In religy (fan it Latynske religio) is in kultureel systeem fan minsklik tinken en hâlden en dragen dat yn ferbân stiet mei it boppenatuerlike of it transendinte (bûtennatuerlike). Ta sa'n systeem hearre libbensbeskôging, hillige plakken, etyk en faak ek teksten en organisaasjes. Dêrby nimt it leauwen yn ien of mear hillige boppeminsklike wêzens (goaden) en/of yn in libben nei de dea almeast in sintraal plak yn. Oare ûnderdielen kinne seremoanjes en rituëlen wêze, ferearing, inisjaasjes, offers, hjeldagen, betinkings, trouwerijen, útfearten, meditaasje, gebed, muzyk, sjongen, dûns en keunst. Religy kin fêstlein wêze yn hillige teksten of trochjûn wurde fia mûnlinge oerlevering. Yn sokke boarnen kin in inkele god (of God) beskreaun wurde, mar ek in wiidfiemjende mytology fan in grut panteön of ynstee inkeld de etyk fan 'e religy.

Synonimen foar religy binne (de) godstsjinst ("it tsjinjen fan in god of goaden") en (it) leauwe. De oanstriid ta religy wurdt religiositeit neamd. Sûnt de Ferljochting fan 'e achttjinde iuw bestiet der in streaming, it ateïsme, dy't eltse foarm fan religy ôfwiisd. Hoewol't oan it begjin fan 'e ienentweintichste iuw benammen yn West-Jeropa religiositeit oan terrein ferliest, hinget noch altyd in grutte mearderheid fan de wrâldbefolking, sa'n 87,2%, de iene of oare religy oan. Der besteane wrâldwiid nei skatting sa'n 10.000 ûnderskate religyen, dy't troch godstsjinstûndersikers opdield wurde yn trije haadgroepen: wrâldreligyen, lânseigen religyen en nije religieuze bewegings. Fan 'e wrâldbefolking hong anno 2010 78% ien fan 'e fjouwer grutste wrâldreligyen oan: it kristendom, de islaam, it hindoeïsme en it boedisme. Der binne sterke oanwizings om derfan út te gean dat religiositeit en spiritualiteit de minske oanberne is. It net hawwen fan in religy hjit yrreligy. De wichtichste foarmen dêrfan binne ateïsme en agnostisisme. It proses fan it loslitten fan religy hjit sekularisaasje. De tûken fan 'e wittenskip dy't ûndersyk dogge nei it ferskynsel 'religy' binne de teology en de ferlykjende godstsjinstwittenskip. __TOC__ Oarsprong fan religy

Der binne sterke oanwizings om derfan út te gean dat religiositeit en spiritualiteit de minske oanberne is. Dat betsjut dat it yn begjinsel net wat is dat harren troch foarsten of preesters oplein of oanpraat is, mar dat út 'e minsken sels komt, en dêrmei fan alle tiden is en yn alle maatskippijen bestean sil. Los fan 'e fraach oft sokke leauwensoertsjûgings op wierheid berêste, mei oare wurden, oft der wier goaden of in hjirneimels besteane (eat dat de wittenskip bewize noch ûntkrêftsje kin), lykje de measte minsken religy nedich te hawwen om te besykjen útdrukking te jaan oan 'e sin en de mystearjes fan it libben. Religiositeit wurdt dêrom wol beskôge as in wichtige skiedsline tusken minske en bist. Beiden ite, drinke, sliepe, kommunisearje en plantsje har fuort, mar allinne minsken soenen de geastlike fermogens en it selsbewustwêzen hawwe om nei te tinken oer wêr't se wei komme, wêr't se hinne geane en wat de sin fan it libben is.

Aspekten fan religy Leauwen en fertrouwen Mei't religy útgiet fan it boppenatuerlike, is de wierheid derfan ynherint ûnbewiisber. It wichtichste ûnderdiel fan religy is dêrom leauwen yn 'e letterlike sin fan it wurd. Oanhingers fan in religy moatte leauwe yn 'e dingen dêr't sa'n religy foar stiet, mei't dy dingen wittenskiplik sjoen net te bewizen of te ûntkrêftsjen binne. Sokke oanhingers wurde dêrom 'leauwenden' neamd. Leauwen giet yn it ramt fan religy mank mei in flinke poarsje fertrouwen: leauwenden hawwe sels gjin ynfloed op it wier wêzen (of net) fan harren religy, en moatte der dêrom fertrouwen yn hawwe dat de útkomst (bgl. it bestean fan in hegere macht of in libben nei de dea) wêze sil sa't se ferwachtsje.

Libbensbeskôging Religyen omfetsje faak in skiednis, in boadskip en in mytology dy't fêstlein binne yn in hillige tekst. Oare aspekten kinne symboalen en/of hillige plakken wêze, en útlis oer de oarsprong fan it libben, it doel fan it libben en wat der nei it libben komt.

