Hektor fan Sminia (Ljouwert, 5 desimber 1763 - 31 oktober 1816) wie in politikus en grytman.

Hektor fan Sminia beklaaide foar én nei 1795 foaroansteande posysjes. By de komst fan de kozakken yn Fryslân yn 1813 ferfong hy mei E.H. Bergsma as kommissaris-generaal de prefekt J. Verstolk. Letter waard Sminia grytman fan Idaarderadiel en lid fan de Twadde Keamer.

Kategory:Frysk amtner Kategory:Frysk politikus Kategory:Grytman fan Idaerderadiel Kategory:Prefekt fan in Frânsk departemint yn de Nederlannen Kategory:Politikus yn it Feriene Keninkryk fan de Nederlannen Kategory:Twadde Keamerlid Kategory:Fryske adel Kategory:Persoan berne yn Ljouwert Kategory:Persoan stoarn yn Fryslân (stjerplak ûnbekend) Kategory:Persoan berne yn 1763 Kategory:Persoan stoarn yn 1816