thumb|400px|Kaart út 1580
thumb|400px|Historyske kaart fan Ljouwert (1652) Dizze side jout in oersjoch fan de skiednis fan Ljouwert.
Earste bewenners thumb|250px|Fibula fan Winaam It is net mei krektens te sizzen wannear't de earste minsken har nei wenjen setten op it plak dat no Ljouwert hjit. Troch fynsten út de izertiid (1e iuw f.Kr.) docht bliken dat it gebiet doe al bewenne wie, mar de archeologen binne dêr net ienriedich oer. Der is wol bewiis fan bewenning yn de 2e iuw n.Kr. By de Aldehou binne ferskillende dingen fûn út de tiid dat de Romeinen yn Fryslân wienen. Der binne houten peallen fûn dy't by in trije meter breed bouwurk hearden. It bouwurk wie makke fan plaggen en hout en wie ornearre as skuorre of wente. Oare peallen dy't fûn binne hearden by in 5 meter lang hûs út de twadde of tredde iuw n.Kr. Der binne noch mear fynsten út de Romeinske tiid. Troch tolve fibula's dy't fûn binne kin der sein wurde dat der doe aardich wat rike minsken op dat plak wennen. Neffens de Romeinske hierspjelden en ferskate Romeinske munten kin fêststeld wurde dat der hannel west hat tusken de bewenners fan de trije terpen en de Romeinen. De measte minsken wurken op it lân of wienen fisker. Der wienen trije terpen. Fan in stêd mei de namme Ljouwert sa't dy hjoed-de-dei bekend is wie doe noch gjin sprake. Troch it Grutte Folkeferfarren en driging fan de Middelsee ferlieten de minsken de terpen en setten har earne oars nei wenjen.
Midsiuwen Iere midsiuwen Ierdewurk út de fyfte iuw is it bewiis dat minsken wer weromgongen nei de terp Aldehou. Ut archeologysk ûndersyk docht bliken dat dêr om it jier 500 wer huzen boud waarden. In weintsjil dat fûn waard is wierskynlik út dy tiid. De trije terpen lizze apart fan inoar en ha gjin bysûnder funksje. It liket der net op dat der wer rike minsken wennen sa't dat yn de Romeinske tiid wie. De fynsten dy't dien binne ferwize nei simpele bouwurken. Omdat der te min hout wie om mei te bouwen waarden de huzen foar de helte yn de grûn útgroeven. Dêrneist waarden in protte plaggen brûkt foar de bouwurken. Oare terpfynsten, lykas dy fan de saneamde keningsterp fan Winaam, wienen folle spektakulêrder. Ljouwert wreide him earst yn de njoggende iuw út as hannelsplak.
It gearranen fan de terpen De âldste namme fan de stêd Ljouwert is oerlevere yn in akte út de 8e iuw. It giet om in dokumint fan it kleaster Fulda dêr't in 'villa Lintarwde' yn neamd wurdt. Pas yn 1190 woeksen de trije terpen ta in gehiel, mar bleaunen formeel selsstannich. It plak wie doe noch in seestedsje. Mei it weiwurden fan de Middelsee yn de hege en lette midsiuwen waard Ljouwert in lânstêd. Neffens histoarikus Wopke Eekhoff waard de stêd kerstene om 800 hinne, doe't it Fryske Ryk definityf ynlive waard by it Frankyske Ryk. Lykas as yn earder iuwen kamen Frankyske sindelingen de heidenske Friezen kerstenjen. Dêrby ferkundigen hja it evangeelje, ynstruearren nije geastliken, doopten minsken en der waarden tsjerken en skoallen boud yn de grutte mienskippen yn de Fryske lannen. Sa krijt Ljouwert om 800 hinne in tsjerke en skoalle. By de Aldehou, dat ûnder it kleaster Corvey yn Dútslân foel, stie yn de tolfde iuw al in tsjerke foar de hillige Vitus. Yn akten út de fjirtjinde iuw stiet de Sint-Vitustsjerke fan de Aldehou ûnder de namme Liiewardensis. Yn 1285 stie Ljouwert al as stêd neamd yn in Dútske hannelsakte. Tusken 1200 en 1300 kaam de Middelsee drûch te stean en it ûntbrekken fan in haven wie min foar de hannel. It lân om de stêd hinne waard doe fan grutter belang foar de hannel. Ut in oarkonde fan it jier 1333 dogge twa dingen bliken. Foarst, Ljouwert wurdt as in tsjerklike ienheid. Twads, de tsjerklike ienheid hat net de name Ljouwert mar Nijehouwe. Yn 1392 joegen de gritenijen om de stêd hinne it foech fan rjochtspraak oan de Ljouwert.
Fúzjeferdraggen Ljouwert wie yn 1333 in tsjerklike ienheid en der mocht sûnt 1392 rjocht sprutsen wurde. Lykwols wie Ljouwert, om 1400 hinne, formeel gjin ienheid. Der binne seis oarkonden ta de oprjochting fan de stêd Ljouwert. De earste oarkonde is in beslút tusken it lânsbestjoer fan Westergoa en Eastergoa.