Goaden

Yn 'e measte religyen spilet it leauwen yn it bestean fan ien of mear hypotetyske boppeminsklike wêzens in grutte rol. Sa'n wêzen wurdt yn 'e regel in god of godheid neamd, of goadinne as it in froulik wêzen oanbelanget. Sokke wêzens wurde beskôge as hillich en boppe of bûten de natoer steand. Goaden wurde karakterisearre trochdat se machtiger binne as minsken, ynteraksje hawwe mei minsken (yn positive of negative sin) en minsken ta hegere nivo's fan bewustwêzen bringe kinne.

Yn teïstyske religyen nimme goaden in wichtich plak yn. Polyteïstyske religyen geane út fan it bestean fan ferskate, soms sels ûntelbere, goaden, wylst monoteïstyske religyen úthâlde dat der mar ien God (skreaun mei in haadletter) bestiet. Monolatry is in tuskenfoarm wêrby't de leauwende wol it bestean fan mear goaden erkend, mar net mear as ien inkele god tsjinnet. Henoteïsme is in praktyk wêrby't men alle goaden as ekwivalinte represintaasjes fan ien inkele God beskôget.

Non-teïstyske religyen lizze de klam op oare dingen en beskôgje de ferearing fan goaden fierhinne as yrrelevant, hoewol net direkt problematysk. In groep goaden út ien beskate polyteïstsyske religy is in panteön. De leden fan in panteön hawwe ornaris allegearre harren eigen domein; sa besteane in protte panteöns fierhinne út personifiëarre natoerferskynsels (lykas tonger en wjerljocht, sinne, moanne, wyn en see), maatskiplike fenomenen (lykas oarloch, jacht, lânbou en keningskip) en minsklike emoasjes en fermogens (lykas leafde, kennis en wiisheid).

Mytology

In mytology is in stelsel fan ûnderling ferbânhâldende ferhalen (myten) oer de goaden fan in beskate religy. Yn it deistich spraakgebrûk wurdt benammen it wurd 'myte' faak brûkt foar in fantastyske of ûnbewiisber achte fertelling of bewearing, dêr't men op delsjocht. Net-religieuze lju kinne bgl. it hiele ferskynsel 'religy' as myte weisette, of lju dy't in beskate godstsjinst oanhingje, kinne de religieuze fertellings fan in oare godstsjinst weisette as myten. Dêrmei wurdt bedoeld dat sokke ferhalen minder echt of wier binne as jins eigen. Mytology wurdt sadwaande gauris opfetten as "de religy fan in oar". Yn 'e wittenskip hawwe de termen 'mytology' en 'myte' lykwols neutrale semantyske ladings, dêr't neat delbûgends oan is. In myte is yn 'e wittenskiplike kontekst in ferhaal dat wichtich is foar in beskate leauwensgroep. Oft it wier of bewiisber is, docht wat dat oangiet net ta de saak.

Religieuze praktiken De praktiken fan in religy besteane hast altyd út beskate rituelen en seremoanjes. De wichtichsten dêrfan omfetsje almeast de ferearing fan ien of mear goaden, lykas earetsjinst, offers, preken, gebedens, hjeldagen, sjongen, musisearjen, dûnsjen, of it meitsjen fan keunst (bgl. ikoanen of hilligebylden). Oare rituelen en seremoanjes tsjinje om 'e religy mei it deistich libben fan 'e leauwenden te ferbinen, lykas meditaasje, inisjaasjeriten (doop, besnijenis), trouwerijen, deaderituelen (begraffenis, kremaasje).

Sosjale organisaasje Religyen hawwe faak ek in basis yn 'e maatskippij troch in beskate klasse fan lju dy't him by útstek op 'e religy taleit en út dy hoedanichheid wei oaren bystiet. Men kin dan tinke oan in sjamaan, medisynman, dûmny, pastoar, rabbyn, imaam, ensfh. By sterker en mear sintraal organisearre religyen tsjut men sokke lju as groep faak oan as geastlikheid. Dêr bestiet faak ek it godshûs, in gebou of romte dêr't de leauwenden gearkomme om mei-inoar de earetsjinst te fieren. Sa'n godshûs hjit yn it kristendom de tsjerke, yn it joadendom de synagoge, yn 'e islaam de moskee, yn it hindoeïsme de timpel en yn it boedisme de stoepa.

