Foarfallen jannewaris - De Romeinske prins en lettere keizer Karakalla beskuldiget syn hate skoanheit Gajus Fulvius Plautianus, dy't as geunsteling fan syn Karakalla syn heit, keizer Septimius Sevearus, grutte macht krigen hat, fan gearspanning tsjin 'e keizer. Plautianus wurdt dêrop troch de Pretoriaanske Garde oppakt en eksekutearre. Plautilla, de frou fan Karakalla en de dochter fan Plautianus, wurdt nei it eilân Lipary, noardlik fan Sisylje, ferballe. sûnder datum - De Romeinske keizer Septimius Sevearus besiket Leptis Magna, yn Lybje, en lit dêr de haven werbouwe.

Berne datum ûnbekend Plotinus, Gryksk-Egyptysk filosoof († 270) (mooglik berne yn 204)

Ferstoarn 22 jannewaris - Gajus Fulvius Plautianus, Romeinsk politikus en prefekt fan 'e Praetoriaanske Garde (* ±150)

Kategory:3e iuw