It offisjele beslút ta de feriening fan Ljouwert, Aldehou en Hoek (3 augustus 1426). Naam troch it lânsbestjoer fan Westergoa en Eastergoa (skreaun yn it Aldfrysk)
Der folgen noch in pear oarkonden. Mei twa ferdraggen dy’t beide ûndertekene binne op 21 jannewaris 1435 waard de stêd formeel ien gehiel. Ta eare fan dy dei wie der yn 1935 in betinking fan 500 jier Ljouwert.
It ferdrach tusken de deken fan de Aldehou oer de feriening fan dy bûtenbuert mei de stêd Ljouwert (skreaun yn it Aldfrysk):
It ferdrach mei Piter fan Kamminga oangeande de feriening fan Hoek mei de stêd Ljouwert (skreaun yn it Aldfrysk):
Stedsrjochten Mei de fúzjeferdraggen fan 1435 krige Ljouwert stedsrjochten fan de bestjoerders fan de Fryske lannen Skiednis fan Ljouwert op bertsgeschiedenissite.nl Nederlânsk. Lykwols krige Ljouwert yn 1531 op ‘e nij stedsrjochten, diskear fan keizer Karel V fan it Hillige Roomske Ryk.Stadsrecht van Leeuwarden op de webside fan it Histoarysk Sintrum Ljouwert Nederlânsk
Skieringers en Fetkeapers Om 1400 hinne wie der benammen yn Westlauwersk-Fryslân striid tuskende Skieringers en Fetkeapers. Oer it generaal wienen de Skieringers fan it plattelân, Ljouwert wie ien fan de sintra fan de Fetkeapers. Troch de partijstriid moasten der yn Ljouwert nije ferdigeningswurken komme.
Frysk ferset thumb|Edzard de Grutte Yn Ljouwert wie de Hollânske ynfloed al yn de 15e iuw te merkbiten. Dat oppenearre him yn it fúzjeferdrach mei de deken fan de Aldehou wêryn’t eksplisyt neamd wurdt dat it foar Hollanners net tastien is om harren yn de stêd nei wenjen te setten. De Skieringer Hessel fan Martena frege help fan Albrecht fan Saksen om in ein te meitsjen oan de partijstriid tusken Skier en Fet. Yn 1498 waard Fryslân oerweldige troch Albrecht fan Saksen. Ljouwert waard doe it bestjoerlik sintrum fan Westlauwersk Fryslân en de Grinzer Ommelannen. Edzard de Grutte fan East-Fryslân hie ûnder de haadlingen fan Westlauwersk-Fryslân en Grinslân in grutte oanhing Edzard Cirksena - bouwer fan in Fryske steat kanon fan de Fryske skiednis. Hy makke himsels beskermhear fan Grins. Albrecht fan Saksen murk dat Edzard de Grutte ek yn Ljouwert oanhing hie en liet dêrom yn 1512 twa foaroansteande Fryske eallju yn Ljouwert ûnthalzgje.
Stedsgrêften
It wolfarrende Ljouwert moast wol beskerme wurde tsjin fijannen. Dêrom waard om de stêd hinne in grêft groeven en der waard in wâl opsmiten. Dy ferdigeningswurken binne letter, doe't se oerstallich waarden, ôfbrutsen of ta plantsoen makke. De grêften yn de binnenstêd binne op dy fan de Nijstêd, Foarstreek, De Tunen, de Weaze en it noardlike diel fan it Schavernek nei allegear dimpt. De grêften dy't dimpt binne betreffe û.o. dy fan Iewâl, Twibaksmerk, Nijebuorren, Grutte Tsjerkestrjitte, en De Alde Hearegracht (saailân). Yn de 19e iuw ûntstienen de earste wiken bûten de stedsgrêft.
Renêssânse Albrecht fan Saksen krige Fryslân ûnder syn bewâld fan de keizer fan it Hillige Roomske Ryk. Yn Ljouwert kaam it Hof fan Fryslân dy’t him dwaande holdt mei bestjoer en rjochtspraak. Dat kolleezje krige yn 1571 in eigen hinnekommen, de Kânselarij. Yn dy tiid waard Ljouwert it haadplak foar it tsjerklik gesach. De Sint-Vitustsjerke waard it plak fan de deken en de wichtichste tsjerke yn Fryslân. Alle lânshearen en steedhâlders, dy’t sûnt 1515 yn ‘e slach wienen, waard ynhuldige yn dizze tsjerke. Nei de ferovering troch Georg Schenck fan Toutenburch, tsjinstfeint fan Karel V yn 1524 waard Ljouwert de haadstêd fan it Hearlikheid Fryslân. Yn 1559 waard Ljouwert it haadplak fan it bisdom Ljouwert dat doe oprjochte wie. De Byldenstoarm begûn op 6 septimber 1566 yn Ljouwert, de ynwenners hienen har nocht fan de katolike tsjerke. De stêd bleau ynearsten trou oan de kening fan Spanje, wylst Frjentsjer en Starum in pear moannen in kalvanistysk bestjoer hienen oant Spaanske soldaten it gesach werombrochten. Yn febrewaris 1579 kaam de befolking fan Ljouwert, Harns en Starum yn ferweech tsjin de Spaanske kening; yn maart slute de Fryske stêden har oan by de Uny fan Utert. Cuneris Petri, sûnt 1569 de iennichste biskop fan it Bisdom Ljouwert, moast nei by de kalvanistyske machtsoername in skoftsje yn de finzenis Ljouwert en doe’t er frijkaam ferliet er Fryslân en kaam nea werom. Mei de Sint-Vitustsjerke waard net folle mear dien en fertutearze, it bouwurk waard yn de jierren 1595 en 1596 ôfbrutsen.
