thumb|right|200px|Jessica Lange 2008. Jessica Phyllis Lange (Cloquet (Minnesota), 20 april 1949) is in Amerikaansk filmaktrise.
Op har earste filmrollen, benammen dy yn 'King Kong', wie in soad negative krityk, mar yn 1981 koe hja har kritisy oertsjûgje fan har talint mei de haadrol fan oerhuorrige servearster yn Bob Rafelson syn ferzje fan The Postman Always Rings Twice, wêryn't sy tsjinoer Jack Nicholson spile. Fan doe ôf hat Lange geregeldwei yn spylfilms en fan 1990 ôf ek yn it teater te sjen west.
Fan 1971 oant 1981 wie sy troud mei fotograaf Paco Grande en fan 1982 ôf hat hja in ferhâlding mei akteur/toanielskriuwer Sam Shepard. Sy hat trije bern, Alexandra (1981) fan de Russyske dûnser Mikhail Baryshnikov, Hanna (1985) en Walker (1987) fan Shepard. Hja wennet tsjintwurdich yn New York.
Jessica Lange is ambassatrise foar Unicef.
Academy Awards 1983 - Bêste Froulike Byrol - Tootsie 1995 - Bêste Aktrise - Blue Sky
Filmografy King Kong (1976) All That Jazz (1979) The Postman Always Rings Twice (1981) Tootsie (1982) Frances (1982) Country (1984) Sweet Dreams (1985) Crimes of the Heart (1986) Far North (1988) Music Box (1989) Men Don't Leave (1989) Cape Fear (1991) Blue Sky (1994) Losing Isaiah (1995) Rob Roy (1995) Hush (1998) Titus (1999) Big Fish (2003) Broken Flowers (2005) Bonneville (2008) Grey Gardens (2009) The Vow (2012) The Gambler'' (2014)
Keppeling om utens Jessica Lange op Prisma Online
Kategory:Amerikaansk model Kategory:Amerikaansk toanielakteur Kategory:Amerikaansk telefyzje-akteur Kategory:Amerikaansk filmakteur Kategory:Amerikaansk fotograaf Kategory:Amerikaansk polityk aktivist Kategory:Goodwill-ambassadeur fan de Feriene Naasjes Kategory:Oscar-winner Kategory:Emmy-winner Kategory:Golden Globe-winner Kategory:Amerikaansk persoan fan Dútsk komôf Kategory:Amerikaansk persoan fan Finsk komôf Kategory:Amerikaansk persoan fan Nederlânsk komôf Kategory:Persoan berne yn 1949