thumb|The Lighthouse at the End of the World wurdt beskôge as ien fan 'e bêste romans fan Verne's literêre poadium. Jules Verne (útspr.: [ʒyl vɛʁn]; folút: Jules Gabriel Verne; Nantes, 8 febrewaris 1828 – Amiens, 24 maart 1905) wie in Frânsk skriuwer, toanielskriuwer, dichter, essayist en publisist, dy't it bekendst wurden is mei aventoereromans as Voyage au Centre de la Terre ("Reis nei it Mulpunt fan 'e Ierde"), Vingt Mille Lieues sous les Mers ("Tweintichtûzen Milen ûnder See"), De la Terre à la Lune ("In Reis nei de Moanne") en Le Tour du Monde en Quatre-vingts Jours ("In Wrâldreis yn Tachtich Dagen"). Verne wurdt beskôge as ien fan 'e grutte figueren fan 'e Frânske en Jeropeeske literatuer fan 'e njoggentjinde iuw, en hie in grutte ynfloed op 'e literêre avant-garde en op it surreälisme. Dêrnjonken wurdt er algemien as ien fan 'e grûnlizzers fan it science fiction-sjenre sjoen. Yn 'e Angelsaksyske wrâld hawwe ynkoarte edysjes en "bewurke" oersettings ôfbrek dien oan syn reputaasje, en sadwaande wurdt er dêr mear as in sjenre-auteur en skriuwer fan berneboeken beskôge. Sûnt 1979 is Verne de op ien nei meast oersette auteur fan 'e wrâld, efter William Shakespeare en foàr Agatha Christie.

Libbensrin Jonkheid Jules Verne waard yn 1828 berne op it Île Feydeau, in lyts eilantsje yn 'e rivier de Loire dat binnen de beboude kom leit fan 'e stêd Nantes, yn súdeastlik Bretanje. Hy wie de âldste soan yn it gesin fan Pierre Verne, dy't út in juristefamylje kaam, en Sophie Allotte de la Fuÿe, in telch út in âld en foaroansteand pleatslik laach fan seefarders en reders, mei fiere Skotske foarâlden. Verne hie ien jongere broer en trije jongere susters: Paul (1829) Anna (1836), Mathilde (1839) en Marie (1842). Mei seis jier waard er nei in ynternaat yn Nantes ta stjoerd dat dreaun waard troch in madame Sabin, de widdo fan in seekaptein waans skip oft tritich jier earder op see weiwurden wie. Hja fertelde har learlingen geregeldwei dat har man as skipbrekkeling op in ûnbewenne eilân fêst kommen wie te sitten, en dat er úteinlik weromkeare soe, krekt as Robinson Crusoe. Dat tema soe Verne syn libben lang bybliuwe, en hy ferwurke it yn in grut tal fan syn boeken, wêrûnder L'Île Mystérieuse, L'École des Robinsons en Seconde Patrie.

Yn 1836, doe't er acht jier wie, waard Verne nei de École Saint-Stanislas ta stjoerd, in roomske skoalle dy't syn fromme heit foar him útsocht hie. Dêr ûnderskate er him al rillegau yn fakken as mémoire (opsizzen út it ûnthâld wei), ierdrykskunde, Gryksk en Latyn. Fakânsjes brocht er troch yn syn heite fakânsjehúske yn it doarp Chantenay (dat sûnt troch it úttynjende Nantes opslokt is), oan 'e Loire, dêr't er in grut part fan 'e tiid trochbrocht mei it sjen nei foarbysilende keapfarders. Teffens útfanhûze er wol by syn omke oan memmekant Prudent Allotte de la Fuÿe, in eardere reder en seekaptein dy't om 'e wrâld reizge wie en fan 1828 oant 1837 boargemaster fan Brains wie. Verne soe de man letter ferivigje yn twa fan romans, Le Testament d'un Excentrique en Robur-le-Conquérant.

Doe't er in jier as alve wie, rekke Verne smoar op syn folle nicht Caroline. Neffens it ferhaal soed er doe op eigen manneboet as skipsjonge oanmeunstere hawwe op 'e trijemêster de Coralie, mei de bedoeling om nei West-Ynje te reizgjen en in koraalkeatling foar Caroline mei werom te nimmen. It skip sylde mei it jûnstij, mar makke noch in tuskenstop te Paimbœuf, dêr't Pierre Verne krekt op 'e tiid arrivearre om syn soan fan board ôf te bonsjoeren en fan him in ûnthjit ôf te twingen dat er tenei inkeld noch yn syn fantasij reizgje soe. Tsjintwurdich is bekend dat Verne syn earste biografe, syn omkesizzer Marguerite Allotte de la Fuÿe, dizze anekdoate út har tomme sûgde, mar Verne-kenners achtsje it hiel goed mooglik dat it ferhaal ynspirearre waard troch in echt, sij it wierskynlik lang net sa fermaaklik ynsidint.

