thumb|right|200px|Pieter Corneliszoon Hooft Pieter Corneliszoon Hooft, better bekend as P.C. Hooft (Amsterdam, 16 maart 1581 - Den Haach, 21 maaie 1647), wie in skiedkundige, dichter, toanielskriuwer en ek drost fan Muiden en baljuw fan Naarden.

Libben Hooft wie de soan fan Cornelis Hooft, dy't tal fan funksjes yn it bestjoer fan Amsterdam hân hat, ûnder oare dy fan boargemaster. Hooft kin beskôge wurde as ien fan de grûnlizzers fan de serieuze literêre kultuer yn it Nederlânske taalgebiet, nei it foarbyld fan Frankryk en Itaalje.

Nei't er in reis troch Jeropa makke hie studearre er rjocht yn Leien. Hooft waard in eksponint fan de renêssânse yn Nederlân en hie humanstyske ideeën.

Hooft hat twa kear troud west. Yn 1610 boaske er mei Christina van Erp. Nei har dea yn 1624 troude er mei Leonora Hellemans yn 1627.

Muider fermidden Constantijn Huygens, Hooft en Huygens. Kroniek van een vriendschap 1620-1625, in (ed.), Omnibus idem Opstellen over P.C. Hooft ter gelegenheid van zijn driehonderdvijftigste sterfdag, Hilversum, 1997, pp. 69-82. Gerbrand Adriaensz. Bredero, Hooft en Bredero, in (ed.), Omnibus idem Opstellen over P.C. Hooft ter gelegenheid van zijn driehonderdvijftigste sterfdag, Hilversum, 1997, siden. 19-30. Anna Roemersdochter Visscher Jan Piterssoan Sweelinck Maria Tesselschade Visscher Gerardus Vossius Casparus Barlaeus Albert C. Burgh Laurens Reael Roemer Visscher Jan Vos Joost van den Vondel

P.C. Hooft tsjintwurdich De sjike P.C. Hooftstrjitte yn Amsterdam, meast alinnich "de PC" neamd, is nei Hooft ferneamd. Itselde jildt foar de prestizjeuske P.C. Hooft-priis.

Keppeling om utens DBNL auteur - P.C. Hooft Busken Huet - It lân fan Rembrandt

Kategory:Nederlânsk dichter Kategory:Nederlânsk toanielskriuwer Kategory:Nederlânsk skiedkundige Kategory:Nederlânsk publisist Kategory:Muiden Kategory:Naarden Kategory:Persoan berne yn 1581 Kategory:Persoan stoarn yn 1647