Vickers Vimy 275px Rol Bommesmiter Makker Vickers Limited Untwerper Reginald Kirshaw Pierson Earste flecht 30 novimber 1917 Yn tsjinst 1918 Ut tsjinst 1933 Tal makke 239Owen Thetford: By Day and by Night – Vickers Vimy. Yn: Aeroplane Monthly. Desimber 1992, s. 38. (1918 oant 1925) Grutste brûker Royal Air Force Fariant Sjoch tekst, Vickers Vernon

right|thumb|250px|Vickers Vimy Replika, 2005

De Vickers Vimy wie in Britske swiere bommesmiter út de Earste Wrâldkriich en de perioade fuort dernei. It tastel wie militêr súksesfol en letter ek as boargertastel. Yn de perioade tusken de Wrâldoarloggen binne der ferskate lange-ôfstân rekordsflechten (LOF) mei makke, de bekendste is de non-stop Transatlantyske flecht fan Alcock en Brown yn juny 1919. In oare tige bekende LOF mei in 'Vimy' is dy fan de bruorren Ross Smith en Keith Smith dy't 17.912 km fan Austraalje nei Ingelân fleagen krekt ûnder de 136 oeren.

Technyske eigenskippen (Vimy Mk I) Algemien Bemanning: 2 Lingte: 13,27 m Spanwiidte: 20,75 m Hichte: 4,76 m Fleugeloerflak: 123,5 m²; Leechgewicht: 3222 kg Startgewicht: 5670 kg Motors: 2 × Rolls-Royce Eagle VIII, 270 kW (367 hk)

Prestaasjes Heechste faasje: 165 km/h Fleanberik: 1448 km Tsjinstfleanhichte: 2135 m

Bewapening 1 × 7,7-mm-Lewis-masinegewear yn de búk 1 × 7,7-mm-Lewis-Masinegewear yn 'e midden fan de romp. Bommelading: 1123 kg

Farianten F.B.27 Vimy: Prototypes; fjouwer fan boud. F.B.27A Vimy II: Twa-motorige swiere bommesmier foar de RAF. Vimy Ambulance: Loftambulânse ferzje foar de RAF. Vimy Commercial: Boarger transport ferzje. Oandreaun troch twa Rolls-Royce Eagle VIII motors.

Ferskaat Streamline hie men yn de begjinperioade fan de loftfeart noch gjin aan fan. De loftwjêrstân fan dy tastellen wie grut. Fan de Vimy waard wol gekjeiend sein dat der 'in ynboude efterút hie', om't it by in stive tsjinwyn it hast like as stie er stil yn de loft.

Keppeling om utens Vickers Vimy bewarre yn Adelaide, South Australia RAF Museum Alcock and Brown's fleanmasine yn itLondon Science Museum vickers

Kategory:Britske ferkearsfleanmasine Kategory:Fleanmasine yn de Earste Wrâldkriich Kategory:Britske bommesmiter Kategory:Vickers Kategory:Yntroduksje út 1917