thumb|left|200px|Anna Koernikova Anna Sergejevna Koernikova (ek faak stavere as Kournikova; Russysk: Анна Сергеевна Курникова, sekuere transliteraasje: Anna Sjergjejevna Kurnikova) (Moskou, 7 juny 1981) is in Russyske eardere beropstennisspylster. Hja wennet op 't heden yn Miami, Floarida, yn de Feriene Steaten en hat sûnt 2010 de Amerikaanske nasjonaliteit
Hoewol't Koernikova lange tiid yn de top 20 fan de wrâldranglist stien hat, wûn hja nea in profesjoneel toernoai yn it inkeltspul. Sy hat wol in pear kear de heale finale en de finale fan een grut toernoai helle.
Persoanlik libben Yn 2003 waard Anna Koernikova troch de lêzers fan it tydskrift FHM ta meast kreze frou fan de wrâld keazen. Koernikova hie in lytse rol (as motelmanager) yn de film Me, Myself and Irene, dêr't ek Jim Carrey yn spile.
Koernikova hat sûnt 2001 in relaasje mei sjonger Enrique Iglesias. Sy krigen kunde oan elkoar op de set fan de fideoklip foar syn hit Escape. It pear hat trije bêrn.
Plakken op de WTA-ranglist Posysje op de ein fan it seizoen: Jier ranginkeltspul rangdûbeltspul 2003 305 176 2002 35 11 2001 74 26 2000 8 4 1999 12 1 1998 13 10 1997 32 40 1996 65 78 1995 281 –
Ut de lapekoer Der is in pokerkombinaasje nei Anna Koernikova ferneamd, nammentlik aas-hear, yn it Ingelsk ek wol AK (Ace-King), ûnder it biedwurd sjocht der moai út, wint lykwols komselden. Der is in Nederlânsk kompjûterfirus nei har ferneamd. Sy krige ek de bynamme Lolita.
Boeken , Anna Kournikova (2001) (ISBN 978-1-84222-416-8 / ISBN 1-84222-416-6) , Anna Kournikova (Women Who Win) (2001) (ISBN 0-7910-6529-4 / ISBN 978-0-7910-6529-7)
Kategory:Russysk tennisser Kategory:Russysk Olympysk dielnimmer Kategory:Russysk societystjer Kategory:Russysk model Kategory:Amerikaansk tennisser Kategory:Amerikaansk societystjer Kategory:Amerikaansk model Kategory:Dielnimmer oan in Amerikaansk realitytelefyzjeprogramma Kategory:Amerikaansk persoan fan Russysk komôf Kategory:Persoan berne yn 1981