thumbnail|Harry Verbeke mei de Wessel Ilckenpriis, no de Boy Edgarpriis, yn 1968 Harry Verbeke (folút: François Harry Verbeke; Ljouwert, 10 april 1922 - Haarlim, 27 jannewaris 2004) wie in tenor saksofonist. Hy is de broer fan muzikanten Eddy Verbeke (bassist) en Joop Verbeke. Harry groeide op yn de Ljouwerter Stellingwerfstrjitte en ferhuze letter nei Haarlim. Hy learde himsels saksofoan spyljen yn in kleankast fan syn âldershûs, want "de Dútske besetter mocht net oer jazz en saksofoans". Nei de Twadde Wrâldoarloch groeide Verbeke út ta ien fan de grutte tenoarsaksofonisten fan Nederlân en Europa.

Diamond Five Hy makke oant 1963 diel út fan de ferneamde Diamond Five, tegearre mei Cees Smal (tp, fentyl-tb), Cees Slinger (piano), Jacques Schols (b) en Johnny Engels (d). De Diamond Five wie in earsteklas hard-bop kombo. Se hienen de Amsterdamse nachtklup Sheherezade as basis en wienen ek eigeners fan de klub. Se brochten in oantal platen út en yn 1963 hienen se sels in optreden mei it Konsertgebouorkest yn it Amsterdamske Konsertgebou. Dizze musisy ynspirearren de filmer Louis van Gasteren sa, dat dizze begjin jierren sechtich in dokumintêre makke mei moderne Nederlânske jazz as ûnderwerp.

Boy Edgar Big Band Yn 1960 waard Boy Edgar lieder/arranzjeur fan in Big Band dy't foarme wie om de Diamond Five. Harry makke mei dit orkest 2 Lp's dy't sels in resinsje krigen yn it toanoanjaande Amerikaanske jazzblêd Down Beat. It orkest krige benammen faam troch de kwaliteit fan de saksofoanseksje, mei û.o. Tinus Bruijn, Piet Noordijk, Theo Loevendie, Herman Schoonderwalt, Toon van Vliet en Harry Verbeke.

Orkesten Sûnt 1967 hie hy syn eigen Harry Verbeke Quartet. Hy spile mei musisy as Billy Higgins, Herbie Lewis en yn de orkesten fan Ted Powder, Rob Pronk, Boy Edgar, The Millers, Jerry van Rooyen en Tony Eyk. Fierders spile Harry op in soad jazz festivals, wie faak te hearren yn it live jazzprogramma fan de Tros "Sesjun" en wie in graach sjoene gast op it North Sea Jazzfestival.

Prizen wûn 2 Edisons de Wessel Ilckenpriis (1968) fan de stifting Jazz yn Nederlân Musikus fan it jier (1968) Pollwinner (lêzerferkiezingen) yn jazzbladen Meer Jazz-priis

Diskografy Der steane wol 60 LP en CD opnames op syn namme. U.o.: 1964 – Nardis / Herman Schoonderwalt Orchestra / Tony Vos (sx) Herman Schoonderwalt (sx) Cees Smal (tp) Jan Vleeshouwer (tr) Ruud Bosch (trb) Rudy Brink (sx) Harry Verbeke (sx) Fred van Ingen (sx) Jacques Schols (bs) Cees See (dr)

196? - 4-Tet-Universe / Harry Verbeke …… - Goin’ Upstream / Harry Verbeke 1973 - Back Together / Diamond Five + Greetje Kaufeld 1974 - Barbecue Party / Tonny Eyk Quartet 1978 - You Or No One / Harry Verbeke Quartet 1979 + 1982 - 2 cd’s foar Timeless opnomd, û.o. Stardust, mei it Rob Agerbeek Quartet / diels werútjûn op cd Timeless CDSJP334. 1985 - Plays Romantic Ballads / Harry Verbeke Quartet 19?? - Seven Steps / Harry Verbeke / Timeless SJP 173 19?? - 35 jaar Millers / m.m.f.Sanny Day-Pia Beck-Eddy Doorenbos-Herman Schoonderwalt-Harry Verbeke-Coen van Nassou

2002 - A Living Legend / Harry Verbeke / Gasten: Colette Wickenhagen + Nathaly Masclé

Resinsjes "Bronstig" - neamde Resensint John Oomkes (Haarlems Dagblad) it lûd fan Harry Verbeke "heavyweight tenorplayer mei it lûd fan Stanley Turrentine" - webstee Allaboutjazz "Als mens is Harry even warm als zijn timbre" - oneliner notes fan Vivian Boelen by ien fan syn cd's

Kategory:Frysk muzikant Kategory:Frysk saksofonist Kategory:Frysk jazzartyst Kategory:Nederlânsk muzikant Kategory:Nederlânsk saksofonist Kategory:Nederlânsk jazzartyst Kategory:Frysk persoan fan Nederlânsk komôf Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Persoan berne yn Ljouwert Kategory:Persoan berne yn 1922 Kategory:Persoan stoarn yn 2004