Angelina Jolie (berne Angelina Jolie Voight) (Los Angeles,, 4 juny 1975) is in Amerikaansk aktrise en Goodwill Ambassadeur foar de UN Refugee Agency. Sy hat trije Golden Globe Awards, twa Screen Actors Guild Awards, en in Academy Award wûn. Jolie set har yn foar humanitêre saken oeral yn de wrâld, en is bekend om har wurk foar flechtlingen by de UNHCR. Sy wurdt ien fan de kreaste froulju yn de wrâld neamd en har priveelibben kin op in protte omtinken rekkenje.

Jolie is de dochter fan de akteur Jon Voight en Marcheline Bertrand. Nei de skieding fan har âlden hat hja har heit lange tiid net sjoen, letter binne se wol wer goed wurden. Har earste filmoptreden yn 1982 wie neist har heit.

Jolie is skieden fan de akteurs Jonny Lee Miller en Billy Bob Thornton. Hjoeddeisk wennet hja mei akteur Brad Pitt, in ferhâlding dy't wrâldwiid omtinken fan de media kriget. Jolie en Pitt hawwe trije adoptearre bern, Maddox, Pax, and Zahara, en ek trije bern fan harren sels, Shiloh, Knox, en Vivienne. Septimber 2016 waard bekend dat Jolie in skieding oanfrege hat.

Karriêre Hoewol't hja foar har rol in de film Girl, Interrupted yn maart 2000 al de Oscar foar bêste froulike byrol wûn, krige har bekendheid in hichtepunt yn 2001 troch har rol as Lara Croft yn de film Tomb Raider. Yn 't earstoan hie Jolie de reputaasje fan saneamde Hollywood-rebel, mei troch har iepenheid oer har depresje, automutilaty, biseksualiteit en har foarkar foar tatoeaazjes en messen. Troch har wurk as ambassadeur fan de UNHCR en de adopsjes fan har bern krige hja letter een mylder imago.

Yn augustus 2001 waard Jolie beneamd ta ' goodwill ambassadeur ' fan de UNHCR, nei't hja foar dy organisaasje de lannen Sierra Leone en Tanzania besocht hie. Jolie krige yn 2005 it Kambodjaansk steatsboargerskip as tank foar har krewearjen foar it miljeu yn dat lân Dit wie mooglik troch in dekreet fan kening Norodom Sihamoni.

Yn 2005 besocht se foar de UNHCR flechtlingekampen yn noardlik Thailân oan de grins mei Myanmar. Hja hie doe wilens mear as 20 besites brocht oan opfangsintrums foar fan hûs en hiem ferdreaunen oer de hiele wrâld sûnt hja yn 2001 begûn mei har wurk foar dizze FN-organisaasje.

Filmografy

| 1982 | Lookin' to Get Out | Tosh

| 1993 | Cyborg 2 | Casella "Cash" Reese

|rowspan="2"|1995 | Without Evidence | Jodie Swearingen

| Hackers | Kate "Soer Baarnd" Libby

|rowspan="3"|1996 | Mojave Moon | Eleanor "Elie" Rigby

|Love Is All There Is | Gina Malacici

|Foxfire | Margret "Skonken" Sadovsky

|rowspan="3"| 1997 | True Women (TV) | Georgia Virginia Lawshe Woods

| George Wallace (TV) | Cornelia Wallace |Golden Globe Award for Best Supporting Actress – Series/Miniseries/TV MovieNom. – Emmy Award for Best Supporting Actress in a Miniseries or a Movie |- | Playing God | Claire

| rowspan="4"| 1998 | Gia (TV) | Gia Marie Carangi |Golden Globe Award for Best Actress in a Mini-Series or Motion Picture Made for TVScreen Actors Guild Award for Best Actress in a TV Movie or MiniseriesNom. – Emmy Award for Best Actress in a Miniseries or a Movie |- | Hell's Kitchen | Gloria McNeary

| Playing by Heart | Joan |National Board of Review Award – Breakthrough Performance |- | Pushing Tin | Mary Bell

| rowspan="2"| 1999 | The Bone Collector | Amelia Donaghy || |- | Girl, Interrupted | Lisa Rowe |Academy Award for Best Supporting ActressBroadcast Film Critics Association Award for Best Supporting ActressGolden Globe Award for Best Supporting Actress – Motion PictureScreen Actors Guild Award for Best Supporting Actress – Motion PictureNom. – Chicago Film Critics Association Award for Best Supporting Actress |- | 2000 | Gone in Sixty Seconds | Sara "Sway" Wayland

| rowspan="2"| 2001 | Lara Croft: Tomb Raider | Lara Croft |Nom. — MTV Movie Award for Best Female PerformanceNom. — MTV Movie Award for Best Fight |- | Original Sin | Julia Russell

