Michaël Zeeman (Marken, 12 septimber 1958 - Rotterdam, 27 july 2009), wie in Nederlânsk dichter, skriuwer en literatuerresinsint.

Libben en wurk Zeeman wie in soan fan in grifformearde dûmny op it eilân Marken. De hûshâlding ferhuze nei Fryslân doe't heit Zeeman predikant waard yn Ljussens. Letter waard er dûmny yn Burdaard. Zeeman gie doe nei de Christelijke Scholengemeenschap "Oostergo" yn Dokkum, dêr't er op it Atheneum siet. Dêrnei studearre er inkelde jierren filosofy yn Utert en yn Grins. Mei 15 jier hie er al in baantsje (1974) by boekhannel 'De Tille' yn Ljouwert. Yn de tachtiger jierren skreau er poezijresinsjes foar de Ljouwerter Krante en letter ek foar NRC Handelsblad.

Fan 1995 ôf wie er ek presintator fan it VPRO-tillefyzjeprogramma "Zeeman met boeken". Hy ynterviewde ferneamde skriuwers lykas Jeanette Winterson, Edward Said en Philip Roth. Foar dat programma krige er yn jannewaris 2002 de Gouden Ganzenveer. Yn datselde jier 2002 gie er by de VPRO wei en fêstige er him yn Rome. Een kunstpaus gaat naar Rome, NRC Handelsblad, 22 april 2002 Zeeman wie ien fan de fêste presintatoaren fan it Haachske festival Winternachten. De bibliofyl Zeeman wie in ferwoeden samler fan boeken mei in foarkar foar boeken oer filosofy, de Twadde Wrâldoarloch, okkultisme en poëzy.

Zeeman krige yn 1991 de C. Buddingh-priis foar it bêste poëzijdebút foar de bondel Beeldenstorm. Koart foar syn ferstjerren yn 2009 waard him de Pierre Bayle-priis foar kultuerkrityk takend.

Zeeman wie jierrenlang befreone mei de ferneamde Amerikaanske skriuwer Philip Roth. Hy hearde ta it selekte groepke freonen oan wa't Roth in oardiel frege oer ûnderdielen fan syn manuskripten. Yn 2000 naam er Roth foar de VPRO-tf in ynterview fan oardel oere ôf oer joadedom, skriuwerskip en seksualiteit.

Nei Zeemans ferstjerren stjoerde Roth in ferklearring nei de parse, dêr't er nei har yntellektuele freonskip yn ferwiisde, Michael's flugge geast en emosjonele skerpte priizge en syn fertriet deroer útspruts dat "dizze net wurch te krijen reus" der net mear is. https://www.volkskrant.nl/cultuur-media/de-vriendschap-van-michael-zeeman-met-de-overleden-schrijver-philip-roth~b7d732fa/. Argivearre op 25 novimber 2020.

Michaël Zeeman stoar yn de âldens fan mar 50 jier oan in harsenstumor.Journalist Michaël Zeeman (50) overleden, de Volkskrant, 27 july 2009 Hy waard beïerdige op it Algemien Begraafplak Crooswijk yn Rotterdam.

By it opromjen fan syn appartemint yn Rome die bliken dat er sa'n 40.000 boeken samle hie: dy bibleteek waard yn 2010 feild yn Leien.

Publikaasjes Gezegend elk geschrift waarvan ik meen dat het haar roemt (1986) Beeldenstorm (1991) Verhoudingen, gedichten (1995) De verduistering, ferhalen (1995) God zij met ons (1997) Wie kan het paradijs weerstaan (2006) Briefwikseling mei Abderkader Benali Michaël Zeeman: Aan mijn voormalig vaderland (2010) Bondeling kritiken. Zo las hij, zo leefde hij (2012)

Fierders gedichten en ferhalen yn Hollands Maandblad en Optima.

Biografy , In alles ben ik groot. Prometheus, Amsterdam 2025.

Keppeling om utens Zeeman yn de Digitale Bibleteek Nederlânske Letteren.

Kategory:nederlânsk dichter Kategory:Nederlânsk essayist Kategory:Nederlânsk koarte-ferhaleskriuwer Kategory:Nederlânsk publisist Kategory:Nederlânsk sjoernalist Kategory:Nederlânsk literatuerkritikus Kategory:Nederlânsk telefyzjepresintator Kategory:VPRO-wurknimmer Kategory:Frysk dichter Kategory:Frysk essayist Kategory:Frysk koarte-ferhaleskriuwer Kategory:Frysk publisist Kategory:Frysk sjoernalist Kategory:Frysk literatuerkritikus Kategory:Frysk telefyzjepresintator Kategory:Frysk persoan fan Nederlânsk komôf Kategory:Persoan berne yn 1958 Kategory:Persoan stoarn yn 2009