De houtsnip (Scolopax rusticola) is in fûgel út de famylje fan 'e snipfûgels, dy't yn boskgebieten nestelet. De houtsnip wurdt ek wol ûlekop of wâldsnip neamd.

Ferskining thumb|thumb|left|Houtsnip yn Tailân. Dizze 33 oant 38 sm lange snip is in rûne en kompakte fûgel mei in lange en rjochte snaffel fan likernôch 7 sm. De spanwiidte is 56 oant 60 sm en hy weaget 300 gram. Hy hat likernôch it formaat fan in hôfdo. Op 'e boppedielen is de fûgel swarte, jiskegriis en readbrún; de ûnderkant is ljocht mei brune streken. Syn snaffel is fleiskleurich en hat in swarte punt. De eagen binne grut en steane fier nei efter, sadat de fûgel rjocht nei foarren en nei efter sjen kin. Fierder hat de fûgel swarte markearingen op 'e kop en nekke. De frijwat stompe wjukken binne swartbrún mei readbrune en brúngiele dwersplakken. De sturt is swart mei readbrune dwersplakken en in grize punt. De poaten binne brúngriis en de hiele ûnderpoat is befearre.

Fersprieding De soarte komt yn in grut part fan it paleärktysk gebiet foar, mar net yn it hege noarden en de noardlike dielen fan Sibearje. It briedgebiet leit fan it westen fan Europa ynklusúf de Britske eilannen oant Ruslân. Likernôch in tredde fan 'e wrâldpopulaasje briedt yn Europa, werfan't 90% yn Ruslân en Skandinaavje. De measte Europeeske en Aziatyske populaasjes binne trekfûgels en oerwinterje yn Súd-Europa en it suden fan Aazje, mar de Westeuropeeske fûgels binne mear stânfûgels. Yn oktober en novimber trekke de fûgels nei de wintergebieten. De migraasje nei de briedgebieten begjint yn febrewaris en yn maart en yn maaie komme se dêr oan.

Wat de foarkar foar biotoop oanbelanget is de houtsnip oars as oare famyljeleden. Dizze snipfûgel libbet benammen yn mingde- en leafbosken ûnder tichte strûken. It bosk moat in wiete boaiem ha en in tsjokke humuslaach; yn bosk op earme sângrûn komt de houtsnip net of hast net foar. Syn Nederlânske famyljeleden, it waarlamke en de haarsnip, libje yn in hiel oare biotoop, nammentlik oan 'e wetterkant fan lytse puollen en marren.

Nederlân Yn Nederlân binne houtsnippen it hiele jier te finen. De tichtste konsintraasjes binne yn Drinte, it easten fan it lân en it easten fan Noard-Brabân te finen. Yn Fryslân briedt de fûgel it meast op 'e eilannen en yn it súdeasten fan 'e provinsje en Gaasterlân. Winterdeis wurde de stânfûgels oanfolle mei wintergasten út Noardeast-Europa.

Hâlden en dragen thumb|left|Aaien fan Scolopax rusticola rusticola De houtsnip is de grutste snipeftige fan Nederlân. Hy libbet in skou en stil libben en lit him net faak sjen of hearre, allinnich yn it briedseizoen komt hy ta libben. Mei troch de tige goede kamûflaazjekleuren falt de fûgel net op. Hy is meast yn it healtsjuster en nachts aktyf.

It wyfke leit fjouwer griisreadgiele aaien mei leverbrune en jiskegrize plakken. Se wurde yn in kûltsje lein dat wurdt bedutsen mei blêd, strie of moas. De houtsnip libbet fan ynsekten, wjirms en lytse slakjes. Winterdeis foerazjearret de fûgel nachts.

De fûgel is hast allinnich yn 'e peartiid te hearren en bestiet út in sêft werhelle gnoarjend orr-orr-orr folge troch in heech psyp

Status De fûgel hat in grut ferspriedingsgebiet en in grutte populaasje mei in stabile ûntwikkeling. Oannommen wurdt dat de soarte net fan grutte bedrigingen te lijen hat. Dêrfandinne wurdt de soarte troch de Ynternasjonale Uny foar Natuerbehâld klassifisearre as net net bedrige (Least Concern, 2025). De wrâldpopulaasje wurdt tusken 11 en 16 miljoen folwoeksen fûgels rûsd (2021).

