Johnny Cash (eins: John Ray Cash; Kingsland (Arkansas), 26 febrewaris 1932 – Nashville, 12 septimber 2003) wie in Amerikaansk sjonger, muzikant (gitarist) en lietsjeskriuwer. Syn bynamme wie the Man in Black ("de Man yn 't Swart"), om't er him fan 'e 1950-er jierren ôf altyd yn dy kleur klaaide. Syn muzyk, dy't opfoel troch syn djippe, swiere bas-baritonstim, waard ornaris omskreaun as country, mar hy song ek rock 'n roll, rockabilly, folk, blues en gospel. Cash groeide yn earmoede op as de soan fan in katoenboer yn Arkansas en briek mids 1950-er jierren troch mei it liet Cry! Cry! Cry! Letter hied er súkses mei nûmers as Folsom Prison Blues, I Walk the Line, Ring of Fire, Man in Black, it humoristyske A Boy Named Sue en it duët Jackson.
Cash ûntjoech him ta ien fan 'e súksesfolste muzikanten aller tiden en ferkocht wrâldwiid mear as 90 miljoen platen. Hy waard opnommen yn sawol de Country Music Hall of Fame (1980), de Rock and Roll Hall of Fame (1992) as de Gospel Music Hall of Fame (2011). Op it persoanlike flak wraksele Cash mei tuskenskoften fan 'e 1950-er en 1990-er jierren mei alkoholisme en drugsferslaving. De leafde fan syn libben wie sjongster June Carter, dy't er lykwols pas mette doe't se allebeide al mei oaren troud wiene. Uteinlik stapten se yn 1968 tegearre yn it houliksboatsje. Johnny Cash ferstoar mei 71 jier yn 2003, fjouwer moannen nei syn frou, oan komplikaasjes by sûkersykte. Yn syn libben wûn er 18 Grammy Awards, in American Music Award, 4 Academy of Country Music Awards en 9 Country Music Association Awards. Hy skreau mear as 1.000 ferskes en brocht by syn libben allinnich al 63 studio-albums út. Cash wurdt beskôge as ien fan 'e ynfloedrykste Amerikaanske muzikanten fan 'e tweintichste iuw, net allinnich wat countrymuzyk oangiet, mar oer alle muzyksjenres.
Namme Cash stie as bern bekend ûnder syn inisjalen J.R. Syn namme folút wie John Ray: syn mem woe him John neame, wylst syn heit de foarkar joech oan Ray, dat doe kaam as kompromis J.R. út 'e bus. Mar yn 'e Amerikaanske Loftmacht wie it net tastien om inisjalen as foarnamme te brûken. Dêrom begûn Cash yn syn tsjinsttiid as jongfolwoeksene de namme John R. Cash te brûken. Doe't er noch wer letter úteinsette mei in wurkpaad as muzikant, feroare er syn namme op oanrieden fan syn platemaatskippij yn Johnny Cash, om't dat sympatiker klonk.
Libben en karriêre Jonkheid en oplieding Johnny Cash waard op 26 febrewaris 1932 berne yn Kingsland, op it plattelân fan 'e Súdlike Amerikaanske steat Arkansas, as de soan fan Ray Cash en dy syn frou Carrie Cloveree Rivers. Hy wie de middelste yn in húshâlding fan sân bern, mei twa âldere bruorren, Roy en Jack, in âldere suster, Margaret Louise, twa jongere susters, Reba en Joanne, en ien jongere broer, Tommy (dy't letter ek in súksesfol country-artyst wurde soe). Cash wie fan Ingelsk en Skotsk etnysk komôf. Syn beppe oan heitekant woe hawwe, hja hie ek Yndiaansk bloed, fan 'e Sjeroky (Cherokee), mar út in DNA-test dy't yn 2021 ferrjochte waard by Cash syn dochter Rosanne die bliken dat sy gjin Yndiaanske genetyske markers hat. De famylje Cash kaam oarspronklik út 'e krite Fife, oan 'e eastkust fan Skotlân boppe de Firth fan Forth, dêr't Johnny Cash syn stambeam oant de alfde iuw tebekfolgje koe. In mar dêre, Cash Loch, en ferskate oare geografyske plakken drage syn famyljenamme.
