thumb|right|Paris Hilton, 2021 thumb|Paris Hilton yn Cannes op it Filmfestival thumb|Plysjefoto fan Paris Hilton Paris Whitney Hilton (New York City, 17 febrewaris 1981) is in Amerikaanske society-stjer, model, sjongster, DJ en aktrise. Lykas har suster Nicky Hilton is hja in oerpakesizzer fan Conrad Hilton, de oprjochter fan de Hilton Hotels Corporation.
Paris Hilton begûn bekend te wurden by it publyk troch it yn trewyn bringen fan feesten. Sûnt hja mei doetiidske freon Rick Salomon yn in selsmakke seksfideo te sjen wie, dy't 'útlekt' wie op it ynternet, hat hja in model-, muzyk- en filmkarriêre opbouwe kind. De seksfideo waard letter ûnder de titel 1 Night in Paris op dvd útbrocht.
It grutte famyljekapitaal stelt har by steat oermjittich te libjen. Sy sil in part fan de Hilton Hotel Corporation ervje fan har heit. It fermogen fan de famylje Hilton wurdt rûzd op $ 2,3 miljard, wat omrekkene sa'n € 1,5 miljard is. Op 17 septimber 2007 krige Paris Hilton € 86 miljoen fan har pake.
Filmografy Films Wishman (1991) Sweetie Pie - (2000) Zoolander (2001) - Paris Hilton Nine Lives (2002) - Jo QIK2JDG (2002) 1 Night in Paris (2003) - Paris Hilton L.A. Knights (2003) - Sadie Wonderland (2003) - Barbie The Cat in the Hat (2003) Win a Date with Tad Hamilton! (2004) The Hillz (2004) - Heather Smith Raising Helen (2004) - Amber House of Wax - (2005) Paige Bottoms Up (2006) Lisa Mancini Pledge This! (2006) - Victoria English The Hottie and the Nottie - (2008) Cristabelle Abbott Repo! the Genetic Opera (2008) - Amber Sweet An American Carol (2008) - Paris Hilton Rex (2009) - Paris Hilton Pedal To The Metal (2009) - Jane The Dog Who Saved Christmas Vacation (2010) - Bella The Bling Ring (2013) - Paris Hilton
Telefyzjeoptredens 'Paris' my new BFF The Simple Life The Simple Life 2: Road Trip The Simple Life 3: Interns The Simple Life 4: Till Death Do Us Part The Simple Life 5: Goes To Camp Veronica Mars (gastrol) The OC (lytse gastrol) Las Vegas (lytse gastrol) Eminem's video Just lose it Supernatural, seizoen 5, ôflevering 5 as harsels
Trivia Hilton hat blauwe eagen troch it dragen fan kontaktlinzen. De wiere kleur fan har eagen is brún. Hilton stammett neffens de Dútske genealooch Ralf Jahn fan keizer Karel de Grutte ôf. Dat is net sa bysûnder, statistysk is it sa dat in mannichte minsken yn de westlike wrâld fan him ôfstammet. Hja is ek besibbe âld-presidint Theodore Roosevelt en Elizabeth Taylor. Zsa Zsa Gábor is har styf-âldebeppe. Sy wie troud mei Conrad Hilton, Paris har âldepake. De fans fan Paris neame harren Little Hiltons, in oantsjutting dy't Paris sels ek brûkt foar har fans.
Keppelings om utens Paris Hilton | Offisjele webstee Paris Hilton | The Record
Kategory:Amerikaansk model Kategory:Amerikaansk telefyzje-akteur Kategory:Amerikaansk filmakteur Kategory:Dielnimmer oan in Amerikaansk realitytelefyzjeprogramma Kategory:Amerikaansk telefyzjepresintator Kategory:Amerikaansk sjonger Kategory:Amerikaansk moadeûntwerper Kategory:Amerikaansk ûndernimmer Kategory:Amerikaansk autobiograaf Kategory:Amerikaansk societystjer Kategory:Amerikaansk persoan fan Dútsk komôf Kategory:Amerikaansk persoan fan Iersk komôf Kategory:Amerikaansk persoan fan Ingelsk komôf Kategory:Amerikaansk persoan fan Italjaansk komôf Kategory:Amerikaansk persoan fan Noarsk komôf Kategory:Persoan berne yn 1981