Dresden is in stêdsdistrikt (kreisfreie Stadt) oan de rivier de Elbe. Dresden is de haadstêd fan de Dútske dielsteat Saksen.
Skiednis Sûnt 1485, doe't de regearende famylje Wettin har dêr fêstige, waard Dresden in wichtige stêd. Under foarst August de Sterke waard de stêd yn de 18e iuw in keunst- en kultuersintrum. Troch de protte barok- en rokoko-arsjitektuer krige de stêd de bynamme Elbflorenz (Florâns oan de Elbe). Nei 1889 wie Dresden troch Heinrich Ernemann ít plak foar de Jeropeeske fotografyske yndustry. In soad technologyske fernijings kamen hjirwei lykas de earste ieneagige lytsbyld (24 x 36 mm) spegelreflekskamera fan de wrâld. Fierders wie Dresden yn de 20e iuw thúshaven fan it VEB Pentacon fabryk dy't ûnder mear de Praktica makke.
Begjin 20e iuw waard de keunstnersgroep Die Brücke yn Dresden oprjochte. Yn 1908 waard it Universeel Esperantokongres hâlden.
Bombardemint op Dresden thumb|left|Dresden nei it bombardemint. Yn de nacht fan 13 op 14 febrewaris 1945 waard Dresden ferwoaste troch in Britsk-Amerikaansk bombardemint.
Mear as 25.000 boargers kamen om en 75.000 wenningen ferdwûnen fan de kaart. De ekstreem hjitte flammesee feroarsake in fjoerstoarm dy't minsken de flammen ynsûge. Histoarisy binne it net iens oer de aard fan it bombardemint. Gie it om wraak of om in sinleaze oanfal op boargerdoelen, lykas de Dútske histoarikus Jörg Friedrich yn syn Der Brand beskriuwt? Of wie Dresden in strategysk doelwyt wêrby't allinnich in bombardemint de Twadde Wrâldoarloch beëinigje koe, sa't de Brit Frederick Taylor suggerearret yn 'Dresden, tiisdei 13 febrewaris 1945'? Of wie it bombardemint in produkt fan in doldraaide militêre burokrasy, in de sin fan 'wat sille we hjoed ris dwaan' lykas Kurt Vonnegut, in Amerikaan dy't as kriichsfinzene it bombardemint meimakke, yn ‘Slaughterhouse 5’ skreaun hat?
Dizze ferwoasting wie net de ienige dy't de stêd teheistere: Yn 1760 ferwoaste troch in kanonnebesjitting yn de sânjierrige oarloch; Yn 1849 troch it ûnderdrukken fan in opstân foar in grûnwet, it Dresdener oproer; Yn 1491 ferwoaste troch in grutte brân; Yn augustus 2002 teisteren oerstreamings de stêd, in gefolch fan de soad rein yn it streamgebiet fan de Elbe
Nei de Twadde Wrâldoarloch woenen de kommunistyske autoriteiten Dresden ombouwe ta in sosjalistyske metropoal. Dat hâld yn dat hast alle ruïnes yn it stêdssintrum oprêden waarden. Histoarysk weardefolle gebouwen waarden sloopt, nettsjinsteande guon protesten, lykas de Sophienkirche dy't yn 1962 ôfbrutsen waard. In pear histoaryske gebouwen waarden werboud lykas de Zwinger en de Semperopera. De ruïnes fan de Frauenkirche bleauwen stean as in monumint.
It besjen wurdich thumb|left|Frauenkirche. thumb|left|Residinsje. thumb|left|Yenidze (eardere sigarettefabryk boud yn oriïntaalske styl, no in kantoar.) thumb|left|Hofkirche. thumb|left|Dresden yn jûnljocht Semperoper (Sächsische Staatsoper) Zwinger, mei de folgjende musea: Gemäldegalerie Alte Meister (mei as bekendste stik: de Sikstynske Madonna fan Rafael) Mathematisch-Physikalischer Salon (in samling ynstruminten, lykas oerwurken, globes, astronomyske ynstruminten) Porzellansammlung Rüstkammer (harnassen, pistoalen e.d.) Residenzschloss De Fürstenzug, wierskynlik it grutste tegeltableau fan de wrâld mei dêrop alle foarsten fan it Hûs Wettin oant 1918 Kathedrale Sankt Trinitatis (eardere Katholische Hofkirche) Brühlsche Terrasse Grünes Gewölbe (samling keunsthânwurk) Frauenkirche (weropbou yn 2005 foltôge) Kreuzkirche Schauspielhaus am Zwinger Taschenbergpalais Jägerhof Dreikönigskirche Yenidze sigarettefabryk Großer Garten (stêdspark) Gläserne Manufaktur ('Glêzen fabryk'), Folksweinfabryk Stânbyld fan August de Sterke (Goldene Reiter) Pfunds Molkerei De ienige berchsweefbaan op de wrâld (ferbining tusken de stêdsdielen Loschwitz en Oberloschwitz) Stoomskippen op de Elbe Ernemann Turm (eardere kamerafabryk en no technysk museum)
In 18 kilometer lang diel fan de delling fan de Elbe, ûnder oare ek in part fan Dresden, is troch UNESCO ta wrâlderfgoed ferklearre.
