Michiel de Ruyter (folút: Michiel Adriaenszoon de Ruyter; Flissingen, 24 maart 1607 – yn 'e Baai fan Syrakuse by Sisylje, 29 april 1676) wie in Nederlânsk seeheld, dy't algemien sjoen wurdt as de bêste admiraal fan syn tiid. Hy wie ôfwikseljend yn 'e tsjinst fan 'e Republyk fan 'e Feriene Nederlannen en fan partikuliere reders, en dêropta wied er in hoart aktyf as selsstannich ûndernimmer op it mêd fan walfiskfeart en hannel. Nei't er syn wurkpaad úteinset wie as in sljochtwei seeman fan Siuwsk komôf, spile er in wichtige rol yn 'e earste trije Ingelske Oarloggen, de Sweedske Oarloch en ekspedysjes tsjin seerôverij yn 'e Middellânske See. De bynamme Bestevaêr, wat "pake" betsjut, krige er fan syn matroazen.

Yn 1665 waard De Ruyter troch tadwaan fan riedpinsjonaris Johan de Witt promovearre ta de rang fan luitenant-admiraal, en dêrmei ta kommandant fan 'e Steatske marine. Fan syn wapenfeiten binne benammen de oerwinning yn 'e Fjouwerdeiske Seeslach yn 1666, de spektakulêre Tocht nei Chatham yn 1667 en de oerwinning yn 'e Slach by Kijkduin yn 1673 yn it ûnthâld bleaun. Nei de moard op de bruorren De Witt, yn 1672, kaam De Ruyter ûnder de nije steedhâlder Willem III fan Oranje-Nassau te tsjinjen. Dyselde stjoerde him mei in swak eskader út nei it Middellânske-Seegebiet, dêr't er yn it ramt fan 'e Frânske Oarloch de Spanjerts helpe moast yn 'e striid tsjin Frankryk. Yn 1676 kaam De Ruyter dêr te sneuveljen yn 'e Slach by Agosta, foar de kust fan Sisylje.

Libben Jonkheid Michiel de Ruyter waard yn 1607 berne yn it Siuwske Flissingen as Michiel Adriaenszoon; de efternamme 'De Ruyter' soed er pas om 1636 hinne oannimme. Hy waard ferneamd nei syn pake oan heitekant, in boer dy't in lyts spultsje hân hie yn 'e omkriten fan Bergen op Soom. Hy wie it fjirde fan alve bern yn 'e húshâlding fan 'e seeman Adriaen Michielszoon en dy syn frou Alida Jansdochter. Fan syn bruorren en susters kamen de measten te ferstjerren ear't se folwoeksen wiene. De Ruyter syn heit Adriaen waard letter bierdrager yn Flissingen; de bierdragers foarmen yn dy tiid in selsstannich gilde dat yn 'e stêd it allinnerjocht hie op it ferfier fan bier.

Oer de jonkheid fan De Ruyter binne details bekend út ferskate santjinde-iuwske biografyen. De betrouberste dêrfan is dy fan Gerard Brandt, dy't nei De Ruyter syn dea fan syn famylje de opdracht krige en skreau syn libbensferhaal op. Dêrby moat oantekene wurde dat it doedestiden wizânsje wie om alderhanne foarfallen út 'e jonkheid fan 'e beskreaune persoan oan te heljen dy't foarútwiisden nei syn takomstige rom as oarlochsheld. Guon fertellings fan Brandt, lykas it ferhaal dat De Ruyter al jong sa ûnferskrokken wie dat er mei tsien jier de toerpjuts fan 'e Grutte of Sint-Jakobstsjerke beklom en oan 'e bûtenkant wer ôfgie, moatte dêrom mei in kerl sâlt nommen wurde.

It ferhaal dat De Ruyter as jonge yn in touslaggerij wurke, liket nearne nei foarút te wizen, en wurdt dêrom troch de measte histoarisy as autentyk akseptearre. Itselde jildt foar de fermelding dat er by dat bedriuw fanwegen misdragings ûntslach krige en dat er om dyselde reden ek fan skoalle stjoerd waard. As natuerlik lieder soe De Ruyter de oanfierder fan syn skoalmaten west hawwe, mar hy wie ek in dwerskop en in fjochtersbaas. Nettsjinsteande dat learde er genôch skriuwen en lêzen om him letter rêde te kinnen, sjoen de lochboeken fan sines dy't bewarre bleaun binne, al makke er syn Nederlânsk (yn in tiid dat der noch lang gjin sprake wie fan in standerttaal) mei Siuwske dialektismen ôf.

