Willem Augustin (Amsterdam, 7 febrewaris 1923 - Snits, 31 oktober 2004) reedrider en alvestêdeleginde.

Libben Willem Augustin waard berne yn Amsterdam. Yn de rin fan de Twadde Wrâldkriich waard er omreden fan de Arbeitseinsatz nei Dútslân stjoerd te wurkjen. Nei de oarloch wurke er oant syn pinsjoen yn Amsterdam as metaalwurker. Hy wie in oertsjûge kommunist.

Hy waard ferneamd omdat er yn 1941 oer de Ofslútdyk fytste om mei te riden yn de Alvestêdetocht, neidat er de lêste trein fan Amsterdam nei Ljouwert mist hie. Augustin hat oan alle Alvestêdetochten sûnt 1941 meidien, mar ien net útriden. Hy hie acht krúskes.

Hy wie syn libben lang mei sport dwaande. Fan de iepening fan de Jaap Edenbaan ôf wie Willem Augustin, of foar Amsterdammers Ome Willem, dêr aktyf as reedrydtrener. Fierder die er oan boksen, oan fytsen en oan rugby, en letter oan rôltsjeriden.

Nei syn pinsjoen yn 1989 en it ferstjerren fan syn frou ferfarde er yn 1990 nei Hylpen. Hy wenne dêr tichtby it Earste Fryske Redensmuseum, dêr't er ek aktyf wie as frijwilliger. Syn ienige soan wie om 1977 ferstoarn.'Te Korte Benen', Ljouwerter Krante, 25 maaie 2002Hy wie stoppe mei de oare sporten, mar die hieltiid noch oan reedriden en rôltsjeriden, en wie dêrby hieltiid noch aktyf as trener. Augustin rekke twa wiken foar syn dea slim ferwûne by in ûngelok yn 'e hûs; hy rekke nei it Antoniussikehûs yn Snits, dêr't er op 'e âldens fan 81 jier ferstoar.

It Frysk Redenssmuseum wijde yn 2005 in tentoanstelling oan Augustin.Exposities, Ljouwerter Krante, 24 febrewaris 2005 Yn de Amsterdamske nij te bouwen wyk Laan van Spartaan is yn 2007 in strjitte nei Augustin neamd , de Willem Augustinstraat.

Kategory:Nederlânsk boufakker Kategory:Nederlânsk reedrider Kategory:Nederlânsk skeelerder Kategory:Nederlânsk bokser Kategory:Nederlânsk reedrydtrainer Kategory:Nederlânsk kommunist Kategory:Frysk boufakker Kategory:Frysk reedrider Kategory:Frysk skeelerder Kategory:Frysk bokser Kategory:Frysk reedrydtrainer Kategory:Frysk kommunist Kategory:Alvestêdetochtrider Kategory:Persoan dy't omkommen is by in fal Kategory:Nederlânsk persoan fan Frânsk komôf Kategory:Frysk persoan fan Nederlânsk komôf Kategory:Frysk persoan fan Frânsk komôf Kategory:Persoan stoarn yn Snits Kategory:Persoan berne yn 1923 Kategory:Persoan stoarn yn 2004