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Houtsnip Kategory:Lânseigen fauna yn Abgaazje Kategory:Lânseigen fauna yn Albaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Andorra Kategory:Lânseigen fauna yn Armeenje Kategory:Lânseigen fauna yn Azerbeidzjan Kategory:Lânseigen fauna yn Belgje Kategory:Lânseigen fauna yn Bosnje-Hertsegovina Kategory:Lânseigen fauna yn Bulgarije Kategory:Lânseigen fauna yn Denemark Kategory:Lânseigen fauna yn Dútslân Kategory:Lânseigen fauna yn Eastenryk Kategory:Lânseigen fauna yn Estlân Kategory:Lânseigen fauna yn Finlân Kategory:Lânseigen fauna yn Frankryk Kategory:Lânseigen fauna yn Fryslân Kategory:Lânseigen fauna yn Georgje Kategory:Lânseigen fauna yn Gibraltar Kategory:Lânseigen fauna yn Grikelân Kategory:Lânseigen fauna yn Guernsey Kategory:Lânseigen fauna yn Hongarije Kategory:Lânseigen fauna yn Ierlân Kategory:Lânseigen fauna yn Ingelân Kategory:Lânseigen fauna yn Itaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Jersey Kategory:Lânseigen fauna yn Kazachstan Kategory:Lânseigen fauna yn Kosovo Kategory:Lânseigen fauna yn Kroaasje Kategory:Lânseigen fauna yn Letlân Kategory:Lânseigen fauna yn Lychtenstein Kategory:Lânseigen fauna yn Litouwen Kategory:Lânseigen fauna yn Lúksemboarch (lân) Kategory:Lânseigen fauna yn Malta Kategory:Lânseigen fauna yn Man Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Masedoanje Kategory:Lânseigen fauna yn Moldaavje Kategory:Lânseigen fauna yn Monako Kategory:Lânseigen fauna yn Montenegro Kategory:Lânseigen fauna yn Nederlân Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Ierlân Kategory:Lânseigen fauna yn Noarwegen Kategory:Lânseigen fauna yn de Oekraïne Kategory:Lânseigen fauna yn Poalen Kategory:Lânseigen fauna yn Portegal Kategory:Lânseigen fauna yn Roemeenje Kategory:Lânseigen fauna yn San Marino Kategory:Lânseigen fauna yn Servje Kategory:Lânseigen fauna yn Sibearje Kategory:Lânseigen fauna yn Skotlân Kategory:Lânseigen fauna yn Sloveenje Kategory:Lânseigen fauna yn Slowakije Kategory:Lânseigen fauna yn Spanje Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Osseesje Kategory:Lânseigen fauna yn Sweden Kategory:Lânseigen fauna yn Switserlân Kategory:Lânseigen fauna yn Syprus Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjechje Kategory:Lânseigen fauna yn Turkije Kategory:Lânseigen fauna yn Wales Kategory:Lânseigen fauna yn Wyt-Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Algerije Kategory:Lânseigen fauna yn Bangladesj Kategory:Lânseigen fauna yn Birma Kategory:Lânseigen fauna yn Bûtan Kategory:Lânseigen fauna yn Egypte Kategory:Lânseigen fauna yn Fjetnam Kategory:Lânseigen fauna yn Iran Kategory:Lânseigen fauna yn Israel Kategory:Lânseigen fauna yn Japan Kategory:Lânseigen fauna yn Kambodja Kategory:Lânseigen fauna yn Laos Kategory:Lânseigen fauna yn Libanon Kategory:Lânseigen fauna yn Lybje Kategory:Lânseigen fauna yn Marokko Kategory:Lânseigen fauna yn Mongoalje Kategory:Lânseigen fauna yn Nepal Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Koreä Kategory:Lânseigen fauna yn Pakistan Kategory:Lânseigen fauna yn Palestina Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Koreä Kategory:Lânseigen fauna yn Tailân Kategory:Lânseigen fauna yn Tuneezje Kategory:Lânseigen fauna yn Yndia