Dornier Do X 275px Rol Ferkearsfleanmasine Makker Dornier Untwerper Claude Dornier Earste flecht 12 july 1929 Yn tsjinst Oktober 1930 Ut tsjinst Tal makke 3 (1928 - 1931) Brûker Deutsche Luft Hansa

thumb|right|275px|Dornier Do-X earne boppe de Baltyske see, 1930 De Dornier Do X wie yn 1929 de grutste, swierste en krêftichste fleanboat doe't er út de Dornier-fabryk yn Dútslân rôle. It tastel waard ûntwurpen troch Dr. Claude Dornier, begjinnend yn 1924, waard der 7 jier oan arbeide. Dêrby waard foar it earst gebrûk makke fan in houten model (skaal 1: 1). De bou naam twa jier.

It projekt waard finansiere troch it Dútske Ministearje fan Ferfier. It tastel waard boud yn in spesjale fabryk te Altenrhein, by it Switserke part fan de Mar fan Konstanse om dêrmei it Ferdrach fan Fersailles te omsilen dat Dútslân ferbea on fleanmasines te bouwen nei de Earste Wrâldkriich.

It tastel wie populêr by it publyk, mar hie brek oan kommersjele belangstelling. Trije ûngemakken mei de Do X soargen dat der net mear as trije fan boud binne.

Bylden

Technyske feiten Do X 1a Feiten Bemanning    10-14 Passasjiers    66 Lingte    40,10 m Hichte    10,10 m Spanwiidte    48 m Wjokoerflak    450 m² Oerflak helpwjok (allinne by Siemens-Motoren)    30,80 m² Oandriuwing    12 V-12-Silinder V-1570 Conqueror mei 470 kW it stik (640 hk) yn 6 gondelsTotaal 5640 kW (7680 PS) Heechste faasje    210 km/o Krúsfaasje    175 km/o Landingsfaasje    120 km/o Brânstofkapasiteit    23.300 l Normaal fleanberik    1.700 km Maks. fleanberik    2.300 km Stiichfaasje    1.000 m in 14 min. Fleanplafond    3.200 m Leechgewicht    28.250 kg Maks. Startgewicht    52.000 kg

Fierder lêze Boeken Flugschiff DO-X, die Chronik, Bielefeld 2006, ISBN 3-7688-1841-1 en : Ein Schiff fliegt in die Welt, Deutsche Post AG,

Keppelings om utens Dornier Do X: Legendary Flying Boat Development history of the DO X Source: EADS Travel reports, interior accommodation and technical data Lanning fan de Do X yn New York, 31 augustus 1931 (freget RealPlayer) “Ein fliegender Gigant besucht den Chiemsee” Traunsteiner Tagblatt

A flight aboard the DoX - 1930 (Bomberguy's Youtube channel) histoaryske filmkes fan de Dornier Do X

Kategory:Fleanboat Kategory:Dútske ferkearsfleanmasine Kategory:Dútske wetterfleanmasine Kategory:Yntroduksje út 1929