thumb|250px|Simon Vinkenoog op 12 oktober 2008
Simon Vinkenoog (Amsterdam, 18 july 1928 – Amsterdam, 12 july 2009) wie in Nederlânsk skriuwer fan proaza en poëzij.
Simon Vinkenoog waard berne yn de folkswyk De Piip. Yn 1944 helle er syn MULO-diploma.
Yn 1949 en 1956 reizge er foar de UNESCO nei Parys dêr't er úteinlik 8 jier wenne hat.
Hy debutearre yn 1950 mei de gedichtebondel: "Wondkoorts". Itselde jier, doe't er 21 wie, liet er it literêre blêd Blurb it ljocht sjen. Oan dat blêd namen Hans Andreus, Armando, Hugo Claus, Jan Hanlo, W.F. Hermans en Hans Lodeizen diel. Blurb en it literêr tiidskrift Braak foarmen de ynlieding ta de peroade fan Vijftigers, de fernijende literêre streaming fan de jierren 50.
Vinkenoog hie in protte ûnderfining mei hallusinogene middels. Oprjochter Ted Klautz fan it esotearyske tiidskrift Bres frege him yn 1968 om in artikel oer LSD. Oant 2004 folgde doe in lange rige bydragen yn de rubryk Wereld in beweging
By de Twadde Keamerferkiezings 2006 wie Vinkenoog listtriuwer foar de partij Groen Vrij!, dy't legalisaasje fan kannabis foar stie. Dit hat net laat ta in sit yn de Keamer, mar levere him wol de bynamme fan "wytambassadeur" op.
Vinkenoog is seis kear troud, de lêste kear op 1 septimber 1989 mei Edith Ringnalda (Amsterdam, 5 july 1954). Hy hie fiif bern.
Vinkenoog is stoarn oan in SFA.
Bibliografy 1950 - Wondkoorts, gedichten 1951 - Atonaal, bloemlezing 1952 - Land zonder nacht: gedichten 1953 - Heren Zeventien: proeve van waarneming 1954 - Zo lang te water, een alibi (roman) 1955 - Lessen uit de nieuwe school van taboes en andere gedichten 1956 - Tweespraak: gedichten (mei Hans Andreus) 1957 - Onder eigen dak: gedichten 1957 - Enkele reis Nederland 1957 - Eerste persoon meervoud: autobiografisch 1962 - Hoogseizoen (roman) 1962 - Spiegelschrift, gebruikslyriek: gedichten 1964 - Gesproken woord 1965 - Liefde: zeventig dagen op ooghoogte (roman) 1966 - Eerste gedichten (1949-1965) 1968 - Weergaloos: ontdekkingen naar de waarheid 1972 - Wonder boven wonder: gedichten 1965-1971 1976 - Mij best, gedichten 1971-1975 1978 - De andere wereld, proza 1978 - Het huiswerk van de dichter, gedichten 1979 - Bestaan en begaan (1972-1978) 1980 - Jack Kerouac in Amsterdam 1980 - Moeder Gras 1981 - Poolshoogte/Approximations 1982 - Voeten in de aarde en bergen verzetten 1985 - Maandagavondgedichten 1983-1985 1986 - Stadsnatuur, dagboeknotities 1986 - Coito ergo Sum: samenspraak der eenwording 1986 - O boze droom 1987 - Leven en dood van Marcel Polak, biografie 1987 - Heren zeventien, proeve van waarneming 1988 - Op het eerste gehoor, gedichten 1993 - Louter genieten, gedichten 1996 - Het hoogste woord: De stem van Simon Vinkenoog 1998 - Vreugdevuur, gedichten 1998 - Herem'n tijd, kroniekschrijving van 30 jaar 'Wereld in beweging''' 1999 - De ware Adam (gedichten uit de jaren negentig) 2000 - De ware Adam (gedichten rond de eeuwwisseling) 2001 - Me and my peepee (vertalingen van gedichten van Allen Ginsberg) 2004 - Goede raad is vuur ('poëtische handreiking') 2006 - Zonneklaar, gedichten 2008 - Am*dam Madmaster 2008 - Laat nooit deze brief aan iemand lezen (Briefwikseling mei Hugo Claus 1951-1956)
Diskografy Albums 1960 - Stem uit de groef 2006 - Ja! (mei Spinvis) 2008 - Ritmebox'' (mei Spinvis)
Keppelings om utens Webstek Simon Vinkenoog Keninklike Bibleteek Samling Simon Vinkenoog by it IISG Telefyzjedokumintêre fan KRO Profyl oer Simon Vinkenoog Simon Vinkenoog fertelt oer syn tachtichste jierdei, NOS, útstjoerd 16 july 2008 Ljochtpunt: Tiidgenoaten: Simon Vinkenoog (yn petear mei Hugo Camps), Eén (VRT), opnommen healwei maart 2009, útstjoerd 17 maaie 2009 Lêste telefyzje-ynterview mei Vinkenoog op AT5, 25 juny 2009
Kategory:Nederlânsk dichter Kategory:Nederlânsk romanskriuwer Kategory:Nederlânsk koarte-ferhaleskriuwer Kategory:Nederlânsk autobiograaf Kategory:Nederlânsk deiboekskriuwer Kategory:Nederlânsk sjoernalist Kategory:Persoan berne yn 1928 Kategory:Persoan stoarn yn 2009