Cash waard grutbrocht as lid fan 'e Súdlike Baptistekonvinsje en bleau syn hiele libben in fromme, mar trûblearre kristen. Yn maart 1935, doe't Cash trije jier wie, setten syn âlden har mei de bern nei wenjen yn it plak Dyess, in koloanje dy't yn it ramt fan 'e New Deal fan presidint Franklin D. Roosevelt fêstige wie om behoeftige gesinnen de mooglikheid te jaan grûn te bewurkjen dy't se letter yn eigendom krije koene. It hûs dêr't Cash yn opgroeide waard yn 2018 opnommen yn it Amerikaanske Nasjonaal Register fan Histoaryske Plakken (NRHP) ûnder de namme fan Farm No. 266, Johnny Cash Boyhood Home.
Fan 1937 ôf, doe't er fiif jier wie, wurke Cash yn 'e katoenfjilden mei syn âlden en bruorren en susters. Datselde jiers strûpten harren ikkers en wente der by in oerstreaming ûnder, in foarfal dêr't er letter it liet Five Feet High and Rising oer skriuwe soe. De swierrichheden dy't syn famylje ûnder de Grutte Depresje fan 'e 1930-er jierren trochmakke, joegen Cash in libbenslange sympaty foar de earmen en de arbeidersklasse, en foarmen de ynspiraasje foar frijwat fan syn lieten. Yn 1944 waard Cash syn âldere broer Jack, dy't him tige nei wie, mei fjirtjin jier op syn wurk suver midstwa snien troch in ûnbefeilige tafelseage. Hy ferstoar in wike letter nei in lange lijenswei. Cash wie de deis dat it barde oan it angelfiskjen en hold oan it traumatisearjende foarfal in libbenslang skuldgefoel oer.
Cash wie muzikaal oanlein en syn ierste oantinkens waarden dominearre troch de gospelmuzyk dy't hy, syn mem en syn bruorren en susters songen as se yn 'e fjilden oan it wurk wiene, en dêr't se jûns thús nei harken op 'e radio. Hy learde as bern gitaarspyljen fan syn mem en in freon en sette mei tolve jier útein mei it skriuwen fan ferskes. As bern hied er in hege tenoarstim, mar nei't er it burd yn 'e kiel krige, sakke dy nei in djippe bas-bariton. Doe't er op 'e middelbere skoalle siet, song Cash foar it pleatslike radiostasjon. Jierren en jierren letter soed er in (postúm útbrocht) album opnimme mei as titel My Mother's Hymn Book ("Us Memme Sangboek"), mei de gospelferskes en hymnen dy't er fan syn mem leard hie. In oare iere ynfloed op syn muzikale ûntjouwing wie de tradisjonele Keltyske muzyk fan Ierlân, dy't er ienris yn 'e wike hearde fan Dennis Day yn it radioprogramma fan Jack Benny.
Militêre tsjinst Op 7 july 1950, doe't er achttjin jier wie, naam Cash tsjinst by de Amerikaanske Loftmacht. Nei't er in trainingsprogramma trochrûn hie op 'e Loftmachtbasis Lackland en in oanfoljende technyske training op 'e Lofmachtbasis Brooks, beide by San Antonio, yn Teksas, waard er tafoege oan it 12e Radio Squadron Mobile fan 'e Feilichheidstsjinst fan 'e Amerikaanske Loftmacht, dat legere wie yn Landsberg am Lech, yn West-Dútslân. Hy wurke dêre as Morsekoade-spesjalist dy't Morseberjochten fan it Reade Leger opheine moast. Nei eigen sizzen wie Cash sadwaande de earste Amerikaan dy't yn 1953 it nijs fan it ferstjerren fan Sovjet-lieder Josef Stalin hearde. Wylst er yn Landsberg lei, gied er yn syn frije tiid troch mei it skriuwen fan ferskes, en teffens rjochte er mei inkele oare soldaten in bandsje op, de Landsberg Barbarians. Op 3 july 1954 waard Cash earfol ûntslein út 'e Amerikaanske Striidkrêften mei de rang fan sersjant 1e klasse.
