thumb|Charlotte Brontë Portret fan George Richmond Charlotte Brontë (Thornton, 21 april 1816 – Haworth, 31 maart 1855) wie in Britske skriuwster.

Libben en wurk Sy hie twa susters dy't ek ferneamde skriuwsters wiene: Anne en Emily. Ek wie der in broer: Branwell Brontë. Harren heit Patrick Brontë wie in predikant fan Iersk komôf. Charlotte brûkte it pseudonym Currer Bell.

Yn 1831 folge sy lessen yn Roe Head en wie twaris in skoft gûvernante. Yn 1842 gong sy mei hat jongere suster Emily, mei wa't se in priveeskoalle begjinne woe, nei it pensjonaat Heger yn Brussel dêr't hja fereale waard op direkteur Constantin Héger. In protte fan har ûnderfinings ferwurke se yn har romans, benammen yn it ferneamd wurden Jane Eyre (1847).

Neidat har suster Emily ferstoarn wie, waard Emily's ferneamde roman Wuthering Heights útbrocht ûnder redaksje fan Charlotte.

Charlotte troude yn juny 1854 mei de helppredikant fan har heit, Arthur Bell Nichols. Noch gjin jier letter stoar sy krekt as Emily oan tuberkuloaze. Neffens in protte biografen soe se lykwols stoarn wêze oan de gefolgen fan hyperemesis gravidarum.Oxford University Press: The death of Charlotte Brontë

Yn 1857 ferskynde har biografy Life of Charlotte Brontë, in wurk fan kollega-skriuwster en freondinne Elizabeth Gaskell. It boek is fral rjochte op de ferhâlding tusken Charlotte's identiteit as skriuwster en har rol as dochter, suster en (troude) frou.

Bekendste wurken Jane Eyre The Professor Shirley Vilette Poems (Currer, Ellis en Acton Bell)

Ferfilmings Jane Eyre

Keppeling om utens Charlotte Brontë — Drawing by George Richmond (National Portrait Gallery) Charlotte Brontë and Her Circle, troch Clement K. Shorter, op Projekt Gutenberg Charlotte's Web Webstee website oer de Brontës

Kategory:Ingelsk romanskriuwer Kategory:Ingelsk dichter Kategory:Ingelsk persoan fan Iersk komôf Kategory:Ingelsk persoan fan Kornysk komôf Kategory:Persoan berne yn 1816 Kategory:Persoan stoarn yn 1855