thumb|right|Mae West yn I'm No Angel thumb|"Diamond Lil" werom nei New York út Hollywood, 1933 thumb|Mae West (Hollywood 1933) right|thumb|Cary Grant en Mae West yn I'm No Angel (1933) Mary Jane (Mae) West (17 augustus 1893, Brooklyn, New York City - 22 novimber 1980, Hollywood, Kalifornje) wie in Amerikaansk aktrise, senarioskriuwster, toanielskriuwster en sekssymboal, dy't yn de jierren 30 mei har suggestive, seksueel-tinte dialogen tige populêr waard, mar ek in soad kontroverze feroarsake. Dy dialogen wienen faak op de grins fan wat de sensuer noch tastean koe. West skreau al har teksten sels. Guon fan har útspraken wurde noch regelmjittich oanhelle, lykas: Come up an' see me some time en Is that a gun in your pocket, or are you just glad to see me?.
West har populêrens wie yn de tritiger jierren op it hichtepunt. Yn 1935 wie hja de bêst betelle froulike artyste yn de Feriene Steaten.
Fan 1933 ôf krige West it hieltiid mear swierrichheden om't de sensuer stranger waard. Ek religieuze organisaasjes protestearren tsjin West's films en ein jierren 30 waard hja in skoft fan de radio ferballe. Films as Klondike Annie en Go West Young Man (beide út 1936) wiene lykwols noch skerp fan tekst en populêr nettsjinsteande de oanheljende sensuer.
Yn 1940 spile hja tegearre mei W.C. Fields yn de súksesfolle film My Little Chickadee. It wie bekend dat de twa stjerren it net meiinoar fine koene. Nei The Heat's On út 1943 stoppe sy mei films en gie se de nachtklubs en it teäter yn, dêr't de sensuer minder ynfloed hie en hja mear artistyke frijheid hie. Hja joech foarstellings yn ûnder oaren Ingelân en Las Vegas. By har shows yn Las Vegas hie West bodybuilders om har hinne en song se ek. De show wie tige súksesfol en waard jierrenlang fuortset.
Yn 1959 skreau hja har autobiografy Goodness Had Nothing To Do With It. Yn de santiger jierren ferskynde hja noch yn twa films, Myra Breckinridge yn 1970 en Sextette ym 1978. Yn 1980 stoar Mae West nei in stikmannich beroerten mei 87 jier yn Hollywood. Se waard begroeven yn New York.
Mae West hat ien kear troud west, mei Frank Wallace fan 11 april 1911 oant 21 july 1942. Hja hat dat nea tajaan wollen en se hawwe nea ûnder ien dak wenne.
Filmografy
|1932 |Night After Night |Maudie Triplett
|rowspan=4|1933 |She Done Him Wrong |Lady Lou
|I'm No Angel |Tira
|Hollywood on Parade No. A-9 |Harsels |Koart ûnderwerp |- |Hollywood on Parade No. B-5 |Harsels |Koart ûnderwerp |- |1934 |Belle of the Nineties |Ruby Carter
|rowspan=2|1935 |Goin' To Town |Cleo Borden
|The Fashion Side of Hollywood |Harsels |Koart ûnderwerp |- |rowspan=2|1936 |Klondike Annie |The Frisco Doll/Rose Carlton/Suster Annie Alden
|Go West, Young Man |Mavis Arden
|1937 |Every Day's a Holiday |Peaches O'Day
|1940 |My Little Chickadee |Flower Belle Lee
|1943 |The Heat's On |Fay Lawrence
|1970 |Myra Breckinridge |Leticia Van Allen
|1978 |Sextette |Marlo Manners/Lady Barrington
Op Broadway Datum Produksje Rol Oantekeningsseptimber 22-30, 1911A La BroadwayMaggie O'Haranovimber 20, 1911-febrewaris 24, 1912Vera ViolettaWest ferliet de show by foarbeskôgingapril 11-septimber 7, 1912A Winsome WidowLe Petite DaffyWest ferliet de show fuort nei't er iepene wiepktober 4, 1918-Juny 1919Sometimeaugustus 17-septimber 10, 1921The Mimic World of 1921april 26, 1926-maart 1927SexMargie LaMontSkreaun troch Jane Mast (West)jannewaris 1927The Dragnovimber 1927The Wicked AgeEvelyn ("Babe") Carsonapril 9-septimber 1928Diamond LilDiamond Liloktober 1-2, 1928The Pleasure Manallinnich skriuwerseptimber 14 - novimber 1931The Constant SinnerBabe Gordonaugustus 2, 1944-jannewaris 13, 1945Catherine Was GreatCatherine II1945-1946Come On UpToerseptimber 1947 - maaie 1948Diamond LilDiamond Lil Feriene Keninkryk en Skotlânfebrewaris 5-26, 1949septimber 7, 1949-jannewaris 21, 1950Diamond LilDiamond Liloant West letter har ankel bruts.septimber 14 - novimber 10, 1951Diamond LilDiamond Liljuly 7, 1961 - lêste kear net wisSextetteEdgewater Beach Playhouse
Oare spullen as skriuwer Jier Rol Oantekenings1921The Ruby RingVaudeville playlet1922The HussyNet makke1930Frisco KateNet makke1933Loose WomenUtfierd yn 1935 mei as titel Ladies By Request1936Clean BedsHja ferkoft de bewurking oan George S. George, dy't produsint wie in net slagge bewurking.
Trivia Alliearde soldaten neamden harren rêdingfesten, yn de Twadde Wrâldkriich, "Mae Wests", faaks om't it fest tinken die oan de grutte boarsten fan dizze aktrise. It keunstwurk 'De lippen fan Mae West' fan Salvador Dali hat har wierskynlik noch ferneamder makke as dat hja al wie. It is in rôze siden bank yn de foarm fan in gleone mûle.
Keppeling om utens Ingelske wikiquote
Kategory:Amerikaansk artyst Kategory:Amerikaansk toanielakteur Kategory:Amerikaansk telefyzje-akteur Kategory:Amerikaansk filmakteur Kategory:Amerikaansk sjonger Kategory:Amerikaansk toanielskriuwer Kategory:Amerikaansk senarioskriuwer Kategory:Amerikaansk persoan fan Dútsk komôf Kategory:Amerikaansk persoan fan Iersk komôf Kategory:Amerikaansk persoan fan Ingelsk komôf Kategory:Amerikaansk persoan fan Skotsk komôf Kategory:Persoan berne yn 1893 Kategory:Persoan stoarn yn 1980