Jacob Noteman (Sittard of omkriten, om 1599)andrelehr.nl/gieters) wie in 17e iuwsk brûnsjitter út Ljouwert. Hy hie syn bedriuw yn de âlde tsjerke fan Nijehou yn Ljouwert dêr't syn foargonger en learmaster Hans Falck fan Neurenberch earder wurke hie. Yn 1650 is er nei Heidelberch, Dútslân, ferfearn. Hy waard yn Ljouwert opfolge troch Jurjen Balthasar.

Noteman makke ûnder oaren de lytse klok fan de Aldehou (1637) en levere yn 1642 tsien klokken foar de Sint-Jans Katedraal yn De Bosk. Fierders hawwe Jislum (1636), De Jouwer (1636), Hitsum (1637), de waach yn Dokkum (1637), Burdaard (1638), Westhem (1639), Boalsert (1640), Finkegea (1642), Ie (1642), Sonnegea (1644), Tersoal (1644), Terbant (1645), Skiermûntseach (1648) en it stedhûs fan Harns (1648) syn liedklokken.

Klokken (kar-út) Jier Plak Bouwurk Beskriuwing1636De JouwerJouster ToerDiameter 116,8 sm1637LjouwertAldehouDiameter 147 sm. Gewicht 2100 kg. Slachtoan Sis1.1637JislumKatarinatsjerkeDiameter 64 sm1637HitsumTsjerke fan HitsumDiameter 103 sm1637DokkumWaach1638SkerpenseelHerfoarme tsjerkeDiameter 66,5 sm1638BurdaardHerfoarme tsjerkeYn 1943 fan de Dútske besetter foardere1639WesthemBartholomeüstsjerkeDiameter 66 sm1641De BoskSint-JanskatedraalDiameter 209 sm. Gewicht 5750 kg, heart by de swierste klokken fan Nederlân1645 LúnbertKlokkestoelDiameter 88 sm. Gewicht 390 kg. De klok hat fan de Twadde Wrâldoarloch oant 2005 yn de Tsjerke oan de Fok hongklokkenstoelen.nl Luinjeberd1645EastereinMartinitsjerkeDiameter 130 sm1647AbbegeaGertrudistsjerkeDiameter 84 sm1648HallumGrutte of Sint-MartentsjerkeDiameter 120 sm1648HarnsStedhûs fan HarnsDiameter 95 sm. Gewicht 520 kg.1648MinnertsgeaMeinardstsjerkeBy de brân fan 1947 waard de klok skansearre en yn 1951 op 'en nij getten troch Van Bergen1649SkiermûntseachGrutte TsjerkeKlok wurdt net mear brûkt1649MolkwarSint-Lebuïnustsjerke Twa klokken: diameter 71 sm en 81 sm

Kategory:Nederlânsk brûnsjitter Kategory:Frysk brûnsjitter Kategory:Frysk persoan fan Nederlânsk komôf Kategory:Limburchsk persoan Kategory:Skiednis fan Ljouwert Kategory:Persoan berne yn 1599 Kategory:Persoan stoarn yn de 17e iuw