thumb|Laetitia Casta yn 2005 thumb|Laetitia Casta yn 1999 Laetitia Maria Laure Casta (Pont-Audemer, 11 maaie 1978) is in Frânske aktrise en supermodel.

Jonkheid Casta waard berne yn Pont-Audemer, Normandje. Casta har mem, Line Blin, is fan Normandje; har heit, Dominique Casta, komt fan Korsika. Sy hat in âldere broer, Jean-Baptiste, en in jongere suster, Marie-Ange. Har bernejierren hat sy trochbrocht yn Normandje en Noisy-le-Grand.

Karriêre Casta's karriêre begûn doe't hja opmurken waard troch in fotograaf yn in fakânsje op Korsika mei har famylje doe't sy 15 wie.

Casta hat it offisjele gesicht fan L'Oreal west. Se wie te sjen yn reklamekampanjes fan Guess?, yn de Sports Illustrated-badpakkespesjel, op de Pirelli-kalinder en yn de Victoria's Secret-katalogus.

Hja is sûnt 2001 mei de Italjaanske akteur Stefano Accorsi en op 21 septimber 2006 krigen se harren earste berntsje, Orlando. Casta hat ek in dochter by fotograaf Stéphane Sednaoui: Sahteene.

Filmkarriêre Le Milieu de l'horizon, 2019 A Faithful Man, 2018 Rio 2, 2014 A Woman as a Friend, 2014 Des lendemains qui chantent, 2014Sous les jupes des filles, 2014Une histoire d'amour (2013)Do Not Disturb (2012)Arbitrage (2012)La nouvelle guerre des boutons (2011) Derrière les murs (2011) fan Julien Lacombe en Pascal Sid : Suzanne Sévère (20110 fan Hélène Fillières Rio (2011) fan Carlos Saldanha : stim fan Perla La Guerre des boutons (2011) fan Christophe Barratier Serge Gainsbourg, vie héroïque (2010) as Brigitte Bardot La jeune fille et les loups (2008) Le grand appartement (2006) La déraison du Louvre (2006) Luisa Sanfelice (2004) telefyzjerige Errance (2003) Rue des plaisirs (2003) Âmes fortes, Les (2001) Gitano (2000) La Bicyclette Bleue (2000) telefyzjerige Asterix & Obelix tsjin Caesar (1999)

Teater Ondine (2004) toanielstik fan Giraudoux, Théâtre Antoine Elle t'attend (2008) toanielstik fan Florian Zeller, Théâtre de la Madeleine

Boeken Laetitia Casta troch Laetitia Casta, ISBN 0-670-88819-2 thumb|rechts|Laetitia Casta yn 2005 As Marianne Yn 1999 waard Casta ferkeazen om model te stean foar de nije búste fan Marianne'', it allegoryske symboal fan de Frânske Republyk, dy't yn elts Frânsk stêdhûs te finen is. Casta fersloech model Inès de la Fressange. Marianne's mjitten wurde noch alris feroare, mar eltse boargemaster wol sels de búste kieze foar syn doarp of stêd, sadat besteande Mariannes maklik werbrûkt wurde kinne. Enkêtes hawwe útwiisd dat Casta, Brigitte Bardot en Catherine Deneuve it populêrste binne by de boargemasters.

Keppelings om utens

Laetitia Casta's Offisjele webstee Laetitia Casta's profyl yn de FMD-databank

Kategory:Frânsk model Kategory:Frânsk telefyzje-akteur Kategory:Frânsk filmakteur Kategory:Normandysk persoan Kategory:Frânsk persoan fan Korsikaansk komôf Kategory:Persoan berne yn 1978