Earste houlik Op 18 july 1951, doe't er syn begjintraining foar de Amerikaanske Loftmacht folge, mette Cash by in besyk oan in rolredensbaan yn San Antonio de doe santjinjierrige Vivian Liberto. Hja wie in tige tsjep famke mei in heit dy't fan Sisyljaansk komôf wie, wylst har mem Dútsk, Iersk en Afro-Amerikaansk bloed hie. Cash en Vivian giene trije wiken mei-inoar om, oant er foar trije jier útstjoerd waard nei West-Dútslân. Hoewol't it net maklik wie om 'e ferkearing oer sa'n lange ôfstân geande te hâlden, wiene Cash en Vivian sa smoarfereale, dat se it oprêden. Yn dy jierren wikselen se hûnderten leafdesbrieven út. Nei't er út militêre tsjinst ûntslein wie, kearde Cash fuortendaliks werom nei Teksas om by Vivian te wêzen. Ien moanne en fjouwer dagen nei't er út 'e tsjinst kommen wie, op 7 augustus 1954, trouden se yn 'e roomske Sint-Annatsjerke yn San Antonio. Cash en Vivian krigen fjouwer dochters: Rosanne, berne op 22 maaie 1955; Kathy, berne op 16 april 1956; Cindy, berne op 19 july 1959; en Tara, berne op 24 augustus 1961.
Sjongkarriêre: iere jierren Nei harren houlik setten Cash en syn frou Vivian harren nei wenjen yn Memphis (Tennessee), dêr't Cash syn al rillegau úttynjende húshâlding besocht te ûnderhâlden as kolporteur yn húshâldlike apparaten wylst er foar radiokommentator learde. Jûns, yn syn frije tiid, spile er muzyk en song er mei gitarist Luther Perkins en kontrabassist Marshall Grant, dy't letter bekend kamen te stean as The Tennessee Two. Op in stuit yn 1955 skrabe Cash al syn moed gear en stapte er nei de opnamestudio fan platemaatskippij Sun Records, dêr't er audysje die foar muzykprodusint Sam Phillips. Dêrby song er gospellieten, mar Phillips fertelde him dat er gjin gospel mear opnaam om't dêr gjin hannel yn siet. Neffens in faak opdist mar mooglik apokryf ferhaal soed er tsjin Cash sein hawwe: "Gean nei hûs en sûndigje, en kom dan werom mei in liet dat ik ferkeapje kin." (Yn in fraachpetear yn 2002 ûntstried Cash dat it sa gien wie.) Dêrop brocht Cash guon fan syn eigen ferskes te'n gehoare, dy't mear ta it rockabillysjenre hearden, en dêrmei wist er de belangstelling fan Phillips te wekjen.
De earste plaat dy't Cash foar Sun Records opnaam, Cry! Cry! Cry!, mei as B-kant Hey Porter, waard ein juny 1955 útbrocht en wie in súkses yn hitlisten foar countrymuzyk. Mei syn twadde plaat, Folsom Prison Blues, helle er de top 5. In oare iere hit wie I Walk the Line, út 1956, wêrmei't Cash syn earste nûmer 1-hit skoarde. Yn 1957 waard er de earste artyst fan Sun Records dêr't in LP fan útbrocht waard. Yn 'e opnamestudio fan Sun Records kaam Cash al ier yn 'e kunde mei oare rizende stjerren fan 'e Amerikaanske muzykyndustry yn 'e 1950-er jierren, ûnder wa Carl Perkins, Jerry Lee Lewis en Elvis Presley. Mei dy trije ymprovisearre er yn desimber 1956 sels in kear wat muzyk, wêrby't Phillips de opname-apparatuer rinne liet. Sadwaande is it resultaat bewarre bleaun en letter útbrocht ûnder de namme Million Dollar Quartet.
Hoewol't er de bêst ferkeapjende en produktyfste artyst fan Sun Records wie, fielde Cash him yn syn dwaan en litten beheind by it lytse platelabel. Phillips wegere noch altyd om gospelferskes op te nimmen, en Cash krige mar 3% royaltys betelle ynstee fan it gongbere taryf fan 5%. Dat, yn 1958 gied er by Sun wei en sleat er in platekontrakt mei Columbia Records. De earste grutte hit dy't Cash by Columbia hie, wie syn single Don't Take Your Guns to Town. Syn karriêre wie by it nije label op 'e noed fan Saul Holiff, in Kanadeeske ympressario, waans soan oer harren relaasje letter de biografyske film My Father and the Man in Black makke. Cash krige no mear frijheid, en it twadde album dat er by Columbia útbrocht, Hymns by Johnny Cash, wie in gospelalbum. Underwilens gie Sun Records lykwols ek gewoan troch mei it útbringen fan muzyk fan Cash. Hy hie dêr nammentlik sa'n grutte fûnskatalogus fan opnommen wurk efterlitten, dat it oant 1964 duorre ear't dy útput wie. Sa wie Cash dus yn 'e ûngebrûklike omstannichheid dat der nije singles en albums fan útbrocht waarden by twa ferskillende platemaatskippijen.