Gregorius Gregorii (Halle, Dútslân), ek wol Gregorius Gregorii Hallensis Saxoniae en Gregorius fan Hall, wie in brûnsjitter út Ljouwert. Hy wurke dêr fan 1602 oant 1611 ûnder oaren as klokke- en kanonnejitter foar de Steaten fan Fryslân. Dêrnjonken makke er liedklokken foar ferskate tsjerken yn Fryslân (9 hawwe syn sinjatuer) en Grinslân.
Kategory:Dútsk brûnsjitter Kategory:Frysk brûnsjitter Kategory:Frysk persoan fan Dútsk komôf Kategory:Skiednis fan Ljouwert Kategory:Persoan berne yn de 16e iuw Kategory:Persoan stoarn yn de 17e iuw