Stêdsdielen Altstadt, mei: Innere Altstadt, Friedrichstadt, Johannstadt, Pirnaische Vorstadt, Seevorstadt, Wilsdruffer Vorstadt Neustadt, mei: Albertstadt, Äußere Neustadt, Innere Neustadt, Leipziger Vorstadt, Radeberger Vorstadt Pieschen, met: Pieschen, Trachenberge, Mickten, Kaditz, Trachau, Übigau Klotzsche, mei: Klotzsche, Hellerau, Hellerberge, Wilschdorf Loschwitz, mei: Loschwitz, Weißer Hirsch, Rochwitz, Wachwitz, Niederpoyritz, Hosterwitz, Söbrigen, Oberpoyritz, Bühlau, Pillnitz, Dresdner Heide Blasewitz, mei: Blasewitz, Striesen, Tolkewitz, Gruna, Dobritz, Seidnitz Leuben, mei: Leuben, Laubegast, Alttolkewitz, Kleinzschachwitz, Zschieren, Meußlitz, Großzschachwitz, Sporbitz, Niedersedlitz, Dobritz Prohlis, mei: Großluga, Kleinluga, Kauscha, Leubnitz-Neuostra, Lockwitz, Nickern, Niedersedlitz, Prohlis, Reick, Strehlen, Torna, Teile Plauen, mei: Plauen, Südvorstadt, Coschütz, Gittersee, Kaitz, Kleinpestitz, Mockritz, Gostritz, Räcknitz, Zschertnitz Cotta, mei: Briesnitz, Kemnitz, Stetzsch, Cotta, Omsewitz, Leutewitz, Gorbitz, Wölfnitz, Löbtau, Naußlitz, Roßthal, Dölzschen Altfranken Cossebaude, mei: Gohlis, Niederwartha, Cossebaude, Neu-Leuteritz Gompitz, met: Gompitz, Ockerwitz, Pennrich, Roitzsch, Steinbach, Zöllmen, Unkersdorf Langebrück Mobschatz, mei: Alt-Leuteritz, Brabschütz, Merbitz, Mobschatz, Podemus, Rennersdorf Oberwartha Schönborn Schönfeld-Weißig, mei: Borsberg, Cunnersdorf, Eichbusch, Eschdorf, Gönnsdorf, Helfenberg, Krieschendorf, Malschendorf, Pappritz, Reitzendorf, Rockau, Rossendorf, Schönfeld, Schullwitz, Weißig, Zaschendorf Weixdorf, mei: Weixdorf, Marsdorf, Lausa, Friedersdorf, Gomlitz
Fotogalerij
Ferneamde ynwenners fan Dresden Berne yn Dresden
Hindrik V fan Saksen (16 maart 1473), hartoch fan Saksen Anna fan Saksen (23 desimber 1544), twadde frou fan Willem fan Oranje August II fan Poalen (12 maaie 1670), kening fan Poalen August III fan Poalen (17 oktober 1696), kening fan Poalen Nikolaus fan Zinzendorf (26 maaie 1700), stifter fan de Hernhutters Freark Kristiaan fan Saksen (5 septimber 1722), karfoarst fan Saksen Frederik August I fan Saksen (23 desimber 1750), kening fan Saksen Maximiliaan fan Saksen (13 april 1759), prins Johan fan Saksen (12 desimber 1801), kening fan Saksen Albert fan Saksen (23 april 1828), kening fan Saksen George fan Saksen (8 augustus 1832), kening fan Saksen Alfred Hettner (6 augustus 1859), geograaf Frederik August III fan Saksen (25 maaie 1865), kening fan Saksen Melitta Bentz (31 jannewaris 1873), útfynster fan it kofjefilter Paula Modersohn-Becker (8 febrewaris 1876), keunstskilderesse Conrad Felixmüller (21 maaie 1897), keunstskilder Margaretha Carola fan Saksen (24 jannewaris 1900), Saksysk prinsesse Luise Krüger (11 jannewaris 1915), spearsmytster Horst Sindermann (5 septimber 1915), East-Dútsk politikus Andreas fan Bülow (17 july 1937), Dútsk politikus Jörg Peter (23 oktober 1955), hurdrinner Matthias Sammer (5 septimber 1967), fuotballer en trener
Earne oars berne Heinrich Schütz (Köstritz, 9 oktober 1585), komponist en organist Wilhelm Friedemann Bach (Weimar, 22 novimber 1710), komponist Ludwig Tieck (Berlyn, 31 maaie 1773), skriuwer Carl Maria fan Weber (Eutin, 18 novimber 1786), komponist Petrus Johannes Schotel (Dordrecht, 11 novimber 1808), Nederlânske keunstskilder Robert Schumann (Zwickau, 8 juny 1810), komponist Richard Wagner (Leipzig, 22 maaie 1813), komponist Heinrich Hertz (Hamburg, 22 febrewaris 1857), natuerkundige Heinrich Mann (Lübeck, 27 maart 1871), skriuwer Sergej Rachmaninov (Novgorod, 1 april 1873), komponist, pianist en dirigint Ernst Ludwig Kirchner (Aschaffenburg, 6 maaie 1880), keunstskilder Angela Raubal (Braunau am Inn, 28 july 1883), healsuster fan Adolf Hitler Lothar-Günther Buchheim (Weimar, 6 febrewaris 1918), skriuwer en keunstskilder Hans Hermann Groër (Wenen, 13 oktober 1919), kardinaal, emeritus-aartsbiskop fan Wenen Hans Modrow (Jasenitz, 27 jannewaris 1928), East-Dútsk politikus
Kategory:Plak yn Saksen Kategory:Gemeente yn Saksen