| 2002 | Life or Something Like It | Lanie Kerrigan

| rowspan="2"| 2003 | Lara Croft: Tomb Raider – The Cradle of Life | Lara Croft

| Beyond Borders | Sarah Jordan

| rowspan="5"| 2004 | Taking Lives | Illeana Scott

| Shark Tale | Lola |Stim |- | Sky Captain and the World of Tomorrow | Francesca "Franky" Cook |People's Choice Award – Favorite Female Action Star |- | The Fever (TV) | Revolúsjonêr |Cameo |- | Alexander | Olympias

| 2005 | Mr. & Mrs. Smith | Jane Smith |MTV Movie Award for Best FightNom. – MTV Movie Award for Best KissNom. – People's Choice Award – Favorite Female Movie StarNom – People's Choice Award – Favorite Female Action StarNom. – People's Choice Award – Favorite On-Screen Match-Up (mei Brad Pitt) |- | 2006 | The Good Shepherd | Margaret Russell

| rowspan="2"| 2007 | A Mighty Heart | Mariane Pearl |Nom. – Broadcast Film Critics Association Award for Best ActressNom. – Chicago Film Critics Association Award for Best ActressNom – Golden Globe Award for Best Actress – Motion Picture DramaNom. – Independent Spirit Award for Best Lead FemaleNom. – London Film Critics Circle Award for Best ActressNom. – Online Film Critics Society Award for Best ActressNom. – Screen Actors Guild Award for Best Actress – Motion Picture |- | Beowulf | Grendel's mem |Nom. – MTV Movie Award for Best Villain |- |rowspan="3"| 2008 |Kung Fu Panda | masteresse Tigerinne | Stim |- | Wanted | Fox |People's Choice Award – Favorite Female Action StarNom – People's Choice Award – Favorite Female Movie StarNom. — MTV Movie Award for Best Female PerformanceNom. — MTV Movie Award for Best KissNom. — MTV Movie Award for Best WTF Moment |- | Changeling | Christine Collins |Saturn Award for Best ActressNom. – Academy Award for Best ActressNom. – BAFTA Award for Best Actress in a Leading RoleNom. – Broadcast Film Critics Association Award for Best ActressNom. – Chicago Film Critics Association Award for Best ActressNom. – Golden Globe Award for Best Actress – Motion Picture DramaNom. – London Film Critics Circle Award for Best ActressNom. – Screen Actors Guild Award for Best Actress – Motion Picture |- | 2010 | Salt | Evelyn Salt

|2010 | The Tourist | Elise Clifton-Ward

| 2011 | Kung Fu Panda Holiday | masteresse Tigerinne |Stim |- | 2011 | Kung Fu Panda 2 | masteresse Tigerinne |Stim |- | 2014 | Maleficent | Maleficent

|2015 |By the Sea |Vanessa

|2016 |Kung Fu Panda 3 |masteresse Tigerinne |Stim |- |2019 |Maleficent: Mistress of Evil |Maleficent

|2020 |Come Away |Rose Littleton

|2020 |The One and Only Ivan |Stella |Stim |- |2021 |Those Who Wish Me Dead |Hannah Faber

|2021 |Eternals |Thena

Keppelings om utens UNHCR Goodwill Ambassador Angelina Jolie, offisjeel hiemstek by UNHCR.org Angelina Jolie's Refugee Journals, Jolie's reisdeiboeken (2002–2005) by UNHCR.org Journey Through Eastern Congo, multimedia sjoernaal, ferteld troch Jolie

Kategory:Amerikaansk filmakteur Kategory:Amerikaansk stimakteur Kategory:Amerikaansk filmregisseur Kategory:Amerikaansk filmprodusint Kategory:Amerikaansk senarioskriuwer Kategory:Amerikaansk polityk aktivist Kategory:Goodwill-ambassadeur fan de Feriene Naasjes Kategory:Amerikaansk piloat Kategory:Oscar-winner Kategory:Golden Globe-winner Kategory:Amerikaansk akteur fan Yndiaansk komôf Kategory:Amerikaansk regisseur fan Yndiaansk komôf Kategory:Amerikaansk produsint fan Yndiaansk komôf Kategory:Amerikaansk skriuwer fan Yndiaansk komôf Kategory:Amerikaansk aktivist fan Yndiaansk komôf Kategory:Persoan fan Irokeesk komôf Kategory:Persoan fan Huroansk komôf Kategory:Amerikaansk persoan fan Dútsk komôf Kategory:Amerikaansk persoan fan Frânsk-Kanadeesk komôf Kategory:Amerikaansk persoan fan Nederlânsk komôf Kategory:Amerikaansk persoan fan Slowaaksk komôf Kategory:Persoan berne yn 1975