thumb|right|De Trouwe Waghter thumb|right|Oergroeid fort

Tienhoven is in doarpke yn de gemeente Stichtske Fecht, yn de provinsje Utert. It doarp hat 1.775 ynwenners (2021).

Skiednis In stik lân, grut tsien hoeven (flaktemjitte) waard yn 1243 troch Herman fan Maarssen oan it kapittel fan de Piterstsjerke fan de stêd Utert ferkocht. Yn 1811 waard de eardere hearlikheid Tienhoven in gemeente dy't yn 1812 mei Oud-Maarsseveen, Nieuw-Maarsseveen en Breukeleveen gearfoege waard ûnder de namme gemeente Tienhoven. Lang duorre dy sitewaasje net, want yn 1818 waard Maarsseveen in selsstannige gemeente en waard Tienhoven fannijs beheind ta syn âlde grûngebiet. Yn 1957 waard de gemeente Tienhoven opheft en by Maarssen yndield, dy't yn 2011 yndield yn de nije gemeente Stichtske Fecht.

Beëasten it doarp stiet de eardere poldermole De Trouwe Waghter út 1832.

Sport en rekreaasje It doarp leit oan de Europeeske kuierrûte E11, yn it doarp ek wol Marsekreammerpaad neamd. De E11 rint fan De Haach nei it easten, op dit stuit oan de grins fan Poalen mei Litouwen ta. Fierders hat Tienhoven in fuotbalferiening, csv VIOD (Vooruitgang Is Ons Doel).

Ryksmonuminten by Tienhoven Mole "De Trouwe Wachter". Wipwettermole, boud ± 1835, restaurearre 1970 Houten Stuw ier 20e-iuwsk Omwâle ierdwurk by it fort Tienhoven Fortwachterswente Langhûs "Vredegoed" mei skuorre, tagongsstek Militêr wachtgebou út 1848-1850 (yn it fort) Pleats mei teekoepel út 1902

Kategory:Maarssen Kategory:Plak yn Stichtske Fecht Kategory:Eardere gemeente yn Utert Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1818 Kategory:Bestjoerlike ienheid opheft yn 1957