoan berne yn 1521 Kategory:Persoan berne yn 1522 Kategory:Persoan stoarn yn 1594