Paulus de Boskkabouter (yn it oarspronklike Nederlânsk: Paulus de Boskabouter) is in skepping fan de Nederlânske striptekener Jan van Oort dy't yn 1946 ûnder pseudonym fan Jean Dulieu (= Frânske oersetting fan syn namme) it earste Paulustekentelsje makke yn Het Vrije Volk. De rige waard al rillegau in súkses en waard ek as boek publisearre. Letter kaam der ek in radioharkspulsearje en in telefyzjepopperige.

De boekjes waarden ûnder oaren yn it Dútsk, Ingelsk, Sweedsk en Japansk oerset. Yn 2018 ferskynde der in oersetting fan in ferhaal fan Paulus de Boskkabouter, mei as titel Et Ynstroeperke, yn it Skylgerske dialekt fan it Frysk., Boskabouter Paulus: "W-w-wot wosto?", yn: de Ljouwerter Krante, 23 july 2018, s. 22.

Keppelings om utens Offisjele webstee oer it wurk fan Jean Dulieu Ynformaasje oer Paulus de Boskkabouter

Kategory:Stripfiguer Kategory:Stripsearje út 1946 Kategory:Nederlânsktalige stripsearje Kategory:Nederlânske bernesearje Kategory:Nederlânsktalige telefyzjesearje Kategory:Fryske oersetting Kategory:Telefyzjesearje út 1967 Kategory:Telefyzjesearje út 1974 Kategory:Fiktyf personaazje yntrodusearre yn 1946