thumb|Hanna en Pommetje Pommetje Horlepiep wie in bernerige dy't útstjoerd waard fan 29 oktober 1976 oant en mei 28 desimber 1979. Pommetje Horlepiep wurdt wol sjoen as de opfolger fan Swiebertje, dat skreaun wie troch deselde skriuwer, John H. uit den Bogaard.

Omt Swiebertje tige slagge wie woe Uit den Boogaard it nochris besykje mei Pommetje Horlepiep. Akteur en regisseur Frits Butzelaar waard frege om it ferhaal foar in telefyzje rige foar de NCRV te bewurkjen. Fan Pommetje binne fjouwer rigen makke. Fergelike mei Swiebertje duorre it telefyzjelibben fan Pommetje koart. Yn 39 ôfleverings, dy't op de foarjûn fan sân oere ôf delset wiene, skoep Uit den Bogaard op'n nij in figuer dy't yndruk op it publyk makke.

Rolferdieling Pommetje Horlepiep - Bram Biesterveld Jonker Sebastiaan Roos van Leeuwenborgh - Ton Lensink Baron Theobald - Henk Molenberg Hanna - Teddy Schaank Moppie Leutermans - Paul Meijer Gijs Kwast - John Leddy Ieke Maris - Sylvia de Leur Aagje Hobbes - Johanneke van Kooten Martje Kraats - Marlous Fluitsma Evert Pruim - Jan Kruyk Boer Gerrit/Teun - Sacco van der Made Boerin Griet - Annemarie - Marjan Berk Fjildwachter Geitebrei - Bert van der Linden Marskreamer - Willy Ruys

Regy - Frits Butzelaar Senario - John uit den Bogaard Muzyk - Ruud Bos Produksje - Dieke van Waveren, Else Flim, Ella Weisbrod, Fred Koster

Kategory:Nederlânske bernesearje Kategory:Nederlânsktalige telefyzjesearje Kategory:Telefyzjesearje út 1976