Edgar Allan Poe (Boston (Massachusetts), 19 jannewaris 1809 – Baltimore (Marylân), 7 oktober 1849) wie in Amerikaansk skriuwer en dichter. Hy wurke ek as literêr kritikus en redakteur en wie ien fan de grûnlizzers fan de detektiveroman. Hy waard ferneamd om syn mysterieuze en makabere ferhalen en wie de earste bekende Amerikaanske auteur dy't besocht alinne fan de skriuwerij te libjenMeyers, 138Quinn, 305; wat in jildlike krapte en in soad oare swierrichheden yn syn libben fan gefolgen hie.

Biografy Edgar Poe waard berne as soan fan reizgjende akteurs, Eliza Poe en David Poe, Jr., dy't beide stoaren foar't er trije jier wie. Hy hie ek noch in âldere broer en in jonger suske. Poe waard yn 'e hûs naam troch John Allan, in súksesfol sakeman út Richmond, Firginia. Hy waard net offisjeel adoptearre en naam Allen as oan as twadde foarnamme. John Allan bedoar him oan de iene kant, mar koe ek tige strang en agressyf wêze.

Fan 1815 oant 1820 wie er foar ûnderrjocht yn Ingelân. Yn 1826 liet er him ynskriuwe oan de Universiteit fan Virginia, mar koe dêr mar in jier wêze troch jildkrapte. Hy begûn te drinken en te gokken en krige skulden dy't er net ôfbetelje koe dat hy waard fuortstjoerd. Yn 1827 rûn er fuort fan de Allans en gie er it leger yn. Hy sei dat er 22 wie, mar wie noch mar 18 jier en joech in falske namme op, "Edgar A. Perry". Doe't er syn nocht fan it leger hie kaam er mei syn wiere persoanalia en waard er úteinlik ûntslein. (Yn 1830 hat er noch in blau moandei op de militêre akademy Westpoint sitten.)

Dêrnei kaam er te wenjen by syn beppe fan heitekant, syn muoike, Mrs Maria Clemm, en syn nichtsje, Virginia Clemm, yn Baltimore, Maryland. Yn 1836 troude er mei Virginia, dy't doe 13 jier wie, mar de trou-akte joech har 22 jier. Hy gie oan 't wurk as redakteur en literêr kritikus en sette doe ek útein mei it skriuwen fan ferhalen en gedichten, mar sûnder in soad súkses te beheljen. Ut reden dêrfan hat er him doe earst talein op it skriuwen fan proaza dat yn 'e krante publisearre waard. Earst mei de publikaasje fan syn gedicht The Raven yn 1845 krige er fuortendaliks literêre erkenning. (Hy barde $9 foar de publikaasje.Ostrom, John Ward. "Edgar A. Poe: His Income as Literary Entrepreneur", Poe Studies 5.1 (1982): 5) left|thumb|200px|Poe boaske syn nichtsje fan 13, Virginia Eliza Clemm-Poe. Har betide dea kin de ynspiraasje- boarne fan guon gedichten west hawwe.

Yn 1847 stoar Virginia oan tuberkuloaze. Nei har dea moast Poe belies jaan yn syn striid tsjin drank en ferdôvjende middels en yn 1848 besocht er himsels fan kant te meitsjen. Hy hat noch efkes ferkearing hân mei de dichteresse Sarah Helen Whitman, mar dat rûn rillegau stikken, mei troch Poe's ferslaving en syn dêrút fuorkommende nuvere hâlden en kearen. It jier dêrnei wie er trije dagen net te finen en waard er yn de goate earne yn Baltimore werom fûn, yn dwilerige tastân. In pear dagen letter stoar er yn it Washington College Hospital. Poe hat nea lang genôch helder west om te ferklearjen hoe't it safier mei him kaam wie en werom at er syn eigen klean net oan hie. Neffens it ûndersyk fan de Amerikaanske skriuwer Matthew Pearl soe Poe stoarn wêze oan de gefolgen fan in breintumor.NRC Boeken, "Edgar Allen Poe zou gestorven zijn aan hersentumor", 22 oktober 2007 Pearl skreau earder "The Poe Shadow", in histoaryske detektiveroman, dêr't er Poe syn dea yn beskriuwt.

Ynfloed Poe's bysûndere en faak nachtmerje-eftige wurk wie fan grutte ynfloed op ferskillende horror- en fantasysjenres. Hy wurdt ek beskôge as de grûnlizzer fan it detektive-sjenre mei syn trije ferhalen mei Auguste Dupin yn de haadrol. Arthur Conan Doyle waard bygelyks fan him beynfloede sa't bliken docht yn The Hound of the Baskervilles.