Yndieling fan religyen Der besteane wrâldwiid nei skatting sa'n 10.000 ûnderskate religyen. Ornaris wurde dy yn 'e godstsjinstwittenskippen yndield yn trije grutte kategoryen: wrâldreligyen (en lytsere, dêroan besibbe religyen) lânseigen religyen nije religieuze bewegings

Oare mooglike yndielings fan religyen binne yn universele religyen, dy't yn prinsipe yn alle kultueren oanhing hawwe kinne, en etnyske religyen, dy't kultuerespesifyk binne, of yn 'e Westerske religyen fan 'e Westerske wrâld en de Easterske religyen fan Súd- en East-Aazje.

Wrâldreligyen en besibbe religyen Wrâldreligyen binne (meastal) gruttere religyen dy't (meastal) universeel binne, oftewol ynternasjonaal en transkultureel. D.w.s. dat de leauwenden út ferskillende lannen en kultueren komme. Se wurde ûnderferdield yn fjouwer geografysk ûnderskate groepen fan godstsjinsten dy't út deselde oarsprong komme of om kulturele redens dingen gemien hawwe. Dêrby giet it om: de Middeneastlike religyen de abrahamityske religyen de Iraanske religyen de Yndyske religyen de Eastaziatyske religyen

Abrahamityske religyen

De abrahamityske religyen binne de Westerske monoteïstyske godstsjinsten wêrfan't troch har leauwenden oannommen wurdt dat se úteinlik weromgeane op it leauwe fan 'e bibelske aartsfaar Abraham. Ta dizze groep hearre de beide grutste religyen fan 'e wrâld, it kristendom en de islaam.

Joadendom

It joadendom is de âldste fan 'e abrahamityske religyen. It ûntjoech him nei alle gedachten net sasear út it leauwe fan 'e aartsfaar Abraham, as wol út in foarm fan monolatry dy't de profeet Mozes nei de Uttocht út Egypte mank de âlde Israeliten yntrodusearre. Dy iere foarm fan it joadendom wurdt it jahwisme neamd, nei de god Jahweh. Dyselde naam meitiid nammentlik in hieltyd promininter plak yn, oant it jahwisme him, wierskynlik ûnder de Babyloanyske Ballingskip yn 'e sechsde iuw f.Kr., ta in monoteïstyske religy ûntjoech. De Torah, dy't de wichtichste joadske hillige teksten omfettet, wie doe al skreaun, mar de Tenach (de Joadske Bibel) as gehiel moast noch foltôge wurde. Letter waard de joadske religieuze literatuer noch oanfolle mei bykommende teksten as de Midrash en de Talmoed.

Under de Romeinske Tiid ûntstie it moderne rabbinale joadendom út 'e maatskiplike opskuor dy't it gefolch wie fan 'e ferwoastging fan 'e Timpel fan Jeruzalim yn 70 n.Kr. en de ferdriuwing fan 'e Joaden út Jeruzalim yn 136. Anno 2015 wiene der wrâldwiid 14,3 miljoen joaden (de oanhingers fan 'e religy; net te betiizjen mei Joaden, in etnyske groep). Dêrfan wenne doe 43% yn Israel en nochris 43% yn 'e Feriene Steaten en Kanada, wylst de rest yn Jeropa en oare dielen fan 'e wrâld tahold. Der binne ferskate streamings binnen it joadendom, wêrfan't it otterdokse joadendom, it konservative joadendom en it reformjoadendom de wichtichsten binne.

Kristendom

It kristendom is in út it joadendom fuortkommen religy dy't basearre is op it libben en de lear fan 'e earste-iuwske profeet Jezus fan Nazaret, fan wa't de kristenen leauwe dat er as Jezus Kristus de Soan fan God en de messias wie. Dyselde soe as God de Soan mei God de Heit en de Hillige Geast diel útmeitsje fan 'e Trije-ienheid, ien ûndielde god besteande út trije persoanen. As de religy fan it Byzantynske Ryk en it Frankyske Ryk yn it earste milennium en fan Jeropa yn 'e tiid fan it kolonialisme is it kristendom oer de hiele wrâld ferspraat rekke. Yn 2010 wie it mei 2,2 miljard oanhingers (kristenen) de grutste godstsjinst fan 'e wrâld.

De wichtichste streamings binnen it kristendom binne: Westersk kristendom katolisisme Roomsk-Katolike Tsjerke: de grutste tsjerke fan 'e wrâld dy't ûnder lieding stiet fan 'e paus fan Rome Eastersk-katolike tsjerken: 23 katolike tsjerken (lykas de Koptysk-Katolike Tsjerke, de Syrysk-Katolike Tsjerke en de Maronityske Tsjerke) dy't eins ta it Easterske kristendom hearre, mar dy't mei de Roomsk-Katolike Tsjerke feriene binne yn 'e Katolike Tsjerke ferskate lytsere, selsstannige katolike tsjerken (lykas de Ald-Katolike Tsjerke en de Frij-Katolike Tsjerke)