Wytze Foppes Dongjuma (Doanjum, 16 septimber 1707 - Ljouwert, 8 febrewaris 1778) wie in timmerman, rekkenmaster en ynstrumintmakker.
Dongjuma lei him ta op de wis- en stjerrekunde, nei 1756 grif op astronomysk terrein. Hy reagearre op de kometeëangst út dy dagen en hie ynfloed op Eise Eisinga. Wytse Foppes wie útfiner fan de magneto- of fariometer en makke ferskate oare ynstruminten. Fierders skreau er meardere boeken.
Literatuer : Speculatie, wetenschap en vernuft. Fysica en astronomie volgens Wytze Foppes Dongjuma (1707-1778), instrumentmaker te Leeuwarden; Fryske Akademy, 1995 Review bei harvard.edu
Kategory:Frysk timmerman Kategory:Frysk ynstrumintmakker Kategory:Frysk astronoom Kategory:Frysk wiskundige Kategory:Persoan berne yn Doanjum Kategory:Persoan stoarn yn Ljouwert Kategory:Persoan berne yn 1707 Kategory:Persoan stoarn yn 1778