Fokker G.1 275px Rol Oanfalsjager Makker Fokker Untwerper Marius Beeling en Erich Schatzki Earste flecht 16 maart 1937 Yn tsjinst 1939 Ut tsjinst Tal makke 63 (1939–1940) Brûkers Loftfeartôfdieling, Luftwaffe thumb|left|Presintaasje fan de nije Fokker G.1 yn 1937 De Fokker G.I, Jachtkruser, wie in Nederlânske oanfalsjager, in middeldekker, dy't yn 1934 ûntwurpen waard troch de Fokker ûntwerpers ir. Marius Beeling en Dr.ir. Erich Schatzki. De earste flecht mei it prototype wie op 16 maart 1937.

It ûntwerp wie bysûnder troch de dûbele sturtbeammen en de swiere bewapening. By de presintaasje yn 1936 op de 15e Loftfeartsalon yn Parys wie de G. 1 in sensaasje.

Der waard in houtkonstruksje brûkt foar it middenstik fan de romp en de wjokken (in Fokker spesjaliteit), dy't ien gehiel wiene. Noas en sturtbeammen wiene fan aluminium en it oerbliuwende foarste rompdiel wie fan stiel. In gefal fan need koe de perspeks koepel ôfsmiten wurde om sa it tastel hurd ferlitte te kinnen.

Der binne twa ferzjes fan de G. 1 boud, de G.Ia mei Mercury-moters en de G.Ib mei Wasp-moters en 4 ynstee fan 8 masinegewearen yn de noas. De Fokker G.I en de Fokker D. XXI wienen by de Dútske ynfal op 10 maaie 1940 feitlik de ienichste tastellen dy't harren ridlik warre koene tsjin de Dútske jachtfleanmasines. Der binne in stikmannich fijanlike tastellen mei delhelle, foaral Junkers Ju 52's. Op dat stuit wiene 23 fan de 32 G. 1's ynsetber, mar in protte binne op de grûn al stikken sketten.

Technyske feiten

thumb|right|Fokker G.IA, replika fan hout thumb|Efterein romp Fokker G.IA Feiten Fabrikant    Fokker Boujier    1939-1940 Lingte    11,50 m Spanwiidte    17,14 m Hichte    3,40 m Fleugeloerflak    38,30 m² Oandriuwing    twa luchtkuolle 9-silinder-StjermotorsBristol Mercury VIII Sterkte    it stik 619 kW / 830 PS Heechste faasje;   475 km/o op 2750 m Krúsfaasje    355 km/o op 2750 m Stiichfermogen    yn 8 min nei 5.000 m8,9 min 7000 m Tsjinstplafond    9300 m Fleanberik    1400 km Leechgewicht    3323 kg Startgewicht    maximal 4790 kg Bemanning    2-3 Bewapening    acht fêste 7,9-mm-MGs yn de noasien beweechbere 7,9-mm-MG yn efterkoepel

Sjoch ek Focke-Wulf Fw 189 Messerschmitt Bf 110 Bristol Beaufighter

Keppeling om utens Polygoon sjoernaal Fokker G.1 film Stifting Fokker G.I G-1, Fokker Ofbyldings en fideo's fan de G.I op Dutch Aviation Untwerp fleanende replika Fokker G-1

Kategory:Nederlânske jachtfleanmasine Kategory:Nederlânske fleanmasine yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Fokker Kategory:Yntroduksje út 1937