Yn 1618, doe't De Ruyter alve jier wie, gied er foar it earst nei see, eat dat nei syn eigen sizzen altyd al syn djipste hertewinsk west hie. Hy waard hoogbootmansjongen op in Steatsk skip. Yn dy tiid wie de Tachtichjierrige Oarloch tusken de Republyk fan 'e Feriene Nederlannen en it Keninkryk Spanje noch yn folle gong, en inkele jierren letter waard De Ruyter ferwûne troch de Spanjerts kriichsfinzen nommen en fêstset yn La Coruña, yn Galysje. Hy wist dêrwei lykwols te ûntsnappen en rûn mei in pear maten it hiele ein werom nei de Republyk, dwers troch Spanje, Frankryk en de Súdlike Nederlannen hinne. Dat ûnwierskynlike ferhaal is perfoarst autentyk, mei't berneboekeskriuwer John Brosens der yn Spaanske argiven stikken oer opdjippe hat by it ûndersyk dat er die foar yn histoaryske jeugdroman Koers Pal Noord.

Tsjin 'e tiid dat er fyftjin jier wie, yn 1622, hie De Ruyter himsels opwurke ta schipper, wat yn dy tiid de heechste ûnderofsiersrang op in skip wie. Dat jiers waard er promovearre ta hoogbootsmansmaat en yn dy hoedanichheid fear er foar it earst út op in oarlochsskip. It is ûnbekend hoelang't dy earste seetsjinst duorre hat, mar it kin nea net al te lang west hawwe, mei't De Ruyter datselde jiers noch op 'e noed kaam fan in omke oan syn memmekant. Dy omke wie ruter yn it leger fan steedhâlder Maurits fan Oranje-Nassau, dat op dat stuit by Kleef lei. Neffens de oerlevering soe it west hawwe om dizze man te earjen, dy't blykber in leaflingsomke fan him wie, dat De Ruyter letter 'De Ruyter' as efternamme oannaam. Guon histoarisy achtsje it wierskynliker dat de namme 'De Ruyter' ûntliend is oan it ruiten oftewol rôvjen fan skippen, sa't kapers dat diene. De stavering fan dy namme stie trouwens net fêst, noch it derby brûken fan it tuskenfoechsel 'de'. Nei goed santjinde-iuwsk gebrûk skreau ek De Ruyter sels syn namme op alderhanne manearen. Pas yn 'e njoggentjinde iuw begûn men standert de staveringsfariant 'De Ruyter' te brûken.

Mei syn omke naam De Ruyter letter dat jier as 'bussjitter' diel oan 'e striid tsjin 'e Spanjerts by it Belis fan Bergen op Soom. No is 'bussjitter' in dûbelsinnige beneaming, dy't sawol 'musketier' as 'kanonnier' betsjutte kin, mar it wurdt frij algemien oannommen dat De Ruyter as kanonnier tsjinne, om't oan sokken altyd in tekoart wie en seelju der net selden foar oanlutsen waarden, dy't ommers op harren skippen faak ek ûnderfining mei kanons opdien hiene. De Ruyter holp by Bergen op Soom, dêr't de famylje fan syn heit oarspronklik wei kaam, mei oan it ûntset fan 'e stêd fan 'e Spaanske belegering.

Karriêre as keapman en ûndernimmer Nei syn aventoeren by it Belis fan Bergen op Soom waard De Ruyter keapman, en yn dy hoedanichheid wied er oant 1631 foar it Flissingske keapmanshûs Lampsins aktyf as hannelsagint yn Dublin, dêr't er floeiend Iersk learde. Ut dy tiid stammet it ferneamde mar twivelige ferhaal dat De Ruyter, op in weromreis út Dublin, in besykjen fan 'e Dúntsjerker kapers om syn skip te interjen dwerseide troch de bûtenkant fan it skip yn te smarren mei Ierske bûter. By in oar treffen mei de Dúntsjerkers soed er in kapersskip ta oerjefte twongen hawwe troch der bretaalwei op ta te farren wylst syn eigen bemanning mar 17 koppen telde, wylst de Dúntsjerker 120 opfarrenden en tweintich kanonnen hie. De kaperkaptein joech him lykwols oer om't er miende dat inkeld in folle sterker skip op sa'n wize doare soe oan te fallen. By wer in oar treffen mei de Dúntsjerkers soe De Ruyter mei in houwiel oan 'e holle ferwûne rekke wêze, neffens Brandt de iennichste earnstige oarlochsferwûning dy't er ea oprûn foar de fatale treffer yn 1676.

Yn 1633 kaam De Ruyter as stjoerman oan board fan 'e walfiskfarder de Groene Leeuw. Dat wie in skip fan 'e Noardske Kompanjy, dat as bestimming it eilân Jan Mayen yn 'e Noarske See hie. Dy reis duorre fan 8 maaie oant 8 septimber. Yn 1635 fear er, noch hieltyd as stjoerman, op itselde skip nei Spitsbergen. Fierders wied er ek aktyf op 'e rûte nei Súd-Amearika. Yn 1637 sylde De Ruyter út as kaptein fan in saneamd 'direksjeskip', in partikulier oarlochsskip, dat yn dit gefal eigendom wie fan it Flissingske keapmanshûs Lampsins. Mei dat skip moast er de swakke Steatske float bystean yn 'e striid tsjin 'e Dúntsjerker kapers. Om't Seelân net in offisjele direksjekeamer hie, kin De Ruyter sels op dizze tocht ek as kaper beskôge wurde. Yn 1640 waard er kaptein op 'e keapfarder Vlissinge, op 'e nij yn 'e tsjinst fan Lampsins. Mei dat skip makke De Ruyter in stikmannich reizen nei West-Ynje.