Yn 1842 waard Verne nei in oare religieuze skoalle ta stjoerd, it Petit Séminaire de Saint-Donatien, dêr't er ynskreaun waard as lekestudint. Yn syn ûnfoltôge roman Un Prêtre en 1839 ("In Preester yn 1839"), dy't er skreau yn syn tinerjierren en dy't syn ierst oerlevere proaza omfiemet, besloech er de omstannichheden en syn leararen oan dat seminaarje mei de gek. Fan 1844 ôf learden Verne en syn broer Paul fierder oan it Lycée Royal ("Keninklik Lyseum") yn Nantes, dat no it Lycée Georges-Clemenceau hjit. Tsjin 'e tiid dat er dêr yn 1846 ôfstudearre, wied er ûnder ynfloed fan it oeuvre fan fral Victor Hugo begûn mei it skriuwen fan langere wurken, lykas it al neamde Un Prêtre en 1839, dat ûnfoltôge bleau, en twa trageedzjes yn fersen, Alexandre VI en La Conspiration des Poudres ("It Buskrûdkomplot"), dy't er wol ôfmakke.

Stúdzjetiid Foar syn heit stie it lykwols fêst dat Verne, as de âldste soan, syn abbekatepraktyk oernimme soe. Yn 1847 stjoerde er him dêrom nei Parys ta, yn it foarste plak om útein te setten mei syn rjochtestúdzje, mar neffens it ferhaal ek om him út Nantes wei te krijen, mei't syn nicht Caroline, dêr't er nei acht jier noch altyd fan besleifere wie, op 27 april fan dat jier úthylke waard oan in Émile Dezaunay, in man fan fjirtich mei wa't hja tweintich jier skeelde. thumb|left|200px|Verne syn hantekening.

Doe't Verne nei Nantes weromkearde nei't er yn Parys slagge wie foar syn earstejiersrjochte-eksamen, kaam er dêr yn 'e kunde mei Rose Herminie Arnaud Grossetière, in fanke dat in jier âlder wie as hysels. Op 'e nij rekke er smoarfereale, en hy droech in tritich leafdesdichten oan har op. Hoewol't hja syn hertstocht beäntwurde, woene har âldelju neat witte fan in houlik mei in jonge rjochtestudint mei literêre opstigings, en hylken se har yn 1848 ynstee út oan 'e tsien jier âldere grutgrûnbesitter Armand Terrien de la Haye. Dizze affêre rekke Verne djip, en yn syn lettere romans komme oates en toates jonge froulju foar dy't tsjin harren wil úthylke wurde, lykas Gérande yn Maître Zacharius, Sava yn Mathias Sandorf en Ellen yn Une Ville Flottante. De skriuwer skipe der teffens in wrokkerigens tsjin syn bertestêd Nantes en ynwenners fan, dy't er utere yn it gedicht La Sixième Ville de France ("De Sechsde Stêd fan Frankryk").

Yn july 1848 gie Verne werom nei Parys, om op oanstean fan syn heit dêr syn rjochtestúdzje ôf te meitsjen sadat er de praktyk oernimme kinne soe. Hoewol't er him dêr al op talei en yn jannewaris 1851 ôfstudearre, hied er mear belangstelling foar de Paryske literêre fermiddens, dêr't er him yntrodusearje liet troch syn omke Francisque de Châteaubourg. Njonken syn stúdzje skreau er yn dy snuorje withoefolle toanielstikken, dêr't op 'e nij dúdlik de ynfloed fan Victor Hugo út bliek. Hy waard by syn skriuwen oanfitere troch de jonge komponist Aristide Hignard, ien fan syn buorlju yn it appartemintegebou dêr't er tahold. Se rekken befreone, en Verne skreau ferskate teksten dy't Hignard dêrnei op muzyk sette as chansons.

Yn dyselde tiid hie Verne te krijen mei in rige hommels opdûkende, tige slimme oanfallen fan maachkramp, dêr't er de rest fan syn libben periodyk troch tramtearre wurde soe. Sels hied er der gjin idee fan wat dêr de oarsaak fan wêze mocht, mar moderne wittenskippers hingje oer ta de teory dat er oan in groanyske grouwe-termûntstekking litte. Yn 1851 waard er dêropta nochris troffen troch de earste fan yn totaal fjouwer oanfallen fan gesichtsferlamming dy't er yn syn libben krije soe. Hjirfan is no bekend dat sokke oanfallen feroarsake wurde troch in ûntstekking fan it midden-ear, mar ek dat wie doe ûnwitten. Datselde jiers waard Verne ta syn grutte opluchting útlotte foar de Frânske tsjinstplicht. Syn anty-oarlochsgefoelens soene him, ta syn heite ûntsetting, syn hiele libben bybliuwe. 200px|thumb|right|Omslach fan Le Tour du Monde en Quatre-vingts Jours (oftewol In Wrâldreis yn Tachtich Dagen).

