Dornier Do 17Z 275px Rol Bommesmiter, nachtjager Makker Dornier Earste flecht 23 novimber 1934 Yn tsjinst 1937 Ut tsjinst 15 septimber 1952 (Finske Loftmacht) Tal makke 2.055 (1934-oktober 1940) Grutste brûkers Luftwaffe, Joegoslaavje, Finlân, Spanje Fariant Dornier Do 215 De Dornier Do 17 wie in bommewerper fan de Dútske Luftwaffe, dy't fral yn it begjin fan de Twadde Wrâldkriich ynset waard, bygelyks yn de slach om Ingelân, mar earder ek al yn de Spaanske Boargeroarloch (1936-1939).
It tastel mei de bynamme Fleanend Potlead waard nei dy slach net mear produsearre, it wie ferâldere. It ûntwerp wie fan 1934 en wie oarspronklik bedoeld as postfleantúch. Wol bleau it tsjinst dwaan as treningsfleanmasine en as nachtjager.
Doe't it yn 1937 troch de Luftwaffe út de kast helle waard, útrist mei Daimler-Benz DB 600A motors, wie it de jagers út dy tiid noch de baas (as Schnellbomber), mar doe't dat type motors nei de Messerschmitt Bf 109 giene en Dornier mei lichtere moters ta moast, wie it gjin partij foar jagers as de Hawker Hurricane en de Spitfire. Ek oan it Eastfront foldie it tastel net langer.
Fleanders hâlden wol fan it tastel om't it sterk, stabyl en betrouber wie. De Do 17 hie gjin bepânsering.
Yn totaal binne der goed 2.000 fan boud en hat it tsjinne by ferskate Jeropeeske loftmachten.
Technyske feiten (Do 17 Z-2) thumb|In Do 17Z fan Stab/KG 3 1940 thumb|Do 17Z-1 1940 yn de kriich tsjin Frankryk Spanwiidte: 18,00 m Langte: 15,80 m Hichte: 4,60 m Fleugeloerflak: 55 m² Oandriuwing: 2 stjermotoren Bramo 323 P fan 1000 HK it stik Heechste faasje: 410 km/o op 4000 m (by 8000 kg) Tsjinstplafond: 8200 m (by 8000 kg) Fleanberik: 1160 km mei 500 kg bommen, sa'n 660 km mei 1000 kg bomlading Maks. startgewicht: 8500 kg Bemanning: 4 Bewapening: ien as twa 7,92-mm-MG beweechber op plakken oan de sydkant, rêch, ûnderkant en noas fan de romp; 1000 kg bommen ynwindich
Keppeling om utens Warbirds site mei ynformaasje oer dit type Dornier Do 17 side -Fleanmasines fan de Luftwaffe
Kategory:Dútske bommesmiter Kategory:Dútske fleanmasine yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Yntroduksje út 1934