Gerrit de Vries (Aldeberkeap, 13 maaie 1967) is in earder Fryske hurdfytser.
Mei John Talen, Tom Cordes en Rob Harmeling waard Gerrit de Vries yn 1986 wrâldkampioen op de 100 km ploegetiidrit yn Colorado Springs. Hy die mei oan de Olympyske Spullen fan 1988 yn Seoel (Súd-Korea) en einige dêr as alfte. Hy die tusken 1990-1997 sân kear mei oan de Omgong fan Frankryk, wêrfan er yn 1991 twadde waard yn it jongereinklassemint. Yn 1992 foel er út troch in bekkenbreuk. Hy ried ûnder oaren foar de ploegen Superconfex, Buckler, TVM en Team Polti. Tusken 1989 en 1997 wie Gerrit de Vries profesjonal.
Tsjintwurdich wennet er yn Swol en is er fertsjintwurdiger yn sportklean. Gerrit de Vries is troud en heit fan twa bern.
Wichtichste oerwinnings 1986 Wrâldkampioen 100 km ploegentiidrit (mei John Talen, Tom Cordes en Rob Harmeling)
1990 4de etappe Stjer fan Bessèges
Resultaten Omgong fan Frankryk 1990 - 67e 1991 - 34e 1992 - 1993 - 55e 1994 - 77e 1996 - 119e 1997 - 125e
Ploegen 1989 - Superconfex-Yoko 1990 - Buckler 1991 - Buckler 1992 - Buckler 1993 - TVM-Bison Kit 1994 - Novemail-Histor 1995 - Novell 1996 - Team Polti 1997 - Team Polti
Kategory:Frysk hurdfytser Kategory:Frysk Olympysk dielnimmer Kategory:Stellingwerfsk persoan Kategory:Persoan berne yn Aldeberkeap Kategory:Persoan berne yn 1967