Iere karriêre Tanksij syn geregelde besiken oan beskate literêre salons kaam Verne yn 1849 yn 'e kunde mei de ferneamde skriuwer Alexandre Dumas. Teffens rekke er befreone mei Dumas syn soan, Alexandre Dumas de Jongere, dy't ek skriuwer wie. Doe't er oan dyselde syn komeedzje Les Pailles Rompues sjen liet, holp dy him om dat toanielstik wat by te skaven, wêrnei't Dumas de Jongere it mei help fan syn heit yn 1850 opfiere liet troch de Opéra-National yn it Théâtre Historique yn Parys.

Yn 1851 mette Verne in oare skriuwer út Nantes, Pierre-Michel-François Chevalier, dy't bekendstie as "Pitre-Chevalier". Dat wie de haadredakteur fan it tydskrift Musée des Familles, wêrfoar't er altyd op 'e sneup wie nei artikels oer geografy, skiednis, wittenskip en technology. Mei't Verne der grutte aardichheid oan hie om yn 'e biblioteek sekuer ûndersyk te dwaan foar syn ferhalen, woe Pitre-Chevalier wol graach dat er wat foar syn blêd skreau. Verne bea him doe it koarte aventoereferhaal Les Premiers Navires de la Marine Mexicaine ("De Earste Skippen fan 'e Meksikaanske Marine") oan, dat er skreaun hie yn 'e styl fan James Fenimore Cooper, waans boeken oft him sterk beynfloede hiene. Pitre-Chevalier publisearre it datselde jiers noch ûnder de titel Un Drame au Mexique, en akseptearre ek noch in oar ferhaal, Un Voyage en Ballon ("In Reis mei in Luchtballon"), dat ferskynde as Un Drame dans les Airs. Dat lêste ferhaal, mei syn kombinaasje fan in aventoerlike fertelling, it reistema en detaillearre histoarysk ûndersyk, wurdt no sjoen as de earste foarútwizing foar Verne syn lettere sjenre. Verne gie troch mei koarte ferhalen, novelles en komeedzjes yn Musée des Familles te publisearjen oant er yn 1856 in slimme rûzje krige mei Pitre-Chevalier, wêrnei't er wegere noch foar dy syn tydskrift te skriuwen oant Pitre-Chevalier yn 1863 stoar en der in nije haadredakteur oansteld waard.

Fia Dumas de Jongere kaam Verne fierders yn kontakt mei Jules Seveste, in toanielregisseur dy't it Théâtre-Historique oernommen hie en omneamd hie ta it Théâtre-Lyrique. Seveste bea him in baan oan as siktarieel meiwurker, en hoewol't dêr frijwol gjin salaris oan ferbûn wie, griep Verne it mei beide hannen oan. Hy brûkte syn post om ferskate fan syn eigen toanielstikken en operettes op 'e planken te krijen en skreau teffens oan 'e rinnende bân noch nijen, wêrby't er gauris gearwurke mei Hignard en de librettist Michel Carré. Nei't Seveste yn 1854 by in útbraak fan goalera omkommen wie, bleau Verne noch ferskate jierren by it Théâtre-Lyrique, ek al rûn syn kontrakt yn 1855 ôf.

Underwilens besocht syn heit Verne mei almar swierder wurdende twang safier te krijen dat er ophold mei ompielen en oan it wurk gie as abbekaat. Dat proses berikte syn hichtepunt doe't er Verne yn jannewaris 1852 syn eigen praktyk oanbea. Doe't er op dy manear foar in soarte fan ultimatum pleatst waard, besleat Verne lykwols foargoed foar syn skriuwwurk te kiezen. Yn dyselde tiid begûn Verne it plan foarm te jaan om in nij soarte fan ferhaal te skriuwen, in roman de la science, in wittenskiplike roman, dêr't in grutte hoemannichste feitlike ynformaasje yn bemjukse wurde soe. Hy oerlei dêroer mei Dumas de Aldere, dy't sels mei in ûnfoltôge wurk, Isaac Laquedem, ek alris soks prebearre hie, en him entûsjast oanfitere.

Húshâlding Yn maaie 1856 reizge Verne nei Amiens, yn Noard-Frankryk, foar de brulloft fan Auguste Lelarge, in maat fan him út Nantes, dy't dêr troude mei in frommeske út Amiens, Aimée du Fraysse de Viane. Mei't er de tsjûge fan 'e brêgeman wie, waard Verne útnûge om te útfanhûzjen by de famylje fan 'e breid, en dêr kaam er yn 'e kunde mei Honorine de Viane Morel, de suster fan 'e breid, in widdo fan 26 jier mei twa lytse bern. Se rekken fereale opinoar, en om har ûnderhâlde te kinnen, gie Verne yn op in útstel fan har broer om tegearre in effektemakelderij op te rjochtsjen. Hy en Honorine boasken op 10 jannewaris 1857 oaninoar. Verne naam har beide dochterkes oan en sette him mei syn nije gesin nei wenjen yn Parys, dêr't er ôfskie naam fan syn wurk by it Théâtre-Lyrique om in foltiidsbaan oan te nimmen op 'e Paryske beurs.