thumb|right|200px|Déborah François. Déborah François (Luik (Walloanje), 24 maaie 1987) is in Belgyske aktrise. Sy wennet op dit stuit yn Grivegnée, in foarstêd fan Luik.

Libben en karriêre Al mei fiif jier kaam François mei toaniel yn oanrekking, hja hie doe in rol as Sniewytsje.vgl. Zips, Martin: "Jetzt nicht, Mami". In: Süddeutsche Zeitung, 21. Dezember 2007 Op it gymnasium folge se al in teaterkursus. vgl. Lerf, Matthias: Zerstörerische Blondine. Yn: SonntagsZeitung, 28 jannewaris 2007, Kultur, abpfiff, side 51

Se waard ûntdekt as aktrise, yn 2005, troch de regisseurs Jean-Pierre en Luc Dardenne, dy't har de froulike haadrol tafertrouden yn harren film It Bern. De film krige tige goede kritiken en gie nei it Filmfestival fan Cannes en krige in Gouden palm foar bêste film..

Nei har debút helle Déborah François har gymnasiumdiploma en koe hja yn ien tried wei troch begjinne oan har twadde filmrol yn Denis Dercourt syn thriller La tourneuse de Pages. Sy beheinde yn dy rol har mimyk ta eagen en mûle; it brocht har yn de geunst by de ynternasjonale filmkrityk, dy't har sels fergeliken mei in jonge Catherine Deneuve yn Roman Polańskis Ekel.fgl. Bradshaw, Peter: A score to settle. Yn: The Guardian (London), 3 novimber 2006, Guardian Film and Music Pages, side 10 François, dy't oarsronklik les yn literatuer jaan woe, krige der in nominaasje foar in César foar yn 2007.

Nei de films '’It Bern’’ en La Tourneuse de Pages krige hja grutte rollen yn de dramafilm Les fourmis rouges en de telefyzjeproduksje Dombais et fils. Yn Stephan Carpiaux’ s Les fourmis rougesspilet hja de 16-jierrige geastlik ienfâldige Alex, dy’t ysolearre libbet yn in doarpke yn de Ardennen, en hatr bewust wurdt fan har seksuliteit. Yn Laurent Jaouis Dombais et fils wie de aktrise dy’t under oarenwar Charlotte Rampling en Julia Roberts as har grutte foarbylden sjocht, tagelyk mei Christophe Malavoy te sjen. Itselde jier siet François neist Josée Dayan en Hubert Sauper yn de s rury fan it 19e Europeeske Filmfestival fan Angers vgl. Festival à Angers : La 19e édition du Festival d’Angers, qui a ouvert…. Yn: Les Echos, 24. jannewaris 2007, Telex, side 13.

Fjouwer nije filmproduksjes folgje yn 2008,ûnder oaren ek Jean-Paul Salomés drama Les femmes de l’ombre mei Sophie Marceau, Marie Gillain en Moritz Bleibtreu.

Yn 2009 waard François mei de Romy-Schneider-priis ûnderskieden.

Filmografy Aktrise Film 2005 : L'Enfant - Sonia 2006 : La Tourneuse de pages - Mélanie Prouvost 2007 : Les Fourmis rouges - Alex 2007 : L'Été indien - Suzanne 2008 : Les Femmes de l'ombre - Gaëlle 2008 : Le Premier jour du reste de ta vie - Fleur 2009 : Fais-moi plaisir - Aneth 2009 : My Queen Karo 2010 : Mes chères études 2011 : Le moine 2011 : Les tribulations d’une caissière 2012 : Zarafa (stim) 2012 : Populaire fan Régis Roinsard : Rose Pamphyle 2013 : Il est parti dimanche fan Nicole Garcia 2016 : Ma famille t'adore déjà! - Éva

Telefyzje 2007 à la télévision : Dombais et fils fan Laurent Jaoui - Florence Dombay 2010 : Mes chères études d'Emmanuelle Bercot - Laura

Prizen César du meilleur espoir féminin 2009 (foar it bêste froulik talint) Prix Romy Schneider 2009 Prix Suzanne Bianchetti 2007

Kategory:Waalsk filmakteur Kategory:Waalsk telefyzje-akteur Kategory:Persoan berne yn 1987