Holkerveen is in doarp yn 'e gemeente Nijkerk yn 'e provinsje Gelderlân. It doarp is sûnt it jier 2000 troch nijbou tige groeid. Wylst it doarp yn 2004 noch 260 ynwenners telde, wie dat yn 2027 al tanommen ta 577 ynwenners. Foar de postbesoargong falt it doarp ûnder Nijkerkerveen.
Holkerveen ûntstie yn 'e 19e iuw troch de lizzing yn in feangebiet tusken Nijkerkerveen en Amersfoort. De earste bewenners bewennen kavels dy't heaks op it rivierke de Laak leine. Fan dêrwei waard it lân oanmakke. Nei de turfôfgraving waard de grûn omfoarme ta greide. De bebouwing waard tichter mei 't de bern fan 'e feanarbeiders hûskes op 'e kavels fan harren âlden setten.
Kategory:Plak yn Nijkerk