Steedhâlders thumb|Us heit De nije Fryske machthawwers yn de tiid fan de Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen wienen de Fryske nassaus dy’t harren wenstee yn Ljouwert hienen. De Fryske nassau’s wienen steedhâlder fan Fryslân en Grinslân. De ferneamdste steedhâlder yn Fryslân wie Willem Loadewyk fan Nassau, dy’t de Friezen ek wol ús heit neamden. Yn de sechtjinde en santjinde iuw groeide it ynwennertal fan de stêd fan 5.000 om 1500 nei 16.000 yn 1650 Skiednis fan Ljouwert op bertsgeschiedenissite.nlNederlânsk . Ljouwert wie ien fan de tsien wichtichste stêden yn Nederlân. Bouwurken út dy tiid dy’t der hjoed noch stean binne de Kânselarij (dêr’t rjocht sprutsen waard), it Steedhâlderlik Hôf, de Waach (as sintrum fan de hannel), en de Aldehou mei syn brike toer. Yn 1748 waard Willem IV steedhâlder fan alle gewesten. It Steedhâlderlik Hôf, en ek it paleis yn It Oranjewâld, waarden net langer mear bewenne troch de Fryske steedhâlders. De Friese stadhouders uit het huis Nassau en hun residentie-verblijven op de webside fan it Fryske Genoatskip Nederlânsk
Patriotten
Yn de tachtiger jierren fan de 18e iuw ûntstie troch de ekonomyske delgong de patriottebeweging. De patriotten krewearren foar bestjoerlike ferbettering likegoed as foar herfoarming. Court Lambertus fan Beyma wie de lieder fan de Fryske patriotten. Yn 1787 frege Willem V help fan de Prusen, dy kamen manmachtich nei Nederlân om Willem V te helpen. De patriotten flechten om utens. Yn 1795 foelen Frânske revolúsjonêre troepen de Republyk binnen. Yn de Frânske tiid wie Ljouwert de haadstêd fan it Departemint fan de Iems (rûchwei Fryslân en Grinslân), letter waard dat it Departemint Fryslân. Dêrmei kamen de patriotten werom. Radikale patriotten skeinden en plonderen de grêven fan de steedhâlderlike famylje yn de Ljouwerter Grutte Tsjerke. Hja fuotballen mei de skedels fan de Fryske Nassaus. Yn it Blokhûs liet it nije bestjoer de top fan it âlde regintelaach opslute yn it Ljouwerter blokhûs. Troch de patriotten waard Nederlân in ienheidssteat en sa gong in grut part fan it bestjoerlik foech fan Ljouwert nei De Haach. Fryslân yn beroering kanon fan de Fryske skiednis
Ynfrastrukturele ûntjouwings nei 1825 Yn de 19e iuw waarden de ferbinings fan de stêd ferbettere. Yn 1827 begûn it ryk mei de oanlis fan strjitwegen fan Ljouwert nei Oerisel en nei Grins, Harns, Snits en De Lemmer. Yn de twadde helte fan de 19e wurde de ferbinings mei oare stêden/kriten ferbettere. Der waarden nije kanalen groeven en Ljouwert krige ferskillende treinferbinings. Fan de sudergrêft by de Emmakade lâns en by de hjoeddeistige Ljouwert jachthaven nei it suden ta waard it Nije Kanaal yn novimber 1895 iepensteld.Emmakade op de webside fan groetenuitleeuwarden.nl It Nije Kanaal wie nedich omdat de Potmarge (farwetter noardlik fan Huzum) as wetterferbining mei de Tynje en Greuns net mear foldie. It Nije Kanaal ferbûn Ljouwert mei Garyp en wie sa ferbûn mei it grutte farwetter fan de stêd Grins nei De Lemmer en Starum.Histoarysk Sintrum Ljouwert De uitbreiding der stad naar het zuiden Yn oktober 1863 waard de treinferbining tusken Harns en Ljouwert iepene. Yn maaie 1866 folge de treinferbining mei Grins. Yn septimber 1868 ried de earste trein fan Ljouwert nei It Hearrenfean. Mei de ferbining nei It Hearrenfean ta wie Ljouwert ferbûn mei it treinferkear yn it suden.