Poe syn literêre reputaasje wie bûten de FS grutter as yn de FS sels, faaks om't it makabere karakter fan syn wurk de befolking dêre minder oanspruts. Rufus Griswold waard nei Poe syn dea, op ien as oare wize, syn agint, mar wie ek in rivaal en in fijân. Griswold hie nammentlik Memoires fan de skriuwer útbrocht, dêr't Poe yn ôfskildere waard as in sûper en in opiumferslaafde; dat makke him net populêr yn Amerikaanske literêre fermiddens. thumb|200px|right|Edgar Allan Poe is begroeven yn Baltimore. De omstannichheden bliuwe ûndúdlik.

Yn Frankryk, dêr't er oer it generaal as "Edgar Poe" bekend is, waarden syn ferhalen en in stikmannich gedichten oerset troch Charles Baudelaire. Baudelaire syn goede oersettings hawwe makke dat Poe populêr waard by de Frânske avant-gardeskriuwers. Skriuwers sa as Algernon Charles Swinburne waarden sterk beynfloede troch syn wurk. Poe waard ek wurdearre troch de symbolisten, en Stéphane Mallarmé droech ferskate gedichten oan him op.

Neist de literêre en poëtyske kant hie Poe ek niget oan filosofyske en wittenskiplike fraachstikken. Dit lêste docht it bêst bliken út it yn 1848 skreaune Eureka, in essay oer it materiële en spirituele universum.

Wurk Gedichten 1824 – Poetry 1825 – O, Tempora! O, Mores! 1827 – Tamerlane 1827 – Song 1827 – Imitation 1827 – A Dream 1827 – The Lake 1827 – Spirits of the Dead 1827 – Evening Star 1827 – Dreams 1827 – Stanzas 1827 – The Happiest Day ±1827 – To Margaret 1829 – Alone 20px Fryske oersetting: Allinne (fert. Janneke Spoelstra, 2008) 1829 – To the River ―― 1829 – To ―― (begjinregel: The bowers whereat, in dreams...) 1829 – To ―― (begjinregel: Should my early life seem...) 1829 – Romance 1829 – Fairy-Land 1829 – To Science 1829 – Al Aaraaf 1829 – An Acrostic 1829 – Elizabeth ±1829 – To Isaac Lea 1831 – To Helen (op 'e nij besjoen yn 1845) 20px Fryske oersetting: Foar Helen (fert. Klaes Dykstra, 1949) 1831 – A Paean 1831 – The Sleeper 1831 – The City in the Sea 1831 – The Valley of Unrest 20px Fryske oersetting: De Fallei fan de Ungeduerigens (fert. Jan Schotanus, 2008) 1831 – Israfel 1833 – Enigma 1833 – Fanny 1833 – The Coliseum 1833 – Serenade 1834 – To One in Paradise 1835 – Hymn 20px Fryske oersetting: Hymne (fert. Herman Peenstra, 2008) 1835 – To Elizabeth ±1836 – May Queen Ode 1836 – Spiritual Song 1836 – Latin Hymn 1837 – Bridal Ballad 1837 – To Zante 1839 – The Haunted Palace 1840 – Silence – A Sonnet 1843 – Lines on Joe Locke 1843 – The Conqueror Worm 1843 – Lenore 1844 – A Campaign Song 1844 – Dream-Land 1844 – Impromptu – To Kate Carol 1845 – To F―― (koarte tiid letter werpublisearre as To Frances) 1845 – Eulalie 1845 – Epigram for Wall Street 1845 – The Raven 20px Fryske oersetting: De Ballade fan de Raven (fert. Douwe Tamminga, 1949) 20px Fryske oersetting: De Raven (fert. Redbad Veenbaas, 2008) 1845 – The Divine Right of Kings 1846 – A Valentine 1847 – Beloved Phycisian 1847 – Deep in Earth 1847 – To M. L. S―― (1847) 1847 – Ulalume 20px Fryske oersetting: Ulalûm (fert. Klaes Dykstra, 1949) 1848 – Lines on Ale 1848 – To Marie Louise 1848 – An Enigma 1849 – A Dream Within a Dream 20px Fryske oersetting: In Dream yn in Dream (fert. Herman Peenstra, 2008) 1849 – Eldorado 20px Fryske oersetting: Eldorado (fert. Herman Peenstra, 2008) 1849 – For Annie 1849 – To My Mother 1849 – Annabel Lee 20px Fryske oersetting: Annabel Lee (fert. Dam Jaarsma, 1949) 20px Fryske oersetting: Auck van der Leij (fert. Janneke Spoelstra, 2008) 1849 – The Bells

