thumb|Besikers fan it festival|250px thumb|250px|Joe Cocker op Woodstock (1969) It Woodstock Music and Art Festival wie in rockfestival dat op 15, 16 en 17 augustus 1969 ta stân kaam op in greide fan de greidboer Max Yasgur yn Bethel, New York, sa'n 65 km bûten Woodstock. It hast legindaryske festival, ûnder it motto "three days of peace and music" (Trije dagen fan frede en muzyk), wurdt troch in soad minsken beskôge as it wichtichste muzykfeest ea.

Hoewol't tsien- oant tweintichtûzen minsken ferwachte waarden, kamen der úteinlik tsjin de 500.000 besikers, dêr't de measten gjin yntreejild foar betelle hiene. (Ek wiene der noch sa'n trije miljoen minsken ûnderweis nei it festival.) Dêrom moasten de organisatoaren der earst op tajaan, mar troch de plateferkeap en de ynkomsten fan de Woodstockfilm koe it langelêst dochs noch út.

Artysten Freed,15 augustus

Swami Satchidananda Richie Havens Sweetwater The Incredible String Band Bert Sommer Tim Hardin Ravi Shankar Melanie Arlo Guthrie Joan Baez

Sneon, 16 augustus Quill, 40 minuten, fjouwer songs Keef Hartley Band Country Joe McDonald John Sebastian Santana Canned Heat Mountain Grateful Dead Creedence Clearwater Revival Janis Joplin mei The Kozmic Blues Band Sly & the Family Stone The Who Jefferson Airplane

Snein, 17 augustus oant moandei 18 The Grease Band Joe Cocker Country Joe and the Fish Ten Years After The Band Blood, Sweat & Tears Johnny Winter optreden mei syn broer, Edgar Winter Crosby, Stills, Nash & Young Neil Young Paul Butterfield Blues Band Sha-Na-Na Jimi Hendrix

Keppelings om utens Woodstock Museum It Woodstock Projekt Radio Woodstock

Kategory:Muzykfestival yn de Feriene Steaten Kategory:Kultuer yn New York (steat) Kategory:Evenemint yn New York (steat) Kategory:Rock and roll Kategory:Barren yn 1969