thumb|Esther Williams 1945 right|thumb|Yn Million Dollar Mermaid (1952) Esther Jane Williams (8 augustus 1921 - Beverly Hills, 6 juny 2013) wie in Amerikaansk aktrise en profesjoneel swimster.

Biografy Williams begûn mei swimmen yn har jeugd en ûntjoech har ta in kampioen fan de Nasjonale AAU. Yn de jierren 40 waard Williams ek in aktrise. Har âldere broer Stanton Williams wie in akteur yn de jierren 20, mar stoar al mei 16 jier.

Doe't Williams in bekende aktrise waard, die sy ek stunts, anneks oan it swimmen. Hja rekke mear as ien kear ferwûnne en bruts har nekke by it filmjen fan Million Dollar Mermaid. Fierders rekken har trommefluezen skansearre.

Nei't sy Metro-Goldwyn-Mayer ferliet yn 1956, rekke har karriêre yn de nederklits. Hja stoppe mei aktearjen yn de jierren 60. Neitiid kaam sy mei in eigen badmoade line en wie har namme noch ferbûn mei in bedriuw fan swimbaden.

Williams troude fjouwer kear. Mei har lêste man is se sûnt 1994 troud.

Filmografy Andy Hardy's Double Life (1942) A Guy Named Joe (1943) Bathing Beauty (1944) Thrill of a Romance (1945) Ziegfeld Follies (1946) The Hoodlum Saint (1946) Easy to Wed (1946) Till the Clouds Roll By (1946) (Cameo) Fiesta (1947) This Time for Keeps (1947) On an Island with You (1948) Take Me Out to the Ball Game (1949) Neptune's Daughter (1949) Duchess of Idaho (1950) Pagan Love Song (1950) Texas Carnival (1951) Callaway Went Thataway (1951) (Cameo) Skirts Ahoy! (1952) Million Dollar Mermaid (1952) Dangerous When Wet (1953) Easy to Love (1953) Jupiter's Darling (1955) The Unguarded Moment (1956) Raw Wind in Eden (1958) The Big Show (1961) Magic Fountain (1963)

Keppelings om utens De Gouden Jierren Esther Williams Swimming Pools website Offisjele Esther Williams Webstee Foto's fan Esther Williams

Kategory:Amerikaansk filmakteur Kategory:Amerikaansk telefyzje-akteur Kategory:Amerikaansk swimmer Kategory:Amerikaansk autobiograaf Kategory:Persoan berne yn 1921 Kategory:Persoan stoarn yn 2013