Proaza Koarte ferhalen 1832 – Metzengerstein 1832 – Le Duc De L'Omelette 1832 – A Tale of Jerusalem 1832 – Loss of Breath 1832 – Bon-Bon 1833 – MS. Found in a Bottle 1834 – The Assignation 1835 – Berenice 1835 – Morella 1835 – Lionizing 1835 – The Unparalleled Adventure of One Hans Pfaall 1835 – King Pest 1835 – Shadow – A Parable 1836 – Four Beasts in One – The Homo-Cameleopard 1837 – Mystification 1838 – Silence – A Fable 1838 – Ligeia 1838 – How to Write a "Blackwood" Article 1838 – A Predicament 1839 – The Devil in the Belfry 1839 – The Man That Was Used Up 1839 – The Fall of the House of Usher 1839 – William Wilson 1839 – The Conversation of Eiros and Charmion 1840 – Why the Little Frenchman Wears His Hand in a Sling 1840 – The Business Man 1840 – The Man of the Crowd 1841 – The Murders in the Rue Morgue (detektiveferhaal mei C. Auguste Dupin yn 'e haadrol) 1841 – A Descent into the Maelström 1841 – The Island of the Fay 1841 – The Colloquy of Monos and Una 1841 – Never Bet the Devel Your Head 1841 – Eleonora 1841 – Three Sundays in a Week 1842 – The Oval Portrait 1842 – The Masque of the Red Death 1842 – The Landscape Garden 1842 – The Mystery of Marie Rogêt (detektiveferhaal mei C. Auguste Dupin yn 'e haadrol) 1842 – The Pit and the Pendulum 20px Fryske oersetting: De Skacht en de Slinger (fert. Anne Tjerk Popkema, 2014) 1842 – Who is the Murderer (auteurskip ûnwis) 1843 – The Tell-Tale Heart 20px Fryske oersetting: It Blaaibek Hert (fert. Tryntsje van der Zee, 2012) 1843 – The Gold-Bug 1843 – The Black Cat 20px Fryske oersetting: De Swarte Kat (fert. Inne de Jong, 1949) 1843 – Diddling 1844 – The Spectacles 1844 – A Tale of the Ragged Mountains 1844 – The Premature Burial 1844 – Mesmeric Revelation 1844 – The Oblong Box 1844 – The Angel of the Odd 1844 – Thou Art the Man 1844 – The Literary Life of Thingum Bob, Esq. 1844 – The Purloined Letter (detektiveferhaal mei C. Auguste Dupin yn 'e haadrol) 20px Fryske oersetting: De Stellen Brief (fert. Lieuwe H. Bouma, 1989) 1845 – The Thousand-and-Second Tale of Scheherazade 1845 – Some Words with a Mummy 1845 – The Power of Words 1845 – The Imp of the Perverse 1845 – The System of Doctor Tarr and Professor Fether 1845 – The Facts in the Case of Mr. Valdemar 1846 – The Sfinx 1846 – The Cask of Amontillado 1847 – The Domain of Arnheim 1849 – Mellonta tauta 1849 – Hop-frog 1849 – Von Kempelen and His Discovery 1849 – X-in a Paragrab 1849 – Landor's Cottage

Essay's 1836 – Maelzel's Chess Player 1840 – The Philosophy of Furniture 1841 – A Few Words on Secret Writing 1844 – Morning on the Wissahiccon 1844 – The Balloon-Hoax 1846 – The Philosophy of Composition 1848 – Eureka – A Prose Poem 1848 – The Rationale of Verse 1838 – The Poetic Principle

Oar 1835/36 – Politian (toanielstik; ûnfoltôge) 1838 – The Narrative of Arthur Gordon Pym of Nantucket (roman) 1839 – The Conchologist's First Book (in wittenskiplik boek oer seeskelpen dêr't Poe syn namme foar liende, mar dat er sels net skreau) 1840 – The Journal of Julius Rodman (roman; ûnfoltôge) 1849 – The Lighthouse (in ûnfoltôge wurk dat mooglik as koart ferhaal, mar miskien ek wol as roman bedoeld wie)

Ferskaat Yn 1976 brocht de Britske band The Alan Parsons Project it album Tales of mystery and imagination út, mei muzikale bewurkingen fan in tal ferhalen fan Poe.

Keppeling om utens Offisjele webside fan it Edgar Allan Poe Museum, yn Richmond (Firginia) Project Gutenberg e-teksten fan ferskillend wurk fan Edgar Allan Poe In stikmannich ferhalen en gedichten Ynformaasje oer Poe fan The Edgar Allan Poe Society fan Baltimore Edgar Allan Poe Awards Database Foarlêsferhaal (mp3)

Kategory:Amerikaansk dichter Kategory:Amerikaansk koarte-ferhaleskriuwer Kategory:Amerikaansk romanskriuwer Kategory:Amerikaansk misdieskriuwer Kategory:Amerikaansk horrorskriuwer Kategory:Amerikaansk essayist Kategory:Amerikaansk literatuerkritikus Kategory:Skriuwer fan wa't ien of mear wurken yn it Frysk oerset binne Kategory:Amerikaansk persoan fan Ingelsk komôf Kategory:Persoan berne yn 1809 Kategory:Persoan stoarn yn 1849