thumb|Publisiteitsfoto (±1930) thumb|yn Dinner at Eight (1933) Jean Harlow (Kansas City (Missouri), 3 maart 1911 - Los Angeles (Kalifornje), 7 juny 1937) wie in Amerikaansk aktrise.
Harlow wie ek wol bekend as "The Platinum Blonde", en is neffens de media de opfolchster fan it earste sekssymboal fan de wrâld, Clara Bow en de foargongster fan de Marilyn Monroe.
Harlow wurdt rekkene ta de grutste filmstjerren fan alle tiden troch it Amerikaansk Film Ynstitút. Harlow wie de stjer yn ferskate films dy't meast ek makke waarden om har sex appeal en sterke optreden op it wite doek goed útkomme te litten; letter kamen de bettere rollen en waard sy enoarm ferneamd ûnder kontrakt fan Metro-Goldwyn-Mayer (MGM). Harlow har grutte populêrens en har "laughing vamp"-imago wiene skrille tsjinstellingen fan har persoanlik libben dat tekene waard troch teloarstelling,en úteinlik har hommels ferstjerren troch nierfalen yn de âldens fan 26 jier.
Filmografy (kar-út) 1929: Double Whoopee 1929: The Love Parade 1930: Hell’s Angels 1931: The Public Enemy 1931: Iron Man 1931: Goldie 1931: Platinum Blonde 1932: Three Wise Gir 1932: The Beast of the City 1932: Red-Headed Woman 1932: Red Dust 1933: Dinner at Eight 1933: Bombshell 1933: Hold your Man 1934: The Girl from Missouri 1935: Reckless 1935: China Seas 1935: Riffraff 1935: (Wife vs. Secretary) 1936: Suzy 1936: Libeled Lady 1937: Personal Property 1937: Saratoga
Filmdokumintaasje Harlow: The Blonde Bombshell. TV-dokumintêre fan Jom McQuade. USA 1993, Turner Intimate Portrait: Jean Harlow''. TV-dokumintêre fan Suju Vijayan. USA 1999, The Greif Company
Keppeling om utens De Offisjele Jean Harlow webstee Jean Harlow: The Platinum Page
Kategory:Amerikaansk stomme-filmakteur Kategory:Amerikaansk filmakteur Kategory:Persoan berne yn 1911 Kategory:Persoan stoarn yn 1937