De PC fan 2009 waard op woansdei 29 july ferkeatst. It wie de 156ste edysje fan de wichtichste keatspartij fan it jier.
Earste List thumb|left|200px|Frits Barend jout in ynterview foar Omrop Fryslân Op de earst list wiene wol wat ferrassings. In tal haadklasse partueren gie der yn de earste omloop ôf tsjin earste klaspartueren. Site Ferwerda wûn mei syn maten fan Wilco Rinia yn in spannende wedstriid. De winner fan 2008 Jochum Bouma hiene gjin kans tsjin it partuer fan Maarten van der Leest. It partuer fan Johan van der Meulen wie sawol oan de stuit as yn it perk ûnmachtich en ferlearen dan ek fan Gerben Hein Wijtsma. De wedstriid tusken Hendrik Tolsma en Martijn Olijnsma wie ek tige spannend. Neidat se by in 5-4 en 6-2 op 'e dea stiene, mei troch in protte opslachmissers fan Hendrik Tolsma, kamen de mannen wêrom en wûnen úteinlik mei 5-5 6-4. By dy stân wie dêr earst ek noch wat argewaasje, Tolsma krige de bal, dy't troch Hylke Bruinsma op de boppe keart waard oan 'e bealch. Mar sawol de skiedsrjochter as de karmaster op de boppe hiene dat net sjoen, dat der kaam in keats by de boppe ynstee fan alles oan de hang. It perk fan Bruinsma en Groenendijk koe de opslach fan Tolsma dêrnei net foarby de keats krije dat it wie dien foar de kening fan 2008 Groenendijk dy't syn lêste PC keatste.
nû. partoer útslach nû. partoer1Hendrik TolsmaMichel van der VeenJohannes Boersma 5-5 6-42Martijn OlijnsmaHylke BruinsmaDouwe Groenendijk3Wilco RiniaKarel NijmanGert Jan Meekma 4-5 6-64Site FerwerdaGerrit MeijerRudolf Soepboer5Jochum BoumaJan Willem van BeemPier Piersma 0-5 6-66Marten van der LeestPieter Jan PlatFeiko Broersma7Dirk Yde SjaardaErik HaitsmaTsjibbe Hansma5-2 6-48Arnold ZijlstraRené AnemaFrederik van der Meij9Jelte-Pieter DijkstraHans WassenaarLennart Adema0-5 2-610Gert-Anne van der BosFolkert van der WeiDaniël Iseger11Rutmer van der MeerRinze Pieter HiemstraTaeke Triemstra 5-1 6-212Robert RiniaSiebe GreijdanusAloys Freitag13Pieter van AlthuisJacob-Klaas HaitsmaGerrit Flisijn 3-5 4-614Jan Dirk de GrootHerman SprikAlle Jan Anema15Gerben Hein WijtsmaJacob ZaagemansPeter de Boer5-3 6-616Johan van der MeulenJohan van der MeulenMarten Feenstra
Twadde List thumb|right|200px|Gerrit Meijer slacht op De grutte ferassing fan de twadde omloop wie de partij tusken Gert-Anne van der Bos en Rutmer van der Meer. Wat miskien de partij wie tusken de twa kwalitatief beste partueren einige yn in 5-0 en 6-0, wêrby Rutmer van der Meer, Teake Triemstra en Renze Pieter Hiemstra hielendal net yn it spul foarkamen.
nû. partoer útslach nû. partoer1Hendrik TolsmaMichel van der VeenJohannes Boersma 4-5 0-64Site FerwerdaGerrit MeijerRudolf Soepboer6Marten van der LeestPieter Jan PlatFeiko Broersma2-5 0-67Dirk Yde SjaardaErik HaitsmaTsjibbe Hansma10Gert-Anne van der BosFolkert van der WeiDaniël Iseger5-0 6-011Rutmer van der MeerRinze Pieter HiemstraTaeke Triemstra14Jan Dirk de GrootHerman SprikAlle Jan Anema 5-4 6-415Gerben Hein WijtsmaJacob ZaagemansPeter de Boer
Heale Finale Nei de maklike oerwinning op Rutmer van der Meer hiene Gert-Anne van der Bos en syn maten it folle dreger yn de heale finale. Yn in mear spannende as goeie wedstriid wûnen se úteinlik mei 5-5 en 6-4 fan it trio Jan Dirk de Groot.
nû. partoer útslach nû. partoer4Site FerwerdaGerrit MeijerRudolf Soepboer 0-5 4-67Dirk Yde SjaardaErik HaitsmaTsjibbe Hansma10Gert-Anne van der BosFolkert van der WeiDaniël Iseger 5-5 6-414Jan Dirk de GrootHerman SprikAlle Jan Anema
Finale De finale wie net spannend. Dirk-Yde Sjaarda en syn mannen kamen tekoart en Gert-Anne van der Bos en dy wûnen dan ek maklik mei 5-2 en 6-0.
nû. partoer útslach nû. partoer7Dirk Yde SjaardaErik HaitsmaTsjibbe Hansma 2-5 0-610Gert-Anne van der BosFolkert van der WeiDaniël Iseger
Kening PC 2009 Gert-Anne van der Bos
2009 Kategory:Barren yn 2009