Yn 1641 gie De Ruyter koart yn Steatske oarlochstsjinst. Hy tsjinne doe mei de rang fan skout-by-nacht en kaptein fan it oarlochsskip De Haze ûnder fise-admiraal Aert Gijsels van Lier, en focht yn 'e Slach by Kaap Sint-Finsint tsjin 'e Spaanske marine. Dat alles yn it ramt fan 'e Portegeeske Restauraasjeoarloch, wêrmei't it Keninkryk Portegal him nei sechstich jier Spaanske besetting wer ta in ûnôfhinklik lân ûntjoech.

Fan 1644 oant en mei 1651 makke De Ruyter mei syn skip de Salamander as selsstannich ûndernimmer in soad hannelsreizen op Marokko en West-Ynje. Yn 1650 ferbleau er mear as acht moannen yn 'e havenstêd Agadir, yn súdlik Marokko. De reden dêrfoar is net bekend, mar wol liet er optekenje dat er dêr "mei in protte fertriet" tahold. Syn reizen nei Marokko wiene fierders tige winstjaand. Hy ferkocht der wapens, piper, bilen, sulverne drinknappen, houten kistkes en huodden oan Sidi Ali ben Mohammed, in opstannelingelieder yn in súdlik provinsje. Ek ferjage er in kear de Barbarijske seerôvers dy't mei harren skippen de haven fan Salé blokkearren, wêrnei't er mei grut earbetoan yn 'e tankbere stêd ûntfongen waard.

Houlik en gesin Under de namme fan Machghyel Adriaenszoon troude De Ruyter op 16 maart 1631 mei de boeredochter Maayke Velders út it Walcherske Grijpskerke. Dy kaam lykwols al op 31 desimber fan datselde jier yn it kreambêd te ferstjerren. Harren bern, it dochterke Alida of Aaltje, stoar trije wiken letter.

De Ruyter wertroude op 1 july 1636 mei Neeltje Engels (1607-1650), dy't út in begoedige regintefamylje kaam. Mei har krige er fiif bern: Adriaen (1637-1655), Cornelia of Neeltje (1639-1720), in trêde dochterke (1641) dat lykwols nei in pear dagen sûnder doopt te wêzen ferstoar, Alida of Aaltje (1642-1679) en Engel (1649-1683). Tsjin 'e tiid dat De Ruyter yn 1650 foar de twadde kear widner waard, hied er al in fermogen opboud fan tsientûzenen gûnen en dêropta it poorterschap (boargerrjocht) fan Flissingen krigen.

Datselde jiers wertroude De Ruyter op 'e nij, te witten op 15 septimber 1650. Syn trêde frou wie de seemanswiddo Anna van Gelder (1614-1687), dy't in foardochter hie út har eardere houlik. Mei har sette De Ruyter him nei wenjen yn in rom hûs op 'e hoeke fan 'e Lange Nieuwstraat en it Groenewoud, dêr't er rinteniere woe. Dat rûn lykwols oars, want yn 1655 ferhuze er mei syn gesin nei Amsterdam, dêr't er in hûs kocht oan wat doe de Buitenkant hiet, no Prins Hendrikkade 131. Mei Anna krige er noch twa dochters: Margaretha (1650-1???) en Anna (1655-1666), dy't mei alve jier oan 'e pest beswike soe.

Hast al De Ruyter syn bern kamen jong te ferstjerren. Syn soan Engel soe it ta fise-admiraal bringe, mar hy troude nea en stoar sûnder bern. De hiele hjoeddeistige neiteam fan De Ruyter, besteande út 'e famylje De Ruyter de Wildt en De Ruyter van Steveninck, stammet ôf fan syn dochters Alida, resp. Margaretha. Dy lêste troude mei in Somer, wylst Alida yn 1663 troude mei Johan Schorer (1628-1664) en yn 1664 wertroude mei de predikant Thomas Potts.

Karriêre yn Steatske tsjinst Earste Ingelske Oarloch Nei't der mei de Frede fan Múnster yn 1648 in ein oan 'e Tachtichjierrige Oarloch kaam, rekke Steatske float alhiel fertutearze. Doe't yn 1652 de Earste Ingelske Oarloch útbriek, moasten der halje-trawalje in soad skippen mei kundige bemannings en kapteins tafoege wurde om wjerstân biede te kinnen oan 'e sterke marine fan 'e Ingelske Republyk fan Oliver Cromwell. De Admiraliteit fan Seelân die doe in berop op û.o. De Ruyter, dy't sadwaande ein july fan dat jier út plichtsbesef, sij it mei tsjinnichheid, wer tsjinst naam. Hy waard oansteld as kommandant fan in partikulier betelle helpeskader fan direksjeskippen, dat foar it meastepart bestie út hastich omboude keapfardijskippen.