thumb|right|Flesse Frysk Hynder Frysk Hynder is in Nederlânske single malt whisky, dy't makke wurdt yn de Us Heit Distillery te Boalsert.

Untstean Frysk Hynder is de earste single malt fan Nederlânske boaiem en ûntstie as leafhawwerij fan de bierbrouwers fan Us Heit, Aart en Marianne van der Linde. De whisky is foar it earst stookt en lagere yn 2002, de earste flessen Frysk Hynder kamen yn 2005 op de merk.

Produsjeproses De whisky wurdt distillearre út in spesjaal bier, hokker broud is út rikke mout. Nei it twafâldige destillaasjeproses (wêrby't it alkoholpersintaazje nei 40% giet) wurdt de whisky 3 jier lagere (ripe) op ikehouten fetten, wat foar in single malt whisky it minimum is. De fetten komme fan wynboeren út Frankryk en Portugal. De whisky wurdt ynsammele neffens it un-chillfiltered prinsipe (sûnder djipkuolling en filtraasje), wêrtroch't dy by kâld servearjen wat troebel lykje kin. De jierproduksje bedraacht 10.000 liter of 14.000 flessen (trochinoar 77 flessen deis); elke flesse Frysk Hynder hat in etiket, dêr't mei de hân de skaaimerken fan de batch (de partij flessen dy't út itselde fet fan 600 liter sammele binne) ynfolle binne.

Kategory:Boalsert Kategory:Alkohoalyske drank Kategory:Merknamme